Wapen fan Peazens-Moddergat
Appearance
It wapen fan Peazens-Moddergat is it wapen fan de doarpen Peazens en Moddergat (Peazens-Moddergat), yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in dwersbalke fan azuer, belein mei in fisk fan sulver, de balke boppe beselskippe fan twa klaverblêden fan sinopel en ûnder fan in anker fan kiel, wêr fan de kop einigt yn in T-krús.
De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau), sulver, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blauwe balke: stiet foar it rivierke De Peazens, dat eartiidks de grins wie tusken de gritenijen en gemeenten East- en West-Dongeradiel.
- Fisk en anker: ferwize nei de fiskerij.
- T-krús: symboal fan Antonius fan Egypte, patroanhillige fan de Sint-Antoniustsjerke fan Peazens.
- Klaverblêden: ferwize nei de lânbou yn de omkriten fan de doarpen.