Underseeboat

Ut Wikipedy
USS Chicago (SSN 721) op periskoop-djipte by Maleizje

In ûnderseeboat, ûnderseeër of dûkboat, is in fartúch dat ûnder wetter farre kin. Troch dy eigenskip is er foar minsken dy't oan de oerflakte farre mei it each net te sjen. Militêre dûkboaten binne dêrtroch faak lestich op te spoaren, ek omdat sy harren ferstopje oant sy opdracht krije om oan te fallen. In dûkboat dy't oan de oerflakte, of dêr hiel ticht tsjinoan, fart is op de radar te sjen en ek noch mei it each, fral út de loft wei sjoen.

Djipteregeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ûnderseeboat hat in oantal ballasttanks foar de djipteregeling. Om te dûken wurde de haadtanks fold mei wetter. Dan wurde de trimtanks ôfsteld op neutrale feart, dat betsjut dat de boat like swier is as it wetter dat er ferpleatst. Neffens de wet fan Argimedes sil er dan net stige of sakje.

Om te stigen of te sakjen wurdt brûk makke fan de saneamde dûkroeren. Dy sitte oan wjerskanten fan de romp (foar en efter), of yn 'e midden, oan wjerskanten fan de toer. Dat in ûnderseeboat moat faasje meitsje om bestjoerber te wêzen en stige of dale te kinnen.

Driuwend mei sletten kleppen
Begjin fan dûken mei iepen kleppen
Underwetter mei folle tanks en sletten kleppen

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Los Angeles-klasse ûnderseeboat

Cornelius Drebbel wie de útfiner fan de earste bestjoerbere ûnderseeboat. Hy boude de ûnderseeboat yn opdracht fan Jakob I fan Ingelân, en presintearre syn ûnderseeboat yn 1620 yn de rivier de Teems.

Yn de Amerikaanske Unôfhinklikenskriich bouden de Amerikanen de earste militêre ûnderseeboat. De Turtle waard yn 1776 fergees ynset om it Britske flaggeskip HMS Eagle ta sinken te bringen.

Yn de Amerikaanske Boargerkriich boude de Noardlike Uny de earste ûnderseeër. It wie de earste dûkboat mei in luchtsysteem. De Alligator wie ek de earste ûnderseeër mei in propeller en hie 20 bemanningsleden.

Karl Dönitz fjochte yn de Earste Wrâldkriich foar it Dútske Keizerryk yn in ûnderseeër. De Dútsers hienen yn de Earste Wrâldkriich grutte súksessen mei harren U-boot. Yn 1915 sonk de Britske RMS Lusitania. De ûnderfining fan Dönitz waard brûkt by it meitsjen fan nije dûkboaten foar de Dútske 'Kriegsmarine' yn de Twadde Wrâldkriich. De Torpedo wie in Dútske útfining. De Dútsers hienen de measte dûkboaten yn de Twadde Wrâldkriich, dêr't se 734 fan ferlearen.

Hjoed-de-dei binne der fiif lannen mei nukleêre dûkboaten: de Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Frankryk, Ruslân en Sina.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]