Wapen fan Noardeast-Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Noardeast-Fryslân (wapen).png

It wapen fan Noardeast-Fryslân is it wapen dat fierd wurdt troch de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân, dy't op 1 jannewaris 2019 ûntstie út de gearfoeging fan 'e eardere gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. It wapen fan Noardeast-Fryslân waard op 2 jannewaris 2019 by in parsekonferinsje yn it gemeentehûs yn Dokkum formeel ûntbleate. It is ûntwurpen troch in wurkgroep besteande út Piet Bultsma, heraldysk tekener fan 'e Hege Ried fan Adel yn De Haach, Piet Visser, âld-boargemaster fan Kollumerlân en âld-foarsitter fan 'e Fryske Heraldyske Kring, Haije Talsma, âld-wethâlder fan Ferwerderadiel en saakkundige op it mêd fan 'e regionale skiednis, Ihno Dragt, direkteur fan it Museum Dokkum, en Bearn Bilker, âld-boargemaster fan Kollumerlân en histoarikus.

It wapen bestiet út in grien fjild, dat de ûnderste trijekwart fan in wapenskyld yn beslach nimt, belein mei in seispuntige stjer fan goud. Boppe it griene fjild hat it wapen twa horzontale banen fan gelikense hichte, de boppeste blau en de ûnderste goud, dy't faninoar skaat wurde troch in weagjende line. It skyld is dutsen troch in mei fonkelstiennen fersierde kroan fan trije blêden en twaris trije pearels.

De betsjutting fan 'e heraldyske eleminten is sa. It griene fjild slacht op it agraryske karakter fan Noardeast-Fryslân. It blau stiet foar de Waadsee en de Lauwersmar en de goudene baan ferwiist nei de seediken. De weagjende skieding tusken blau en goud moat útbyldzje dat it om 'e skieding tusken lân en wetter giet. De seispuntige stjer is in elemint dat oernommen is út 'e wapens fan 'e trije fúzjegemeenten (it wapen fan Kollumerlân hie in reade stjer, dat fan Dongeradiel omfette trije goudene stjerren, en it wapen fan Ferwerderadiel bestie út sân goudene stjerren op in blau fjild). Histoarysk waard de seispuntige stjer troch de einierde boerestân fiert as teken fan macht en oansjen.[1] De kroan boppe it wapenskyld is in saneamde gritenijkroan, dy't oernommen is út 'e wapens fan Kollumerlân en Dongeradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 19.