Elspeet

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Elspeet, Mûne De Hoop

Elspeet is in doarp yn de gemeente Nunspeet op de Feluwe yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It doarp hat mei it bûtengebiet likernôch 4400 ynwenners. Nei Nunspeet is Elspeet is grutste doarp fan de gemeente.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp leit sa'n tsien kilometer súdlik fan Nunspeet en likernôch fjouwer kilometer noardlik fan it doarp Uddel op de noardlike Feluwe. It doarp leit yn in lânbougebiet, dat omseame wurdt fan bosk en heide. Elspeet is in toeristysk sintrum en hat trije kampings.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yn 2010 foar de hersteld herfoarmde gemeente fan Elspeet boude Rehobôthtsjerke

Elspeet stiet bekend as tige tsjerklik. It doarp hat in Hersteld Herfoarme gemeente, in PKN-gemeente, in Grifformearde Gemeente, in Ald Grifformearde gemeente en in Grifformearde Gemeente yn Nederlân.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de riedsferkiezings fan 3 maart 2010 krige de Steatkundich Grifformearde Partij (SGP) 61,6% fan de stimmen. By de Steateferkiezings yn 2011 wie it perzintaazje sels 65,3%. Yn 2010 waard hast 90% fan de stimmen op in kristlike partij útbrocht.

Monuminten (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Herfoarme tsjerke (16e iuw), Nunspeterweg 5
  • Mûne De Hoop (1894), Molenweg 12
  • Pleats (1731), Apeldoornseweg 13
  • Pleats (18e iuw), Nunspeterweg 72
  • Meardere grêfheuvels yn de omkriten út it neolitikum en/of de brûnstiid

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]