Springe nei ynhâld

Jan Ankerman (politikus)

Ut Wikipedy
Jan Ankerman (politikus)
politikus
Jan Ankerman yn 1913
Jan Ankerman yn 1913
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 15 desimber 1869
berteplak Nijehaske
stjerdatum 20 jannewaris 1928
stjerplak Rijswijk
etnisiteit Frysk
partij Friese Bond, Christelijk-Historische Unie
Lid Twadde Keamer
amtsperioade 1909-1918;
1921 - 1922
Lid gemeenteried fan De Haach
amtsperioade 1911-1919
offisjele webside
Parlement.com

Jan Ankerman (Nijehaske, 15 desimber 1869 - Rijswijk, 20 jannewaris 1928) wie in Nederlânsk predikant en politikus út namme fan it Frysk Bûn en de Kristlik-Histoaryske Uny.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ankerman wie de soan fan in skipper en eigener fan in stuolmatterij (dêr't er ek geregeld byspringe moast nei de legere skoalle). Hy gie nei it gymnasium te Doetinchem. Letter gong er nei in gymnasium-kostskoalle foar jonges út ûnbegoedige húshâldingen om de kâns te krijen teology te studearjen. Dat soe er ek dwaan, oan de Ryksuniversiteit Utert (1895-1901), dêr't er ek op stellingen yn de rjochtswittenskip (1901-1909) promovearre.

Yn 1902 krige Ankerman syn oanstelling yn Wommels en Hidaard - boargemaster Hopperus Buma (ek tsjerkfâd) tekene hjir tegearre mei it net-ortodokse part fan de gemeente beswier tsjin oan. Dat waard sawol troch de synodale kommisje as troch de synoade yn heger berop ôfwiisd.

Ankerman hie him al yn 1905 ferkiesber steld foar de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal yn it distrikt Frjentsjer, mar waard dêr ferslein troch de S.D.A.P. 'er Piet Tak. Yn 1909 stelde er him wer ferkiesber, mar kaam 35 stimmen te koart om de twadde ronde te heljen yn it distrikt Skoatterlân. Mar yn de neiferkiezingen slagge it him yn it distrikt Harns de liberaal Antoine Plate te ferslaan. Yn 1913 fersloech er yn it distrikt Grins de S.D.A.P.'er. Yn 1917 wie der gjin tsjinkandidaat. Yn 1918 hie Ankerman gjin sit mear yn de Keamer.

Yn de Keamer spruts Ankerman benammen oer justysje, arbeid, fiskerij, bûtenlânske saken en belestingen. Yn 1915 stimde er as iennige fan syn fraksje foar in moasje-Albarda oer de steatseksploitaasje fan de oaljefjilden yn Djambi.

Yn 1909 ferhuze Ankerman fan Wommels nei Den Haach, ek wenne er dêrnei ek yn Skeveningen en Rijswijk.

Ankerman rjochte him al by syn Keamerlidmaatskip mear op de tapassing fan syn juridyske oplieding as dat er him as predikant ûntwikkele. Hy waard yn 1911 kantonrjochter-plakferfanger (oant 1928) en yn 1913 rjochtskundich adviseur. Ek wied er fan 1909 ôf advokaat en prokureur yn Den Haach. Dêr wie er ek fan 1911 oant 1919 lid fan de gemeenteried. Ankerman kaam fan septimber 1921 oant july 1922 noch in lyts jier werom yn de polityk.

Ankerman ferfolle ek ferskate partijpolitike funksjes. Yn syn stúdzje yn Utert rjochte er al in lokale ôfdieling op fan it Fryske Bûn en hy wie om 1905 hinne al foarsitter fan in lokale (Kristlik-Histoaryske) kiesferiening en in skoft (oant 1920) lid fan it haadbestjoer fan de CHU. Hy wie lid fan in pear kommisjes yn de partij.

Ankerman wie ek in skoft bestjoerslid fan de Vereeniging ter bevordering van de Nederlandsche Visserij (om 1915 hinne) en foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan de Algemene Bank- en Handelsmaatschappij (? - 1926) Hy moast syn advokatepraktyk opjaan fanwegen in leversykte yn de lêste jierren fan syn libben, dêr 't er úteinlik ek oan ferstoarn is.