Rottumereach: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
plaatsje
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Rottumeroog_Rottumerplaat_6.53663E_53.54001N.jpg|thumb|right|250px|<small>Rottumereach (twadde fan rjochts)</small>]]
[[Ofbyld:Rottumeroog_Rottumerplaat_6.53663E_53.54001N.jpg|thumb|right|250px|<small>Rottumereach (twadde fan rjochts)</small>]]
{{wurk}}
[[Ofbyld:R-oog Noordstrand oostrichting.JPG|thumb|250px|''Noardstrân Rottumereach'', septimber 2010]]
[[Ofbyld:R-oog Noordstrand oostrichting.JPG|thumb|250px|''Noardstrân Rottumereach'', septimber 2010]]
'''Rottumereach''' is in Grinslanner waadeilân dat ek wol oantsjutten wurdt mei ''Rottum''. It heart ta de gemeente [[Iemsmûn]]. De namme Rottumereach betsjut: Eilân (each) fan [[Rottum (Eemsmond)|Rottum]]. It eilân wie nammentlik ea foar twa tredde yn besit fan it destiidske [[kleaster]] Sint Juliana yn dat doarp.
'''Rottumereach''' is in [[Grinslân|Grinslanner]] waadeilân dat ek wol oantsjutten wurdt mei ''Rottum''. It heart ta de gemeente [[Iemsmûn]]. De namme Rottumereach betsjut: Eilân (each) fan [[Rottum (Iemsmûn)|Rottum]]. It eilân wie nammentlik ea foar twa tredde yn besit fan it destiidske [[kleaster]] Sint Juliana yn dat doarp.


Ten noarden grinzet it oan de [[Noardsee]] en ten suden oan de [[Waadsee]]. Ten westen leit [[Rottumerplaat]] en ten easten [[Borkum]]. It eilân is, tegearre mei Rottumerplaat en de [[Suderdúntsjes]] (in lyts resteilantsje ten suden fan Rottumereach), beskerme natoergebiet en falt ûnder de strangste wetlike bepalingen fan de [[Natoerbeskermingswet]] (kêst 17). Rottumereach en Rottumerplaat wurde beide mienskiplik beheard troch [[Rykswettersteat]], [[Steatsboskbehear]] en it Ministearje fan Lânbou, Natoerbehear en Fiedselkwaliteit. De beide eilannen binne net frij tagonklik en yn de simmerperioade wurden Rottumereach en Rottumerplaat bewenne troch fûgelwachters. Yn it foar- en neijier wurdt in beperkt oantal ekskurzjes organisearre nei Rottumereach.
Yn it noarden grinzet it oan de [[Noardsee]] en yn it suden oan de [[Waadsee]]. Yn it westen leit [[Rottumerplaat]] en yn it easten [[Borkum]]. It eilân is, mei Rottumerplaat en de [[Suderdúntsjes]] (in lyts resteilantsje besuden Rottumereach), beskerme natoergebiet en falt ûnder de strangste wetlike bepalingen fan de [[Natoerbeskermingswet]] (kêst 17). Rottumereach en Rottumerplaat wurde beide mienskiplik beheard troch [[Rykswettersteat]], [[Steatsboskbehear]] en it Ministearje fan Lânbou, Natoerbehear en Fiedselkwaliteit. De beide eilannen binne net frij tagonklik en yn de simmerperioade wurde Rottumereach en Rottumerplaat bewenne troch fûgelwachters. Yn it foar- en neijier wurdt in beperkt oantal ekskurzjes organisearre nei Rottumereach út [[Noardpoldersyl]] wei.


Op it eilân stiet in âlde, út [[1883]] stammende [[jitizer]]en [[kaap]], dy't ea as [[navigaasjebeaken]] foar seefarders tsjinst dien hat. De wyls nutteleas wurden en yn ferfal rekke kaap waard yn [[1986]] erkend as ryksmonumint en waard yn 1989 hielendal ôfbrutsen, op de fêste wâl folslein restaurearre, wer nei Rottumereach transportearre en yn 1990 op it âlde stee wer opboud.
Op it eilân stiet in âlde, út [[1883]] stammende [[jitizer]]en [[kaap]], dy't ea as [[navigaasjebeaken]] foar seefarders tsjinst dien hat. De wyls nutteleas wurden en yn ferfal rekke kaap waard yn [[1986]] erkend as [[ryksmonumint]] en waard yn 1989 hielendal ôfbrutsen, op de fêste wâl folslein restaurearre, wer nei Rottumereach transportearre en yn 1990 op it âlde stee wer opboud.


