Woodfield Mall
Woodfield Mall | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Illinois | |
county | Cook County | |
plak | Schaumburg | |
koördinaten | 42°02′48″ N 88°02′13″ W | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | winkelsintrum | |
boujier | 1971 | |
arsjitekt | Charles Luckman | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 199.793,3 m² | |
tal ferdjippings | 3 | |
offisjele webside | ||
www.shopwoodfield.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn 'e stêdekloft fan Chicago.
|
De Woodfield Mall is in winkelsintrum yn Schaumburg, in foarstêd fan Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. It stiet oan 'e krusing fan Golf Road mei de autosneldyk Interstate 290. De Woodfield Mall waard yn 1971 boud en is mei in oerflak fan krapoan 200.000 m² it grutste winkelsintrum fan Illinois. It stiet op likernôch 43 km noardwestlik fan 'e binnenstêd fan Chicago en omfiemet 234 ûnderskate winkels en restaurants. Op jierbasis komme der mear as 27 miljoen besikers del, en it is sadwaande in wichtige toeristyske attraksje yn Illinois. Yn 2000 keazen de ynwenners fan Chicago de Woodfield Mall út as harren favorite bestimming yn 'e foarstêden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Woodfield Mall is ferneamd nei generaal Robert E. Wood, de eardere foarsitter fan 'e ried fan bestjoer fan 'e warehûskeatling Sears, en Marshall Field, de oprjochter fan in oare warehûskeatling, Marshall Field's. It oarspronklike gebou waard, nei in ûntwerp fan arsjitekt Charles Luckman, boud op wat earder in stik prêrje mei in doarpskafee wie. It winkelsintrum waard op 9 desimber 1971 feestlik iepene yn oanwêzichheid fan û.o. sjongster Carol Lawrence, akteur Vincent Price en twa muzykkorpsen. It omfieme doe 59 winkels mei in mienskiplik oerflak fan 180.000 m², en wie it grutste winkelsintrum fan 'e Feriene Steaten en, nei't beweard waard, fan 'e wrâld.
Tsjin 1973 wiene der al 189 winkels yn 'e Woodfield Mall, en teffens kaam op it terrein doe in wettertoer te stean fan goed 41 m heech, dy't sawol it winkelsintrum sels, as de rest fan Schaumburg fan drinkwetter foarseach. Ek waard der in iisbaan ûnder it binnenplak oanlein. Yn 1991 waard fuort njonken de Woodfield Mall in lytser winkelsintrum oanlein, One Schaumburg Place. Dat waard yn 1999 en 2000 lykwols wer ôfbrutsen en ferfongen troch in winkelstrjitte yn 'e iepen loft, The Streets of Woodfield. Yn 'e mande mei Woodfield Village Green foarmje The Streets of Woodfield en de Woodfield Mall no in trijetal gearwurkjende winkelakkomodaasjes.
Yn 1985 krige de Woodfield Mall syn eigen bioskoop, The Woodfield Mall Cinemas, dy't fiif filmsealen omfieme. Der wiene doedestiden ek in pear frijsteande bioskopen by it winkelsintrum, Woodfield Theatres 1 & 2 en Woodfield Theatres 3 & 4, dy't neitiid beide sletten en sloopt binne. The Woodfield Mall Cinemas gie yn 2000 ticht. De iennichste bioskoop wie dêrnei The Loews Theatres, yn The Streets of Woodfield, dy't yn 1999 iepengie en yn 2016 oernommen waard ta AMC Theatres. Op it plak fan 'e eardere Woodfield Mall Cinemas is no de Improv Comedy Club fêstige (foar stand-up comedy), de earste yn Illinois.
Yn 1995 waard de Woodfield Mall útwreide mei in nije fleugel, dy't $110 miljoen koste en romte hie foar 50 nije winkels. Dêrmei kaam it oerflak fan it winkelsintrum 199.793,3 m², hoewol't it yn 2001 likegoed noch mar it op alve nei grutste winkelsintrum fan 'e Feriene Steaten wie. Wol is it anno 2018 noch altyd it grutste yn 'e steat Illinois. Yn 2004 waarden de fonteinen, de wetterfal en de akwaria mei fisken út 'e hal fan it winkelsintrum fuorthelle, dêr't se desennia lang in fêst plak hân hiene. Yn 2015 waard de Woodfield Mall foar $13,8 miljoen renovearre.
Eigners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It winkelsintrum wie oarspronklik eigendom fan Taubman Centers, dy't it letter ferkochten oan CalPERS, Miller Capital Advisory en GM Pension Trusts. Taubman gie lykwols troch mei it runnen fan it winkelsintrum oant GM Pension Trusts syn oandiel (fan 50%) ein 2012 ferkocht oan 'e Simon Property Group. Dy naam per 1 jannewaris 2013 it management fan it winkelsintrum fan Taubman oer.
Winkels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste winkels yn 'e Woodfield Mall binne filialen fan J.C. Penney, Lord & Taylor, Macy's, Nordstrom, H&M, Arhaus en Sears, dy't allegear harren eigen fleugel hawwe. It filiaal fan it warehûs Sears yn 'e Woodfield Mall is it grutste yn 'e Feriene Steaten, mei in oerflak fan 38.600 m². Foarbylden fan oare saken yn it winkelsintrum binne: Abercrombie & Fitch, Apple Store, Blaze Pizza, The Cheesecake Factory, Chipotle Mexican Grill, Victoria's Secret, Foot Locker, Hot Topic, McDonald's, Microsoft Store, Olive Garden, Uncle Julio's en Zara.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
yngong
-
ynterieur
-
ynterieur
-
Woodfield Mall yn 1973
-
útsjoch op 'e Woodfield Mall
-
loftfoto
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|