Reynkarnaasje

Ut Wikipedy
Reynkarnaasje útbylde yn keunst

Reynkarnaasje of werberte (Latyn, "op 'e nij yn it fleis"; Gryksk metempsychôsis, "op 'e nij besiele", dêrfandinne "sielsferhuzing") is it leauwen dat it net lichaamlike part fan in libjend wêzen (yn de westerske wiisbegearte trochstrings siel neamd) nei de dea net ophâldt te bestean mar op 'e nij berne wurdt. It idee fan werberte bestiet al sûnt tûzenen jierren foar Kristus en komt foar yn alderlei religys en kultueren oer de hiele wrâld.

Yn Religys[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reynkarnaasje wurdt meastal rekkene ta de religys fan it hindoeïsme en boedisme. Yn dizze religys is it sterk besibbe mei it begryp karma. Oer it generaal wize Kristenen it idee fan werberte yn it fleis ôf, omdat foar harren werberte geastlik beskôge wurdt. Lykwols binne der in soad kristenen dy't der net ôfwizend tsjinoer stean.

Reynkarnaasje komt fierders foaral foar yn de New Age bewegingen en by guon Yndiaanske religys fan Noard- en Súd-Amerika. Yn it Joadendom wurdt reynkarnaasje 'Gilgal' neamd.