Springe nei ynhâld

Wiardus Willem Hopperus Buma (1865-1934)

Ut Wikipedy
Wiardus Willem Hopperus Buma (1865-1934)
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 4 febrewaris 1865
berteplak Ljouwert
stjerdatum 25 desimber 1934 (69 jier)
stjerplak Diepenveen
dynasty Buma
Boargemaster fan Hinnaarderadiel
amtsperioade 1898 - 1905
foargonger E. de Grave
opfolger C.W. Hopster

Wiardus Willem Hopperus Buma (Ljouwert, 4 febrewaris 1865 - Diepenveen, 25 desimber 1934) wie in Nederlânske boargemaster.

Hopperus Buma wie in soan fan mr. Bernhardus Hopperus Buma (1826 -1892) en jkfr. Clara Tjallinga Aedonia van Eysinga (1823 -1898). Hy troude yn 1893 mei Petronella Johanna Alberta Diewerdina (Nel) ter Haar (1868 -1933), dochter fan ds. Barend ter Haar. Ut dit houlik waard ûnder oare soan Barend Hopperus Buma berne.

Hy wie luitenant by de skutterij (1890 -1898) en wenne mei syn húshâlding it Burmaniahûs yn Ljouwert. Yn 1898 waard er beneamd ta boargemaster fan Hinnaarderadiel. Hy liet yn Wommels in filla bouwe op in stee út de neilittenskip fan syn mem, dêr't oant 1872 de Sminia State stie.

Hopperus Buma hearde ta de frijsinnich liberalen en hie it yn de gemeenteried geregeld oan de stôk mei de ortodoksen. De striid tusken de ortodoksen en frijsinnigen yn de gemeente eskalearre doe't Jan Ankerman predikant waard. De skoalstriid lôge op en yn de ried ûntstie ûnienichheid oer de fraach oft sittingen mei gebed iepene wurde moasten. Yn 1902 waard Hopperus Buma beneamd ta tsjerkfâd (scriba). De tsjerkfâden stiene net efter de dûmny en de tsjerkeried wie tsjin de boargemaster, de spanningen rûnen úteinlik sa heech op dat de boargemaster ûntslach frege. [1] Hy krige mei yngong fan 1 septimber 1905 earfol ûntslach en ferhuze nei Heemstede. Hy liet syn filla yn Wommels ôfbrekke en yn Heemstede wer opbouwe.

Letter wenne Hopperus Buma by in soan yn Diepenveen, dêr't er yn de âlderdom fan 69 jier ferstoar. Hy waard beïerdige op it begraafplak fan de famylje Buma yn Weidum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: