Springe nei ynhâld

Wilhelm Gustloff (skip)

Ut Wikipedy
Wilhelm Gustloff
De Wilhelm Gustloff oan de kaai yn Dantzig
De Wilhelm Gustloff oan de kaai yn Dantzig
algemiene ynformaasje
flagge Dútske Ryk
thúshaven Hamburch
eigner Deutsche Arbeitsfront
skiednis
werf Blohm & Voss, Hamburch
tewetterlitting 5 maaie 1937
yn de feart 15 maart 1938
út tsjinst 30 jannewaris 1945
status Sonken en tsjintwurdich kriichsmonumint
bysûnderheden en sifers
type 1938–1939 passazjiersskip
1939–1940 lazaret
1940–1945 troepeskip
lingte 208,9 meter
breedte 23,5 meter
djipgong 6,5 meter
passazjiers 1.465 (lykas ûntwurpen) yn 489 hutten
oandriuwing 4 × 8-sylinder MAN diselmotors
2 x 4 fjouwerblêdige skroeven
maks. faasje 15,5 kn (28,7 km/o)
bewapening 3 × 105 mm (4.1 in) loftôfwargeskut
8 × 20 mm (0.79 in) fluchfjoerkanonnen

De Wilhelm Gustloff wie in passazjiersskip fan de nasjonaalsosjalistyske organisaasje Deutsche Arbeitsfront (DAF). It motorskip waard troch de organisaasje Kraft durch Freide (KdF) brûkt foar fakânsjereizen. Nei it begjin fan de Twadde Wrâldkriich op 1 septimber 1939 waard it skip mei oare skippen fan de KdF troch de marine brûkt as lazaretskip en om troepen oer te setten.

Op 30 jannewaris 1945 waard it skip foar de kust fan Pommeren rekke troch in torpedo fan de Sovjet-ûnderseeboat S-13. De rûzings binne dat der by it sinken fan de Wilhelm Gustloff tusken de 4.000 en mear 9.000 minsken omkommen binne. It wurdt yn de skiednis fan de seefeart as ien fan de grutste humanitêre rampen beskôge.

De Wilhelm Gustloff waard yn opdracht fan it Deutsche Arbeitsfront troch Blohm & Voss yn Hamburch boud. Eigner wie dus de DAF, mar foar de eksploitaasje fan it skip wie de Hamburg Südamerikanische Dampfschifffahrts-Gesellschaft ferantwurdlik.

In grut model fan it skip tsjinne yn maaie 1937 as praalwein yn in optocht fan de KdF yn Hamburch. It skip waard op 5 maaie 1937 te wetter litten. De doop fan it skip waard troch Hedwig Gustloff útfierd, de widdo fan de nasjonaalsosjalistyske martler Wilhelm Gustloff. By dy geledenheid wie ek Adolf Hitler oanwêzich.

Swimbad

It skip hie gjin aparte klassen en de ynrjochting fan de kabines wiene foar gasten en bemanning allyk. It ynterieur wie troch de arsjitekt Woldemar Brinkmann ûntwurpen. Foar de passazjiers wiene der 224 kabines mei twa en 233 kabines mei fjouwer bêden (resp. mei ien of twa stapelbêden). Foar gruttere famyljes wiene mear kabines mei stapelbêden reservearre. In kabine hie foar eltse gast in eigen kleankast en fierder ien of twa waskbakken mei kâlt en waarm wetter en in sithoek. It oare sanitêr (w.c.'s en dûsen) leine bûten de kabines en wiene foar de bemanning en gasten skieden. Alle passazjiers en bemanning hiene kabines oan de bûtenkant mei in patriispoarte.

Allinne ûnder de wetterline lei der noch in dek mei in swimbad yn in grutte romte mei 60 sitplakken ek noch seis sliepromtes sûnder patriispoarten. Dy sliepromtes hiene elts fiif stapelbêden en diene tsjinst as in soarte fan driuwende jeuchdherberch foar de Hitlerjugend (HJ) en de Bund Deutscher Mädel (BdM).

Foar de skipslieding en guon oare beroppen wiene der 40 ienpersoanskabines. De rest fan de bemanning waard ferdield oer 39 twapersoans- en 77 fjouwerpersoanskabines.

