Bernhardus Hopperus Buma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bernardus Hopperus Buma troch J.J.G. van Wicheren

Bernhardus Hopperus Buma (Ljouwert, 26 augustus 1826 - Ljouwert, Burmaniahûs, 22 septimber 1892) wie in Nederlânsk boargemaster.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hopperus Buma wie in soan fan Mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873) en Maria de With (1803-1878). Hy studearre rjochten oan de Grinzer Hegeskoalle en promovearre yn 1853. Syn fan wie oarspronklik Buma, mar by Keninklik Beslút krige er yn 1867 tastimming om syn twadde foarnamme Hopperus oan de famyljenamme ta te heakjen.

Hy waard yn 1855 beneamd ta boargemaster fan Westdongeradiel. Yn 1862 folge de beneaming yn Kollumerlân en Nijkrúslân, dêr't er Age Tjepke Ruurd Sixma baron van Heemstra opfolge. Twa jier letter boaske er mei jkfr. Clara Tjallinga Aedonia van Eysinga (1823-1898), as widdo fan Cornelis Schelto Sixma baron van Heemstra wie sy in skoandochter fan de eardere boargemaster.

Yn 1872 krige Hopperus Buma earfol dien as boargemaster; hy hie der sels om frege. Hy sette him mei syn frou nei wenjen yn Huzum, dêr't sy de filla Vaartzicht sette litten hiene. Hopperus Buma waard fâd fan it Tjallinga-weeshûs te Westernijtsjerk. Yn 1875 liet er yn Ljouwert in nij Burmaniahûs bouwe. Yn 1883 ferfarde er mei syn frou nei Wiesbaden en liet de gemeente Ljouwert witte dat er him yn Dútslân fêstigje soe, mar inkelde moannen letter wienen sy werom yn Ljouwert. Hy stoar nei in lang siikbêd yn de âldens fan 66 jier yn it Burmaniahûs.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]