== Skiednis ==
== Skiednis ==
Yn [[1738]] waard it eilân kocht troch de Steaten fan Grinslân, benammen omdat it as beskerming tsjin de [[golfoploop]] fan de kust sjoen waard en it partikuliere behear te winskjen oerliet. It ûnderhâld gie nei ferrin fan tiid oer nei it Ryk. Der waard in ''strânwarder'' oansteld dy't op it eilân wenne en de titel ''foud'' krige.
Yn [[1738]] waard it eilân kocht troch de Steaten fan Grinslân, benammen omdat it as beskerming tsjin de [[golfoploop]] fan de kust sjoen waard en it partikuliere behear te winskjen oerliet. It ûnderhâld gie nei ferrin fan tiid oer nei it Ryk. Der waard in ''strânwarder'' oansteld dy't op it eilân wenne en de titel ''foud'' krige.


Meidat ''it Skyl'', de geul tusken Rottumereach en [[Skiermûntseach]], him yn de loop fan de tiid ferlei, ferhuze ek it eilân hieltiten mear nei it easten ta. Dizze ferpleatsing giet no ek noch troch. De wenning fan de foud is dan ek meardere kearen fersetten. De ferpleatsing fan de eilannen kin illustrearre wurde troch it feit dat it eilân Rottumerplaat yn 2008 ûngefear op it plak leit dêr't Rottumereach sa'n twahûndert jier ferlyn lei.
Meidat ''it Skyl'', de geul tusken Rottumereach en [[Skiermûntseach]], him yn de rin fan de tiid ferlei, ferhuze ek it eilân hieltiten mear nei it easten ta. De wenning fan de foud is dan ek meardere kearen fersetten. De ferpleatsing fan de eilannen kin yllustrearre wurde troch it feit dat it eilân Rottumerplaat yn 2008 ûngefear op it plak leit dêr't Rottumereach sa'n twahûndert jier ferlyn lei.


De lêste foud, Jan Toxopeus, ferliet it eilân yn [[1965]]. Fan dat momint ôf wie ii ûnbewenne en waard troch Rykswettersteat ûnderhâld dien om ôfslach fan it eilân te kearen. Dit ûnderhâld bestie benammen út it delsetten fan [[riishout]]skermen en it poatsjen fan [[helmgers]], krektas it setten en underhâlden fan betonnen en stiennen beskermingskonstruksjes op kritike punten. Yn de rin fan de jierren '80 feroare de fyzje fan de oerheid op it gebiet, wat yn 1991 resultearre yn it beslút fan [[Rykswettersteat]] om gjin ûnderhâld mear te dwaan oan it eilân. Dit oan de natoer oerlitten fan it eilân betsjut dat de natoerkrêften de takomst fan it eilân bepale, wat der nei alle gedachten op delkomme sil dat it eilân yn in pear desennia ferdwine sil yn de Iems ten easten fan it eilân. Dit foarútsjoch resultearre yn 1991 yn de besetting fan it eilân troch Hendrik Toxopeus, de soan fan de lêste foud Jan Toxopeus. Troch de diskusjes dy't dêrnei yn de media waard in behearsplan foar Rottumereach en Rottumerplaat opsteld, wêrby't allinnich oan Rottumereach noch yn beperkte mate ûnderhâld dien waard. Op Rottumerplaat bleau it wurk beperkt ta it oprêden fan oanspielde rommel.
De lêste foud, Jan Toxopeus, ferliet it eilân yn [[1965]]. Fan dat momint ôf wie it ûnbewenne en waard troch Rykswettersteat ûnderhâld dien om ôfslach fan it eilân te kearen. Dit ûnderhâld bestie benammen út it delsetten fan [[riishout]]skermen en it poatsjen fan [[helmgers]], krektas it setten en underhâlden fan betonnen en stiennen beskermingskonstruksjes op kritike punten. Yn de rin fan de jierren '80 feroare de fyzje fan de oerheid op it gebiet, wat yn 1991 resultearre yn it beslút fan [[Rykswettersteat]] om gjin ûnderhâld mear te dwaan oan it eilân. Dit oan de natoer oerlitten fan it eilân betsjut dat de natoerkrêften de takomst fan it eilân bepale. Der waard ferwachte dat it eilân yn in pear desennia ferdwine soe yn de Iems ten easten fan it eilân. Dit foarútsjoch resultearre yn 1991 yn de besetting fan it eilân troch Hendrik Toxopeus, de soan fan de lêste foud Jan Toxopeus. Troch de diskusjes dy't dêrnei yn de media waard in behearsplan foar Rottumereach en Rottumerplaat opsteld, wêrby't allinnich oan Rottumereach noch yn beperkte mate ûnderhâld dien waard. Op Rottumerplaat bleau it wurk beperkt ta it oprêden fan oanspielde rommel. Anno 2010 liket it dat it eilân net yn de Iems te lâne komme sil. It docht nammentlik bliken


[[Ofbyld:Rottumeroogpanorama.png|thumb|800px|<small>Trije boppe elkoar montearde panoramafoto's fan Rottumereach út respektivelik 1970, 1985 en 1998. Alle foto's binne makke út it observaasjetuorke wei fan de âlde (wyls sloopte) foudswente op Rottumereach. Goed is noch dte sjen hoe't de foarm fan it eilân yn de rin fan de jierren feroaret. De metalen konstruksje is in [[Kaap (skipsbeaken)|kaap]].</small>]]
[[Ofbyld:Rottumeroogpanorama.png|thumb|800px|<small>Trije boppe elkoar montearde panoramafoto's fan Rottumereach út respektivelik 1970, 1985 en 1998. Alle foto's binne makke út it observaasjetuorke wei fan de âlde (wyls sloopte) foudswente op Rottumereach. Goed is noch te sjen hoe't de foarm fan it eilân yn de rin fan de jierren feroaret. De metalen konstruksje is in [[Kaap (skipsbeaken)|kaap]].</small>]]


Yn [[1998]] hat der in soad dúnôfslach west oan de noardwestside fan it eilân. Om it hûs fan de lêste foud net in proai fan de weagen wurde te litten is oan'e ein fan it jier it âlde foudshûs ôfbrutsen troch Rykswettersteat. As ferfangende behuzing binne in oantal keten delsetten. Ek de kaap, in gesichtsbepalend kenmerk fan it eilân, is koart dêrnei, yn it neijier fan 1999, 150 meter súdoan fersetten omdat dizze troch alle dúnôfslach hast op it strân komd wie te stean. Om skea oan de kwetsbere natoer foar te kommen is dêrby in omwei fan sa'n twa kilometer makke. Ek it fûgelwachtershûs op Rottumereach is wyls ôfbrutsen.
Yn [[1998]] hat der in soad dúnôfslach west oan de noardwestside fan it eilân. Om it hûs fan de lêste foud net in proai fan de weagen wurde te litten is oan'e ein fan it jier it âlde foudshûs ôfbrutsen troch Rykswettersteat. As ferfangende behuzing binne in oantal keten delsetten. Ek de kaap, in gesichtsbepalend kenmerk fan it eilân, is koart dêrnei, yn it neijier fan 1999, 150 meter súdoan fersetten omdat dizze troch alle dúnôfslach hast op it strân komd wie te stean. Om skea oan de kwetsbere natoer foar te kommen is dêrby in omwei fan sa'n twa kilometer makke. Ek it fûgelwachtershûs op Rottumereach is wyls ôfbrutsen.

De ferzje fan 9 sep 2010 om 17.36

Rottumereach (twadde fan rjochts)
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Noardstrân Rottumereach, septimber 2010

Rottumereach is in Grinslanner waadeilân dat ek wol oantsjutten wurdt mei Rottum. It heart ta de gemeente Iemsmûn. De namme Rottumereach betsjut: Eilân (each) fan Rottum. It eilân wie nammentlik ea foar twa tredde yn besit fan it destiidske kleaster Sint Juliana yn dat doarp.

Yn it noarden grinzet it oan de Noardsee en yn it suden oan de Waadsee. Yn it westen leit Rottumerplaat en yn it easten Borkum. It eilân is, mei Rottumerplaat en de Suderdúntsjes (in lyts resteilantsje besuden Rottumereach), beskerme natoergebiet en falt ûnder de strangste wetlike bepalingen fan de Natoerbeskermingswet (kêst 17). Rottumereach en Rottumerplaat wurde beide mienskiplik beheard troch Rykswettersteat, Steatsboskbehear en it Ministearje fan Lânbou, Natoerbehear en Fiedselkwaliteit. De beide eilannen binne net frij tagonklik en yn de simmerperioade wurde Rottumereach en Rottumerplaat bewenne troch fûgelwachters. Yn it foar- en neijier wurdt in beperkt oantal ekskurzjes organisearre nei Rottumereach út Noardpoldersyl wei.

