Springe nei ynhâld

Triple Alliânsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Triple Alliânsje (1882))
In lânkaart fan Jeropa yn 1914, oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch. De Triple Alliânsje yn legergrien; de rivalisearjende Triple Entente yn ljochtgrien.
Dizze side giet oer de Triple Alliânsje fan 1882. Foar oare betsjuttings, sjoch: Triple Alliânsje (betsjuttingsside).

De Triple Alliânsje (Dútsk: Dreibund; Italjaansk: Triplice Alleanza; Hongaarsk: Hármas Szövetség) wie in militêr bûnsgenoatskip tusken it Keizerryk Dútslân, de Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy en it Keninkryk Itaalje, dat oprjochte waard op 20 maaie 1882. Neitiid waard it om 'e safolle tiid fernijd oant it ferrûn yn 1915, ûnder de Earste Wrâldoarloch. De Triple Alliânsje spile, yn 'e mande mei de rivalisearjende Triple Entente tusken it Feriene Keninkryk, Frankryk en it Keizerryk Ruslân, in wichtige rol by de oanrin nei it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch. Doe't dat konflikt úteinlik losbaarnde, foel de Triple Alliânsje útinoar, mei't Itaalje wegere him yn in oarloch behelje te litten dy't troch Dútslân en Eastenryk-Hongarije sels begûn wie. Krektoarsom: Italjaanske territoriale belangen yn it neidiel fan Eastenryk-Hongarije soargen derfoar dat it lân him yn 1915 oan 'e kant fan 'e Alliëarden yn 'e striid mong.

Foarskiednis en oprjochting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It troch Prusen behearske Keizerryk Dútslân en de Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy rekken nei de Prusysk-Eastenrykske Oarloch fan 1866 in skoft útinoar, mar tsjin 'e ein fan 'e 1870-er jierren kroepen se inoar wer oan. Op 7 oktober 1879 sleaten se in militêr bûnsgenoatskip, de Dûbeldalliânsje, dy't benammen rjochte wie tsjin Frankryk en it Keizerryk Ruslân. Om dy snuorje hinne socht Itaalje om stipe tsjin 'e Frânsen, nei't dyselden it Beylikaat Tunis (it hjoeddeistige Tuneezje) kolonisearre hiene, in gebiet dêr't de Italjanen ek op longeren. Sadwaande waard op 20 maaie 1882 de Triple Alliânsje foarme, dat eins in útwreiding wie fan 'e Dûbeldalliânsje.

Neffens de oerienkomsten fan it bûnsgenoatskip soene Dútslân en Eastenryk-Hongarije inoar militêr te help sjitte as ien fan beiden oanfallen waard troch in oare grutmacht, wêrmei't yn 'e praktyk ferwiisd waard nei Frankryk en Ruslân. De beide lannen soene Itaalje militêr te help komme as dat lân oanfallen waard troch Frankryk. Yn ruil dêrfoar soe Itaalje Dútslân militêr te help komme as dat lân troch Frankryk oanfallen waard, en as Eastenryk-Hongarije (dat gjin grins mei Frankryk hie) oanfallen waard troch Ruslân, soe Itaalje neutraal bliuwe. Dat lêste wie fan grut belang foar Eastenryk-Hongarije, mei't Itaalje oanspraak makke op ferskate Eastenryksk-Hongaarske gebietsdielen (Súd-Tiroal, Istrje en Dalmaasje). It lei dêrom foarôfgeande oan it sluten fan 'e Triple Alliânsje yn 'e reden dat Itaalje fan in oarloch tusken Eastenryk-Hongarije en Ruslân gebrûk meitsje soe om 'e Eastenrikers yn 'e rêch oan te fallen. It bestean fan dit militêr bûnsgenoatskip en hokker lannen deroan dielnamen, wie algemien bekend (yn in tiid dat it hiel normaal wie om militêre bûnsgenoatskippen geheim te hâlden), mar wat krekt de ôfspraken tusken de lidsteaten wiene, waard pas yn 1919 iepenbier.

