Barend Hopperus Buma
Barend Hopperus Buma (Ljouwert, Burmaniahûs, 5 augustus 1896 - Drachten, 29 april 1958) wie in Nederlânsk boargemaster.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hopperus Buma wie in soan fan Wiardus Willem Hopperus Buma (1865-1934) en Petronella Johanna Alberta Diewerdina (Nellie) ter Haar (1868-1933). Hy waard ferneamd nei syn pake ds. Barend ter Haar. Hy troude mei Maria Martina Kolff (1900-1984) en letter mei Catherina van Haersma Buma (1907-1965).
Hopperus Buma wie yn de jierren tweintich wynboer yn Csopak (Hongarije) oan de noardkant fan de Balatonmar. Yn 1928 of 1929 kaam er werom nei Nederlân en waard direkteur fan pelsdierfokkerij 'De Zilveren Vos' op de bûtenpleats Refugium yn Elspeet. Yn 1934 waard er foar 't earst boargemaster; hy stie efterelkoar yn Doanjewerstâl (1934-1940), Haskerlân (1940-1941) en Smellingerlân (1941-1955). As boargemaster droech er de amtskeatling dy't syn pake Bernhardus Hopperus Buma meitsje litten hie en dy't troch syn heit ek droegen waard.