Kriegsmarine

Ut Wikipedy
Kriegsmarine
Oprjochte 1 juny 1935
Opheft 8 maaie 1945
Lân Nazy-Dútslân
Part fan Wehrmacht
Type Marine
Grutte 810.000 (hichtepunt yn 1944)
Haadkertier Berlyn
Kommandant(en) 1935–1943: Erich Raeder
1943–1945: Karl Dönitz

De Kriegsmarine (Frysk: Kriichsmarine) wie de marine fan Nazy-Dútslân fan 1935 oant 1945. Hja wie besiden it Heer en de Luftwaffe ien fan de trije dielstriidkrêften fan de Wehrmacht.

De Kriegsmarine wie de opfolger fan de Reichsmarine fan de Weimarrepublyk. Neffens it Ferdrach fan Versailles mocht dy inkeld út in lytse float bestean dy't puer bedoeld wie foar it weitsjen oer de kust. Underseeboaten en oare ferlykbere skepen wienen strang ferbean.

Doe't Adolf Hitler yn 1933 de macht yn hannen krige, waard de Kriegsmarine wer opboud en waard Erich Raeder de nije opperbefelhawwer. Nei syn ûntslach yn 1943 waard Karl Dönitz befelhawwer. De Kriegsmarine groeide yn dizze perioades wer út ta in grutte seemacht.