Op it B-dek wiene oan bakboard de Führer-keamers, dy't lykwols nea troch Hilter en syn gefolch brûkt waarden. Foar Hitler's Begleitkommando wiene der twa kabines mei fjouwer bêden. Foar de Führer sels wie der in 25 m² grutte keamer en in grutte sliepkeamer en in aparte waskromte mei dûs en tobbe. Fierder nei achter wie der ek noch in lytsere romte foar de NSDAP-rykslieder Robert Ley.

Meiïnoar wie der op it skip plak foar maksimaal 1.471 gasten en 426 bemanningsleden. Foar dy 1.897 minsken wiene der 22 reddingsboaten. De reddingsboaten hiene byinoar plak foar 1.918 minsken. Op de lêste reis fan de Wilhelm Gustloff wiene lykwols net alle reddingsboaten mear oanwêzich

De Wilhelm Gustloff wie ûntwurpen as passazjiersskip, mar by de bou waard fan it begjin ôf oan rekken holden dat it ek as hospitaalskip brûkt wurde koe.

Gebrûk oant 1940

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wilhelm Gustloff as lazaretskip

De earste reis fan de Wilhelm Gustloff gyng op Londen oan, dêr't it skip op 2 april 1938 oan kaam. Dêr krigen Dútsers en Eastenrikers de kâns om harren stim te jaan foar de op 10 april organisearre ferkiezings foar de Ryksdei.

Oant it begjin fan de Twadde Wrâldkriich bleau de Wilhelm Gustloff yn gebrûk as fakânsjeskip fan Kraft durch Freude. Yn maaie 1939 brocht it skip ek soldaten fan de Legion Condor, it Dútsk frijwilligerslegioen dat Franco yn de boargerkriich meiholp, fan Spanje werom nei Hamburch. De lêste fakânsjereis fan de Wilhelm Gustloff wie fan 19 oant 25 augustus fan Hamburch nei Noarwegen.

De Wilhelm Gustloff bringt ferwûne Dútsers werom nei de Slach om Narvik"

Op 22 septimber 1939 waard it skip as lazaretskip oerdroegen oan de marine. By de besetting fan Noarwegen yn de maaitiid fan 1940 tsjinne it skip om ferwûne soldaten werom te bringen nei de Heimat. Op 20 novimber waard it skip in loazjemint foar de Twadde Underseeboatleardivyzje yn Gotenhafen. Foar dat doel waard it skip begjin 1941 oerskildere yn in marinegrize kleur.

It najonaalsosjalistyske rezjym woe neat witte fan in iere evakuaasje fan East-Prusen en nei't it Reade Leger der yn slagge troch it eastlike front hinne te brekken, rekken oan it begjin fan 1945 in soad ynwenners isolearre fan de rest fan it Ryk. Op 21 jannewaris 1945 joech admiraal Hans-Georg von Friedeburg opdracht om de Twadde Underseeboatleardivyzje yn Gotenhafen nei it westen ta te ferhûzjen. Dat wie it begjin fan in lange rige fan skipstransporten, dy't ferwûne soldaten nei it westen bringe moasten. Undertusken waard it ek tastien ynwenners fan it ôfsniene gebiet mei te nimmen. Op dat stuit wennen dêr likernôch 2,5 miljoen Dútsers yn it fan it Ryk isolearre gebiet.

Evakuaasje yn 1945

Ek de Wilhelm Gustloff wurke mei oan de evakuaasje en op 30 jannewaris 1945 ferliet it skip mei likernôch 10.000 minsken Gotenhafen. It krekte tal minsken op it skip is fanwegen de grutte hast fan de operaasje net bekend. Neffens opjeften fan in ofsier 50 jier letter wiene der offisjeel 7.956 minsken registrearre, mar nei telling krongen noch sa'n 2.500 minsken oan board. Op basis dêrfan is in rûzing fan 10.300 passazjiers reeel: likernôch 8.800 boargers en in grut tal bern, 1.500 famyljeleden fan de Wehrmacht (wêrûnder 162 ferwûnen) en fierder it marinepersoniel fan de Twadde Underseeboatleardivyzje, dat yn Kiel op 'e nij foar de oarloch stasjonearre wurde soe.