In spotprint yn it Dútske satiryske tydskrift Lustige Blätter, wêryn't de draak stutsen wurdt mei de Triple Alliânsje: it folwoeksen Dútslân skuort it jonkje Eastenryk-Hongarije mei, wylst it lytse bern Itaalje in driftbui kriget om't it by de Frânske hoanne bliuwe wol.

Lettere ûntjouwings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Triple Alliânsje nei fiif jier, yn febrewaris 1887, fernijd waard, krige Itaalje op 'e eardere ôfspraken ta in leech ûnthjit fan Dútslân dat it de Italjaanske koloniale ambysjes yn Afrika stypje soe. Fan Eastenryk-Hongarije betongen de Italjanen dat se rieplachte wurde soene oer alle grinsferoarings op 'e Balkan en oangeande eilannen yn 'e Adriatyske, Ioanyske en Egeyske Seeën. Eastenryk-Hongarije moast troch Dútslân ûnder druk set wurde om dêrmei akkoart te gean, en Itaalje en Eastenryk-Hongarije wisten harren tsjinstelde territoriale belangen op 'e Balkan net te oerwinnen, ek al wiene se op papier bûnsgenoaten.

Yn 1891 waard der war dien om it Feriene Keninkryk as fjirde lidsteat oan 'e Triple Alliânsje ta te foegjen. Dat slagge net, mar yn Russyske diplomatike fermiddens waard lang miend dat it wol slagge wie. Op 18 oktober 1883 hie kening Karel I fan Roemeenje, fia syn minister-presidint Ion C. Brătianu, yn it geheim wol in bûnsgenoatskip mei de Triple Alliânsje sletten (mar by it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch soe Roemeenje neutraal bliuwe om't Eastenryk-Hongarije de agressor wie).

Koart nei in nije ferlinging fan 'e Triple Alliânsje yn juny 1902 sleat Itaalje yn it geheim in selde oerienkomst oer ferlizzing fan grinzen op 'e Balken mei Frankryk as it mei Eastenryk-Hongarije hie. Noch wer fiif moannen letter, op 1 novimber 1902, tekenen Itaalje en Frankryk in geheime oerienkomst wêryn't se fêstleine dat elts fan 'e beide lannen neutraal bliuwe soe yn it gefal fan in oanfal fan in trêde lân op 'e oare.

Op 28 juny 1914 waarden by in besyk oan Sarajevo, yn 'e Eastenrykske provinsje Bosnje, de Eastenryksk-Hongaarske aartshartoch en troanopfolger Frâns Ferdinand en syn frou, hartoginne Sophie von Hohenberg, fermoarde troch de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip. Dat foarfal lette de saneamde Julykrisis yn, wêrby't Eastenryk-Hongarije it Keninkryk Servje ferantwurdlik hold foar de moardoanslach, ek al wie dy op Eastenrykske boaiem útfierd. Nei it ferrinnen fan in ultimatum foar de ynwilliging fan ûnreedlike easken, ferklearre Eastenryk-Hongarije op 28 july 1914 oan Servje de oarloch. Dat wie it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch, wêrby't it stelsel fan militêre bûnsgenoatskippen ta in keatlingreäksje fan oarlochsferklearrings late. Itaalje fielde him lykwols op gjin inkele wize ferplichte om 'e oare leden fan 'e Triple Alliânsje militêr te help te sjitten, mei't Eastenryk-Hongarije de oarloch sels begûn wie.

De Italjaanske neutraliteit duorre net lang. Op 6 april easke it fan Eastenryk-Hongarije Súd-Tiroal, Istrje en Triëst op yn ruil foar duorjende neutraliteit. Eastenryk-Hongarije wegere dêroan te foldwaan. Op 26 april waard yn Londen in geheim ferdrach sletten tusken de Alliëarden en Itaalje oer territoriale kompinsaasje foar Itaalje as dat lân oan harren kant meidwaan soe oan 'e oarloch. Op 4 maaie sei Itaalje de Triple Alliânsje op, en op 24 maaie ynterveniëarre it lân oan 'e kant fan 'e Alliëarden yn 'e oarloch troch Eastenryk-Hongarije de oarloch te ferklearjen en in offinsyf tsjin Súd-Tiroal yn te setten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.