Springe nei ynhâld

Bund Deutscher Mädel

Ut Wikipedy
Flagge fan de BDM
In BDM jongfaam

It Bund Deutscher Mädel (Bûn fan Dútske Jongfammen) faak ôfkoarte ta BDM wie oprjochte yn 1930 en opheft yn 1945. It bûn en de dêroan besibbe Jungmädelbund (Jongfammebûn) wiene ôfdielings fan de Hitler-Jongerein en de Dútske Jonkfolk, dy't ornearre wiene foar famkes tusken tsien en achttjin jier âld. Kreksa as by de Hitler-Jongerein en it Dútske Jonkfolk rjochte it Jungmädelbund him op famkes tusken tsien en trettjin jier âld en it Bund Deutscher Mädel op famkes fan fjirtjin oant achttjin jier âld. De nazylear waard sa by froulju en famkes brocht. Hja krigen oplieding ta hûsfrou en waarden taret op de memmesteat en it krijen fan in soad bern, dat neffens it nasjonaalsosjalisme it ideaal fan de Dútske frou wêze moast.
Nei har achttjinde moast de jongfaam in jier op it lân wurkje, it saneamde Landjahr (lânjier). Dat wie de útwurking fan it "werom nei de natuer", dêr't de nazys foar stiene. Yn de natuer kaam de minske ta himsels, en de Dútske geast soe yn de ikebosken en de midberchtmen fan it Dútske lân wêze. It koe wêze dat in soad fammen dêrtroch tsjin harren sin swier waarden. Fan 1936 ôf waard lidwêzen ferplichte en it bûn wie yn 1944 de grutste jongereinferiening yn de wrâld.