Springe nei ynhâld

Flagge fan West-Dongeradiel

Ut Wikipedy
Flagge fan West-Dongeradiel

De flagge fan West-Dongeradiel is de flagge fan de eardere gemeente West-Dongeradiel, yn it noardeasten fan de provinsje Fryslân. Op 22 maaie 1963 is de flagge by in riedsbeslút oannommen.

De beskriuwing fan de flagge is:

Folgens de broekdiagonaal wearjend ferdielt yn trije banen fan blau-wyt-blau; mei in diagonaalferhâlding fan 2:1:2.

It flaggebyld komt oerien mei it wapen fan West-Dongeradiel.

Flagge fervallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 jannewaris 1984 is de gemeente West-Dongeradiel gearfoege ta de gemeente Dongeradiel. De gemeenteflagge fan West-Dongeradiel is dêrom kommen te ferfallen.