Die Gustloff
film | ||
makkers | ||
regisseur | Joseph Vilsmaier | |
produsint | Martin Hockman Augustus Cloff | |
senario | Rainer Berg | |
spilers | ||
haadrollen | Kai Wiesinger, Heiner Lauterbach, Michael Mendl | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Dútslân | |
premiêre | 2008 | |
foarm | 2-dielige telefyzjefilm | |
sjenre | drama; oarloch | |
taal | Dútsk | |
spyltiid | 185 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | 10 miljoen euro |
Die Gustloff is in twadielige Dútske telefyzjefilm út 2008 fan de regisseur Joseph Vilsmaier. It drama hat as tema de ûndergong fan de Wilhlem Gustloff yn jannewaris 1945. De Dútske omrop ZDF en de Eastenrykse omrop ORF stjoerde de film yn twa dielen op 2 en 3 maart 2008 út.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De film fertelt fanút it perspektyf fan de fiktive kapitein Hellmuth Kehding hoe't it skip yn jannewaris 1945 de haven fan Gotenhafen útfart. Op it skip binne mear as 10.000 minsken dy't flechtsje foar it naderjende Reade Leger.
Wylst it skip oer de Eastsee nei it westen wol, warskôget in fertocht radioberjocht foar yn 'e mjitte kommend ferkear. Under de kapiteinen op de kommandobrêge ûnstiet striid oft de posysjeljochten oanset wurde moatte of net. Lang om let wurdt dat wol dien. Dêrnei slaan trije torpedo's fan in ûnderseeboat fan de Sovjet-marine yn op it Dútske skip, dat omslacht. Likernôch 9.000 minsken ferdrinke of befrieze.
Troch it ferhaal hinne spilet ek de jacht op in marinehelferin op it skip, dy't desertearret.
Oare ynformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik soe de film de titel "Hafen der Hoffnung – Die letzte Fahrt der Wilhelm Gustloff" krije, mar de produsinten keazen foar in koarte filmtitel. De film koste likernôch 10 miljoen euro en waard foar it grutste diel yn Stralsund opnommen. Foar it filmjen fan de ondergong fan it skip moast de set nei in studio op it eilân Malta.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kai Wiesinger as Hellmut Kehding
- Francis Fulton-Smith as Korvettenkapitän Leonberg
- Valerie Niehaus as Erika Galetschky
- Heiner Lauterbach as Harald Kehding
- Dana Vávrová as Lilli Simoneit
- Michael Mendl as Kapitän Johannsen
- Karl Markovics as Korvettenkapitän Petri
- Nicolas Solar Lozier as Heinz Schön
- Detlev Buck as Hagen Koch
- Ulrike Kriener as Berta Burkat
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Die Gustloff fan Wikimedia Commons. |