Op it eilân stiet in âlde, út 1883 stammende jitizeren kaap, dy't ea as navigaasjebeaken foar seefarders tsjinst dien hat. De wyls nutteleas wurden en yn ferfal rekke kaap waard yn 1986 erkend as ryksmonumint en waard yn 1989 hielendal ôfbrutsen, op de fêste wâl folslein restaurearre, wer nei Rottumereach transportearre en yn 1990 op it âlde stee wer opboud.

Skiednis

Yn 1738 waard it eilân kocht troch de Steaten fan Grinslân, benammen omdat it as beskerming tsjin de golfoploop fan de kust sjoen waard en it partikuliere behear te winskjen oerliet. It ûnderhâld gie nei ferrin fan tiid oer nei it Ryk. Der waard in strânwarder oansteld dy't op it eilân wenne en de titel foud krige.

Meidat it Skyl, de geul tusken Rottumereach en Skiermûntseach, him yn de rin fan de tiid ferlei, ferhuze ek it eilân hieltiten mear nei it easten ta. De wenning fan de foud is dan ek meardere kearen fersetten. De ferpleatsing fan de eilannen kin yllustrearre wurde troch it feit dat it eilân Rottumerplaat yn 2008 ûngefear op it plak leit dêr't Rottumereach sa'n twahûndert jier ferlyn lei.

De lêste foud, Jan Toxopeus, ferliet it eilân yn 1965. Fan dat momint ôf wie it ûnbewenne en waard troch Rykswettersteat ûnderhâld dien om ôfslach fan it eilân te kearen. Dit ûnderhâld bestie benammen út it delsetten fan riishoutskermen en it poatsjen fan helmgers, krektas it setten en underhâlden fan betonnen en stiennen beskermingskonstruksjes op kritike punten. Yn de rin fan de jierren '80 feroare de fyzje fan de oerheid op it gebiet, wat yn 1991 resultearre yn it beslút fan Rykswettersteat om gjin ûnderhâld mear te dwaan oan it eilân. Dit oan de natoer oerlitten fan it eilân betsjut dat de natoerkrêften de takomst fan it eilân bepale. Der waard ferwachte dat it eilân yn in pear desennia ferdwine soe yn de Iems ten easten fan it eilân. Dit foarútsjoch resultearre yn 1991 yn de besetting fan it eilân troch Hendrik Toxopeus, de soan fan de lêste foud Jan Toxopeus. Troch de diskusjes dy't dêrnei yn de media waard in behearsplan foar Rottumereach en Rottumerplaat opsteld, wêrby't allinnich oan Rottumereach noch yn beperkte mate ûnderhâld dien waard. Op Rottumerplaat bleau it wurk beperkt ta it oprêden fan oanspielde rommel. Anno 2010 liket it dat it eilân net yn de Iems te lâne komme sil. It docht nammentlik bliken

Trije boppe elkoar montearde panoramafoto's fan Rottumereach út respektivelik 1970, 1985 en 1998. Alle foto's binne makke út it observaasjetuorke wei fan de âlde (wyls sloopte) foudswente op Rottumereach. Goed is noch te sjen hoe't de foarm fan it eilân yn de rin fan de jierren feroaret. De metalen konstruksje is in kaap.

Yn 1998 hat der in soad dúnôfslach west oan de noardwestside fan it eilân. Om it hûs fan de lêste foud net in proai fan de weagen wurde te litten is oan'e ein fan it jier it âlde foudshûs ôfbrutsen troch Rykswettersteat. As ferfangende behuzing binne in oantal keten delsetten. Ek de kaap, in gesichtsbepalend kenmerk fan it eilân, is koart dêrnei, yn it neijier fan 1999, 150 meter súdoan fersetten omdat dizze troch alle dúnôfslach hast op it strân komd wie te stean. Om skea oan de kwetsbere natoer foar te kommen is dêrby in omwei fan sa'n twa kilometer makke. Ek it fûgelwachtershûs op Rottumereach is wyls ôfbrutsen.

Mei trochdat it ûnderhâld, dêr't nei de besetting fan it eilân wer mei útein set wie, neat úthelle hie tsjin de grutte ôfslach oan de ein fan de jierren '90, is yn 2002 besluten om ek op Rottumereach allinnich noch twarres jiers de oanspielde rommel op te rêden. Dit skjinmeitsjen wurdt dien troch frijwilligers ûnder lieding fan in meiwurker fan Rykswettersteat. Dêrneist wurde by inkele lytse geulen om it oanlânjen folgje te kinnen prikken setten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise