Barend ter Haar (predikant)
Barend ter Haar (Eemnes, 28 septimber 1831 – Nijmegen, 27 april 1902) wie in Nederlânske predikant, dichter en letterkundige.
Ter Haar folge yn Amsterdam it gymnasium en de latynske skoalle en studearre dêrnei yn Amsterdam en Leien ûnder de teologen J.H. Scholten en Abraham Kuenen. Op 7 jannewaris 1855 waard Ter Haar befêstige as predikant yn Arkel troch syn heit Bernard ter Haar. Dêrnei waard er predikant te Delden en Nymwegen.
Yn 1854 troude er mei Catharina Christina van Raalte (1831-1874); it pear krigen seis bern. Ter Haar wie njonken predikant ek aktyf as dichter en letterkundige; sa wied er foarsitter fan it lêste Nederlânsk Taal- en Letterkundich Kongres. Ek wie er foarsitter fan de feriening Door Eendracht Sterk. Ds. Ter Haar hat him op in soad terreinen fertsjinstlik makke foar de stêd Nijmegen. Yn de Dichtersbuert (Willemskertier) is in strjitte nei him neamd. Ter Haar waard beïerdige op begraafplak Rustoord yn Nymwegen.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Roode Teun (1860), in ferhaal
- Neerlands zonden tegen zijn taal (1864)
- Zonnestraaltjes in de ziekenkamer (1864)
- Photogrammen (1870)
- Gods daden aan eens menschen ziel, Gedachtenisrede
- Niet sterven
- Eene Kleefsche furie
- Mooi Grietje
- Licht uit duisternis
- Antonie van Bockhorst (1862), Nijmeegsche novelle
- bewerking van Streckfuss’ Weltgeschichte (1867-1874)
- Grafbloemen (1868), dichtbondel
- Een woord over Brouwers' brochure: ‘Nederland en de gevierden te Heiligerlee (1868)
- De geschiedenis der wereld van 't begin der Franse omwenteling af tot op onze dagen (1880)
- Karakterschets