Age Tjepke Ruurd Sixma van Heemstra
Age Tjepke Ruurd Sixma van Heemstra | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 24 july 1801 | |
berteplak | Oentsjerk | |
stjerdatum | 20 maaie 1862 | |
stjerplak | Feankleaster | |
etnisiteit | Frysk | |
Lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1825-1829 | |
Grytman fan Barradiel | ||
amtsperioade | 1828-1841 | |
Lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1831-1850 | |
Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân | ||
amtsperioade | 1850-1851 | |
Boargemaster fan Kollumerlân en Nijkrúslân | ||
amtsperioade | 1851-1861 |
Age Tjepke Ruurd Sixma baron van Heemstra (Oentsjerk, 24 july 1801- Feankleaster op Fogelsanghstate, 20 maaie 1862) wie ûnder oaren grytman en boargemaster fan Kollumerlân fan 7 maaie 1850 oant desimber 1861 en lid fan Provinsjale Steaten.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sixma van Heemstra wie in soan fan Cornelis Scheltinga van Heemstra (1767 -1820), lid fan de Vergadering van Notabelen, en Anna Agatha Geertruida fan Sixma (1777 -1855 ). Hy waard ferneamd nei syn pake fan memmekant, Age Tjepke Ruud van Sixma (1743 -1795 ), Volmacht ten Landsdag út namme fan Ferwerderadiel en Tytsjerksteradiel. Age Tjepke Ruurd wie lid fan de aadlike famylje Van Heemstra. Yn 1814 waard oan him it adelspredikaat ferliend en yn 1826 waard oan him en syn neiteam de titel baron/barones takend.
Age Tjepke Ruurd promovearre yn 1825 yn de rjochten oan de universiteit fan Leiden. Yn datselde jier waard Sixma van Heemstra lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 1828 folge er syn âldomke Carel AEmilius Els Collot d' Escury op as grytman fan Barradiel. Hy wenne yn de Hottingastate yn Pitersbierrum. Dy state waard nei syn ôfreis ôfbrutsen.
Yn 1835 waard in Kristlike Ofskieden Gemeente troch Hendrik de Cock stichte yn Seisbierrum. Mei't dy streaming earst yn 1841 troch de oerheid erkend waard, die grytman Sixma van Heemstra persoanlik ûndersyk nei it dwaan en litten fan dizze gemeente. Yn 1842 ûndernaam Sixma van Heemstra mei syn soan Cornelis Schelto in reis troch Dútslân en yn 1846 reizge er nei Switserlân.
Yn 1850 waard Sixma van Heemstra grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Under oaren syn omke Willem Hendrik van Heemstra en de bruorren fan syn beppe, Martinus van Scheltinga en Frans Julius Johan van Scheltinga beklaaiden dat amt earder. Hy waard de opfolger fan Louis Gaspard Adrien fan Limboarch Stirum, dy 't troud wie mei in nicht fan de heit fan Age Tjepke Ruurd. Sixma van Heemstra waard yn neifolging fan de Gemeentewet fan 1851 de earste boargemaster fan Kollumerlân en Nijkrúslân.
As grytman wenne er op de Fogelsanghstate yn Feankleaster, dy't er al yn 1842 foarfêst bewenne. Dat lânhûs waard yn 1836 troch Cecilia Johanna van Heemstra neilitten oan har achterneef Hector Livius van Heemstra, soan fan Age Tjepke Ruurd. Hector Livius wie lykwols noch mar acht jier âld. Age Tjepke Ruurd wie ûnder mear de opdrachtjouwer fan Lucas Pieters Roodbaard foar in ûntwerp fan de tún fan Fogelsanghstate yn Ingelske lânskipsstyl yn 1838. Dat ûntwerp waard fan 1843 ôf útfierd troch Lambertus Vlaskamp en syn soan Gerrit Vlaskamp.
Yn Aldwâld stifte Sixma van Heemstra in fabryk foar de produksje fan stissel en sjerp. It stisel wie bestimd foar de tekstylyndustry yn Twinte. De ierdappels dy't dêrfoar nedich wiene, helle er út de omkriten. Sixma van Heemstra besocht sadwaande de earmelju yn de gritenij fan in ynkommen te foarsjen.
Op it tsjerkhôf fan Aldwâld hat de famylje Fan Heemstra in grêfkelder, nei alle gedachten oanlein yn de jierren 30 fan de 19e iuw. Yn dy kelder binne ûnder oaren Age Tjepke Ruurd en syn frou Anna Adriana Cornelia van Halteren en fjouwer fan harren seis bern byset.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Specimen juridicum inaugurale, exhibens M. Porcii Catonis Vitam a Corn. Nepote scriptam annotatione instructam. Leien, [1825] (proefskrift)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|