Wilhelm Gustloff
Wilhelm Gustloff (berne op 30 jannewaris 1895 yn Schwerin, ferstoarn op 4 febrewaris 1936 yn Davos) wie in Landesgruppenleiter fan de NSDAP-Auslandsorganisation yn Switserlân.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gustloff wie eartiids oplaat as bankman. Syn sûnens wie net te bêst en de man hie lêst fan groanyske longkwalen en ûntstekkings oan 'e halsknoarre. Dêrfandinne hoechde Gustloff yn de Earste Wrâldkriich net yn tsjinst. Yn 1917 ferhuze er nei Switserlân om yn Davos fan syn longkwalen better te wurden. Dêrnei bleau er yn Switserlân en yn 1923 troude er yn Schwerin mei Hedwig Schoknecht. Tegearre krigen hja gjin bern.
NSDAP-er
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gustloff waard yn 1921 lid fan de Deutschvölkischer Schutz- und Trutzbund en yn 1929 waard er lid fan de NSDAP. Sûnt 1932 wie Gustloff Landesgruppenleiter fan de NSDAP/AO yn Switserlân. Nei de nasjonaalsosjalistyske machtsoername yn jannewaris 1933 boude Gustloff in net fan nasjonaalsosjalistyske sintra op yn Bern, Glarus, Lausanne en Zuoz. Ek waarden Ortsgruppen yn Davos, Lugano, Zürich en Basel stifte. Healwei 1934 wiene der al 27 sintra, 14 Ortsgruppen en op sân plakken wiene der Hitler Jugend- en Bund Deutsche Mädel-, groepen. Hy slagge der yn fjouwer jier tiid yn om ûnder de 100.000 Dútske ynwenners yn Switserlân mear as 5000 minsken lid te meitsjen fan de NSDAP.
De oanslach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Gustloff yn Davos werom kaam út Berlyn, dêr't er syn jierdei fierde op de datum dat Adolf Hitler yn 1933 ta rykskânsler beneamd waard, skeat de joadske studint David Frankfurter him op 4 febrewaris 1936 dea yn syn appartemint. Nei Frankfurter's frijlitteng yn de simmer fan 1945 sei dy dat er eins net Gustloff ombringe woe, mar Adolf Hitler: 'Dat wie myn earste plan, mar it wie net te dwaan".
De nasjonaalsosjalityske propaganda makke fan Wilhelm Gustloff in 'martler fan de beweging'. Syn kiste waard mei in spesjale trein nei it Reich helle. Tagelyk woene de nasjonaalsosjalisten fanwegen de spande sitewaasje op it mêd fan bûtenlânsk belied en it útein setten fan de Olympyske Winterspullen yn Garmisch-Partenkirchen op 6 febrewaris gjin gedoch yn it Reich. Op 5 febrewaris 1936 ferbea Wilhelm Frick yndividuele aksjes tsjin joaden en hy feroardene de iepenbiere feiligens en oarder te hanthavenjen. Ek Adolf Hitler hold him yn syn taspraak op de begraffenis fan Gustloff yn Schwerin yn en bleau neffens wat men fan him wend wie relatyf reservearre. Wol easke Hitler al gau in wetsfoarstel foar in spesjale joadenbelesting en dêrmei op te sjitten, sadat de wet nei it ôfsluten fan it Gustloff-proses fuort oankundige wurde koe. Neffens de Britske histoarikus Ian Kershaw levere it útbliuwen fan in weach fan anty-joadsk geweld it bewiis dat it rezjym hiel goed yn steat wie om, as dat sa útkaam, de radikale partijleden yn de stokken te hâlden.
Yn 1937 waard it nijste en grutste passazjierskip fan de nasjonaalsosjalistyske organisaasje Deutsche Arbeitsfront ferneamd nei Wilhelm Gustloff. Syn widdo doopte yn bywêzichens fan Adolf Hitler it skip. Hja wie foar har houlik mei Gustloff oant 8 novimber 1923 Hitler's sekretaresse west en krige fan Hitler persoanlik alle moannen in earepensioen fan RM 400,00. It skip waard op 30 jannewaris, op de jierdei fan Wilhelm Gustloff, troch in Sovjet-ûnderseeër torpedearre en ta sinken brocht.
Yn guon plakken waarden yn it Ryk strjitten ferneamd nei Gustloff, dy't letter wer in oare namme krigen. Yn Düsseldorf waard de tsjintwurdige wenwyk 'Nordparksiedlung' yn 1936 nei Gustloff ferneamd. Yn Schwerin waard foar Gustlof in monumint oprjochte en syn urn byset yn de fundearring fan in fjildstien. It monumint en de fjildstien binne yn 1947 opblaasd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Wilhelm Gustloff
|