Chipotle Mexican Grill

Ut Wikipedy
Chipotle Mexican Grill yn Bradon, Floarida

Chipotle Mexican Grill, Inc. is in keatling fan Amerikaanske fastfoodrestaurants mei fêstigings yn de Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Kanada, Dútslân en Frankryk. It bedriuw waard july 1993 oprjochte troch Steve Ells en is spesjalisearre yn Meksikaansk iten lykas tako's en burrito's.

Doe't yn 1998 McDonald's Corporation in wichtige jildsjitter waard, hie Chipotle 16 restaurants (doe allegear yn Kolorado), wylst dat hjoeddedei mear as 2.000 binne. McDonald's is sûnt 2006 lykwols net mear oan it bedriuw ferbûn.

Yn 2015 makke Chipotle in omset fan rom €400 miljoen en hie it mear as 45.000 meiwurkers.