Om de Wilhelm Gustloff te beskermjen wiene der earst noch twa oare skippen, dêrnei allinne noch de torpedoboat Löwe.

De Undergong fan de Gustloff
Vladimir Kosov

De Wilhelm Gustloff ward om 21.00 oere hinne troch de Sovjet-ûnderseeboat S-13 by Stolpmünde ûntdutsen. Om 21:16 liet syn kommandant, Aleksander Ivanovitsj Marinesko, fjouwer torpedo's ôffjurje fan in ôfstân fan likernôch 700 meter. Trije torpedo's rekken de Wilhelm Gustloff op de boech, ûnder it E-dek en yn de masjinekeamer. In oer letter om 22:15 oer hinne sonk it skip op likernôch 23 seemilen fan de Pommerske kust.

Fuort nei it reitsjen fan it skip liet kapitein Petersen in needgjalp útstjoere. It skip hie trije kommunikaasjeynstallaasjes mei in grut berik, mar om't der gjin stream wie wurke gjinien mear en boppedat wiene de buizen fan de stjoerders troch de eksploazjes skeind. Mei in draachbere walkietalkie waard ek besocht om in needoprop út te stjoeren, mar dy hie mar in tige beheind berik. De Löwe soe de oprop noch ûnfange kinne, mar op it stuit fan de ûndergong wie it stasjon dêr net beset. Pas nei it ôfsjitten fan reade needsinjalen, kaam de Löwe yn aksje.

De boaten dy't holpen by it bergjen fan de slachtoffers koene mar 1.252 helpe. Dêrûnder wiene alle fjouwer kapteins en de marineskilder Adolf Bock, fan wa't letter rapporten en foto's yn bygelyks de Stern publisearre waarden. De Löwe koe 472 minsten út it wetter of fan boaten en flotten rêde. De floattorpedoboat T-36 helle 564 minsken út 't wetter en waard by de rêding noch oanfallen troch de S-13, mar koe him ferdigenje mei djiptebommen sadat de S-13 it opjoech. Lytsere oantallen minsken waarden troch oare boaten holpen.

De sifers fan Gustloff-ekspert Heinz Schön dat 1.239 minsken de ramp oerlibben, wurde tsjintwurdich as wis beskôge. Der waarden lykwols mear minsken út it wetter helle, mar 13 dêrfan ferstoaren letter noch oan de gefolgen.

Oare rampen fan boaten mei Dútske flechtlingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deselde Sovjet-ûnderseeboat liet op 9 febrewaris 1945 ek de Steuben mei likernôch 4.000 minsken sinke. In oare ûnderseeboat, de L-3, torpedearre op 16 april 1945 de troepenferfierder Goya, dy't ek in soad flechtlingen oan board hie. Dêrby ferstoaren likernôch 7000 minsken.

Oantinkens fan de Gustloff yn it LVR-Niederrheinmuseum Wesel

It wrak fan de sonken Wilhelm Gustloff leit op 42 meter djipte yn Poalsk wetter. Neffens ynternasjonaal rjocht is it skip fan Dútslân, mar is Poalen ferantwurdlik foar de beskerming fan it monumint.

De Poalske kustwacht hat yn 1979 de skipsklok út it wrak helle. Tsjintwurdich is de klok yn it Museum fan de Twadde Wrâldkriich fan Dantzig te sjen.

Yn it LVR-Niederrheinmuseum Wesel binne yn de Sitadel fan Wesel as ûnderdiel fan de Abresch-samling ferskillende oantinkens fan de Wilhelm Gustloff te sjen.

It ynternasjonale Maritime Museum Hamburg hat in ien meter lang model fan de boat en twa oantinkens: in reddingsbân en in menukaart.

It Marinemonumint yn Laboe ynformearret yn de betinkingsromte Flucht über See mei dokumintaasje oer de ûndergong fan de Gustloff.

  • 'Die Gustloff' is in ferfilming fan de ramp út 2008 fan de regisseur Joseph Vilsmaier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Wilhelm Gustloff (Schiff)