Flagge fan Peazens-Moddergat
Appearance
De flagge fan Peazens-Moddergat is de flagge fan de doarpen Peazens en Moddergat (Peazens-Moddergat), yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel waarden op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Twa like hege banen fan grien en read, oer it midden in lizzende Antonius-Ankerkrús mei de T-balke op in tredde fan de broek; yn de broektop en -foet in giel klaverblêd.
De kleuren komme út it wapen fan Peazens-Moddergat.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Twa banen: stiet foar de skieding tusken de twa doarpen Peazens en Moddergat.
- Anker: ferwiist nei de fiskerij, eartiids in wichtich middel fan bestean.
- Sint-Antoniuskrús fan it anker: symboal fan Antonius fan Egypte, patroanhillige fan de Sint-Antoniustsjerke fan Peazens.
- Klaverblêden: ferwize nei de lânbou yn de omkriten fan de doarpen.