Sint-Antoniustsjerke (Peazens)

De Sint-Antoniustsjerke fan Peazens is in letromaanske tsjerke, boud om 1200 hinne yn Peazens.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan de oarspronklike romaanse tsjerke binne noch dielen bewarre bleaun. Foar de bou fan de tsjerke waard gebrûk makke fan kleastermoppen, ek wol friezen neamd. Yn 1792 waard de tsjerke yngreven feroare. De âlde sealdaktoer waard ôfbrutsen en de tsjerke waard yn westlike rjochting ferlinge, wêrby't it materiaal fan de ôfbrutsene toer opnij brûkt waard. Ynstee fan de âlde robúste sealdaktoer waard in daktuorke setten. Op in âlde print fan Jacobus Stellingwerff (sjoch ôfbyld) stiet de âlde toer noch ôfbylde en sa'n ôfbyld is ek te finen op it sulveren lid fan in tinnen wynkanne, dy't yn it besit is fan de tsjerke. Dêrneist hat de tsjerke noch in sulveren beker mei de tekst De kerke beeker van Paesens 1692.
De preekstoel komt út de 19e iuw. It oargel is kocht yn 1908 en komt wierskynlik út de Sint-Laurenstsjerke yn Alkmaar.[1] Dat oargel waard yn 1758 boud troch de oargelbouwer Johann Theodor Gilmann út Kornelimunster (by Aken).
De klok yn it klokketuorke waard yn 1507 getten. It opskrift fan de klok seit dat de klok de namme Maria krigen hat en yn opdracht fan it kerspel Peazens getten waard troch in klokkejitter mei de namme Joan': Maria bin ick gheheten dat kerspel to der pasens hebben my laten geten Ioan my ghegoten haet
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|