Stasjonsbuert (Snits): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
L WPCleaner (v1.09) Link equal to linktext (Fixed using Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 61: Rigel 61:


== Foarsjennings ==
== Foarsjennings ==
* [[Snitser Sporthal|Snitser Sporthal]]
* [[Snitser Sporthal]]
* Middelbere skoallemienskip [[RSG Magister Alvinus]]
* Middelbere skoallemienskip [[RSG Magister Alvinus]]
* [[Teater Snits]]
* [[Teater Snits]]

De ferzje fan 21 nov 2011 om 23.16

Stasjonsbuert
Stasjon Snits.

De Stasjonsbuert is is in wyk yn de stêd Snits. It hat in ynwennertal fan 810 (2008) en in oerflak fan 62 hektare (wêrfan 11 hektare wetter).

In grut diel fan de stasjonsbuert (de Stasjonsstrjitte en omjouwing ) is oanmerkt as beskerme stedsgesicht.

Lizzing en berikberheid

De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Noarderhoek II, yn it easten troch de Wilhelminabrêge oan de Binnenstêd, yn it suden oan de Himdyk.

De Dr. Boumawei trochkrúst de wyk fan súd nei noard en is ferbûn mei de trochgeande dyk rjochting Drylts. In oare grutte ferkearsier yn de wyk is de Boalserterdyk, dy't de ferbining foarmet mei de Prins Hendrikkaai en de útfalswegen rjochting de A7.

De wyk wurdt diels begrinze troch de Frjentsjerter Feart, it Spoardok, de Geau en de stedsgrêft.

Yn de wyk leit it treinstasjon en it busstasjon fan Snits.

Bebouwing en histoarje

De earste bebouwing yn de Stasjonsbuert is fan ± 1900. Yn de wyk stie sûnt 1902 it eardere Sint Antonius Sikehûs, dat begjin dizze ieu ferfongen is troch appartemintenkompleks mei winkelsintrum (it Sint Antoniusplein). De Stasjonsbuert, en de Stasjonsstrjitte yn it bysûnder, waard ûntwurpen as fraaie yntree nei de binnenstêd. Oan dizze strjitte ferriisden grutte filla's en hearehuzen. De huzen binne oplutsen yn ekspresjonistyske, neoklassistyske en Ingelske lânskipstyl. Bewenners wienen benammen fan de hegerein.

Efter de steatige bebouwing fan de Stasjonstrtjitte wie begjin 1900 in sportfjild. Dit terrein waard ek wol Geaudal neamd en stie ek bekend as it eardere iisbaanterrein. Op 16 septimber 1930 kam op dit plak de hjoeddeiske Feemerk.

De bebouwing om it Prinses Julianapark, Spoarsicht neamd, is bekend om har Art Nouveau-styl. De gebouwen binne yn 1901 oplevere en waarden ûntwurpen troch Lodewijk de Blinde.

Oant 1989 stie de Snitser Gasfabryk oan de Van Giffenstrjitte, foar de hjoeddeiske Snitser Sporthal oer. Sûnt 1990 stie op it plak it haadburo fan de plysje, dit waard yn 2010 sluten. De brânwarkazerne fan Snnits stiet ek oan dizze strjitte.

Strjitnammeferklearring

De strjitten fan de wyk binne neamd nei leden fan it Keninklik Hûs:

Strjitnamme Ferneaming
Beatrixstrjitte Keninginne Beatrix (1938)
Julianastrjitte Prinses Juliana (1909-2004)
Emmastrjitte Keningin Emma (1858-1934)
Willemstrjitte Kening Willem (trije generaasjes, 1815-1890)

In pear oare strjitnammen, ten suden fan de stasjonsstrjitte kinne oars ferklearre wurde:

Strjitnamme Ferneaming
Van Giffenstrjitte Daniël Flud fan Giffen, teolooch en fan 1681 - 1688 predikant yn Snits
Almastrjitte Dirk Alma, boargemaster fan Snits tusken 1885 - 1906
Dr. Boumawei Dr. Bouma, praktisearjend arts-sjirurch yn it Sint Antonius Sikehûs yn Snits

It besjen wurdich

Sjoch ek: list fan ryksmonuminten yn Snits

Foarsjennings

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen.
  • Gemeente Snits, Provinsje Fryslân, Rykstsjinst foar Argeology, Kultuerlânskip en Monuminten (2008) Sneek.