Hert (symboal)
In hert of hertsje is in symboal en ideogram dat brûkt wurdt om 'e leafde út te drukken. It bestiet út in foarm mei twa rûnings oan 'e boppekant wêrfan't de linen oan 'e ûnderkant gearkomme yn in punt. De tradisjonele kleur fan dit symboal is read. It is basearre op it hert as minsklik orgaan, de spier dy't it bloed ompompt troch it lichem. De foarm fan it hertsymboal is lykwols (suver) net werom te kennen yn it lichemsdiel dêr't it syn namme oan ûntlient. De oerienkomst is dan ek earder metafoarysk, en slacht op it lichaamlike hert as it symboalyske sintrum fan 'e minsklike emoasje, dêr't leafde en affeksje by ynbegrepen binne.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In read hertsje is it algemien erkende symboal foar de leafde. In read hertsje dat trochboarre is mei in pylk, in saneamd trochboarre hert, stiet foar in spesifike begryp: de romantyske leafde. Dat symboal giet werom op 'e Grykske mytology, wêryn't de god Amor, ek wol Kupido neamd, in bôgesjitter is dy't minsken fereale opinoar wurde lit troch se mei syn pylken te reitsjen. In brutsen hert of ferwûne hert, almeast útbylde as in hertsje dat midstwa brutsen is, stiet foar leafdesfertriet of inkeld ek wol foar ûnbeäntwurde leafde. Teffens wurdt it hertsymboal wol as piktogram brûkt, benammen yn teksten op T-shirts, lykas "I ♥ New York" (mei de betsjutting: "I love New York") of "Ik ♥ famkes" (mei de betsjutting: "Ik hâld fan famkes").
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierst bekende ôfbylding fan in hert dat brûkt waard as symboal foar romantyske leafde datearret út 'e 1250-er jierren en makket diel út fan in fersierde inisjaal (in S) yn in Frânsk manuskript fan 'e Roman de la Poire, dat op 'e noed is fan 'e Bibliothèque Nationale yn Parys. De tsjintwurdige foarm krige it hertsymboal pas yn 'e fyftjinde iuw, wêrnei't it yn 'e sechstjinde iuw foar it earst populariteit krige, sadat it gebrûk him oer hiel Jeropa fersprate, en dêrwei yn 'e folgjende iuwen oer de rest fan 'e wrâld. Sa moat it hertsymboal Japan tusken 1543 en 1614 berikt hawwe, dêr't it yn 'e kultuer fan 'e samoerai in symboal fan Marishiten, de goadinne fan 'e bôgesjitters, waard. Sûnt de njoggentjinde iuw hat it hert him benammen yn 'e Westerske wrâld ûntjûn ta in symboal dat rûnom yn 'e popkultuer foarkomt, bgl. op winskkaarten, snobbersguod, klean, ensfh. It is ek sterk ferbûn mei Falentynsdei, de ynternasjonale dei fan 'e leafde (14 febrewaris).
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der besteane in grut tal teoryen oer de betsjutting fan 'e hertfoarm, wêrfan't de measten yn of nei de 1960-er jierren oppenearre binne. Guon saakkundigen wolle hawwe dat de foarm ûntlient is oan 'e silfiumplant, dy't yn 'e Aldheid as in herbaal foarbehoedsmiddel brûkt waard, wylst oaren der in stilearre foarm fan froulike lichemsdielen yn sjogge, lykas de boarsten, de stuten of sprate skamlippen.
Heraldyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hert is ek in heraldysk stik, dat op in flak fan in wapen (of wapenbanier) pleatst wurde kin. De ierste heraldyske herten ferskynden yn 'e tolfde iuw. De herten yn it wapen fan Denemark geane werom op 'e wapenbanier fan 'e keningen fan Denemark, dy't sels wer basearre binne op in segel dat al yn 'e 1190-er jierren yn gebrûk wie. Mar hoewol't de stikken dêr dúdlik in hertfoarm hawwe, wiene se oarspronklik net bedoeld om herten út te byldzjen, en al hielendal net as symboalen foar romantyske leafde. Ynstee dêrfan tinkt men dat se foar de blêden fan 'e wetterleelje stiene, krektlyk as de pompeblêden op 'e Fryske flagge, dy't inkeld troch útlanners ek wol oansjoen wurde foar hertsymboalen. Pompeblêden binne lykwols winliken hiele oare dingen, dy't fan hertsjes te ûnderskieden binne trochdat de beide rûnings skean nei rjochtsboppen wize en de dêrfoaroerlizzende kant gjin punt mar in inkele rûning hat.
Behalven 'gewoane' herten komme ek trochboarre herten en (yn mindere mjitte) ferwûne herten wol foar as heraldyske stikken. It wapen fan 'e Skotske clan Lockhart lit in hert sjen dat omjûn is troch de bûgel fan in hingslot, wêrmei't de namme fan 'e clan útbylde wurdt: "lock" betsjut "slot" en hart (no heart) is in âlderwetske stavering foar "hert". Sa'n wapen dat de namme fan 'e drager útbyldet, wurdt in sprekkend wapen neamd. Yn 'e geastlike heraldyk wurdt wol in saneamd hillich hert brûkt, dat in hertfoarm is dêr't fan boppen flammen út komme, of ek wol in krús, of dat trochboarre wurdt troch spikers, in swurd of toarnen. Omdraaide herten, mei de rûningen nei ûnderen en de punt nei boppe ta, byldzje yn 'e heraldyk stilearre testikels (Italjaansk: coglioni) út, lykas yn it sprekkende wapen fan 'e Colleoni-famylje út Milaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|