Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Noardbroek

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Noardbroek
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Noardbroek
adres Noardersingel 1
koördinaten 53° 12' N 6° 52' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 14e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31612
Webside
Side PKN 'De Woldkerken'
Kaart
Tsjerke fan Noardbroek (Grinslân)
Tsjerke fan Noardbroek

De Tsjerke fan Noardbroek is in romanogoatysk tsjerkegebou yn Noardbroek yn 'e provinsje Grinslân. De tsjerke is in PKN-tsjerke en de gemeente hat in frijsinnige ynslach.

Ynterieur.

De yn 'e 14e iuw boude krústsjerke waard oarspronklik mooglik wijd oan in lid fan it Thebaanske Legioen. It 17e-iuwske segel toant in kriger mei in wapperjende mantel, dy't yn 'e rjochter hân in lâns fêsthâldt en yn 'e oare hân in skyld mei it ôfbyld fan 'e tsjerke. Grutte feroarings hawwe der sûnt de bou net mear west. De oan 'e eastlike kant frijsteande sealtektoer kin noch wat âlder wêze as de tsjerke. Fanwegen it knobske oansjen wurdt de toer ek wol Olle Dodde neamd.

Nei de reformaasje waard de tsjerke protestantsk, mar in grut part fan 'e beskilderings yn it ferwulft bleau bewarre ûnder in laach witerskalk.

Healwei de jierren 1960 stie it lot fan 'e tsjerke tige faai, doe't der in restauraasje nedich wie. De kosten waarden op 355.000 gûne rûsd, mar dat bedrach koe net folslein troch de lytse mienskip opbrocht wurde. Fan 'e oerheid waard in bydrage fan 106.500 frege, mar it late ta in fûle striid yn 'e gemeenteried. De fraksjes fan de PvdA en de PSP fûnen it skande fan it jild, dat better oan oare saken bestege wurde koe. De bewenners koene neffens dy partijen likegoed yn it oanbuorjende Súdbroek tsjerkje. Yn d'e Grinslânske kranten folgen in soad ynstjoerde stikken oer de saak en nei in útstel wiisden de measte PvdA-ers en de hiele PSP-fraksje de subsydzje ôf, wylst in krappe mearderheid besteande út VVD, ARP, CHU en twa PvdA-leden de subsydzje dochs takenden.

Sûnt 2016 is de tsjerke oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

De tsjerke is in krústsjerke mei in trije traveeën tellend skip, in dwersskip en in eastlik oriïntearre koer dat fiifsidich sletten wurdt.

Njonken de muorreskilderings binne der noch twa eleminten út de katolike tiid: de piskina en de sakramintsnis. De barokke preekstoel en de dooptún datearje fan 1757 en binne neffens it ûntwerp fan W.E. Struve makke.

Muorreskilderings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferwulftring mei Marije en Bern.

De 14e-iuwske tsjerke besit noch in ryk tal skilderings yn it stiennen ferwulft. Foarstellings út it Alde- en Nije Testamint rinne troch inoar. Sa wurdt yn it westlike skip tichteby it oargel de sûndefal njonken de doop fan Jezus yn 'e Jordaan ôfbylde. De noardlike, kâlde kant fan 'e tsjerke stie dêrby symboal foar al it negative, wylst de súdlike kant foar it positive stie. Yn it koer wurdt it Lêste Oardiel útbylde. De opstanning fan de deaden, Marije as foarsprekker, Kristus as wrâldrjochter en hel en himel binne dêr yn ôfsûnderlike bylden fêstlein. De hillige Kristoffel, dy't it berntsje Jezus oer de rivier draacht, is yn 'e tsjerke mei detail beskildere mei û.o. in fiskjend jonkje oan 'e kant fan it wetter.

Oargel.

Nei de reformaasje ferdwûnen de skilderings ûnder in laach witerskalk. By de 20e-iuwske restauraasje kamen se wer foar it ljocht. By it ferwiderjen fan 'e kalklaach waard yn 'e hoeke fan it súdlike transept en it koer in tekst ûntdutsen dat de tsjerke in grutte restauraasje ûndergien hat troch master Gerget en syn gesellen. Dy restauraasje fûn fuortendaliks plak nei de reduksje fan Grins en waard yn 1599 ôfsletten. Under de tekst wurde ferskillende soarten ark ôfbylde.

It oargel fan 'de tsjerke waard yn 1696 troch Arp Schnitger boud as twamanualich ynstrumint mei tweintich registers en pedaal. Oft Schnitger noch âlder piipmaterjaal fan it earder oargel brûkt hie, is net bekend. Yn 1768, 1806 en 1855 ferbouden resp. Albertus Antoni Hinsz, Heinrich Hermann Freytag en Petrus van Oeckelen] it oargel. Tusken 1947 en 1980 wurken Simon Graafhuis en Cor Edskes oan it oargel. Yn dy tiid waarden de yn 1855 ferwidere registers út it rêchwurk rekonstruearre.

It oargel waard yn 2015 nei in restauraasje troch Mense Ruiter wer yn gebrûk nommen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: