Ioanyske See

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ioanyske See
Locatie Ionische Zee.PNG
geografy
lokaasje súdeast fan Itaalje, súdwest fan
Albaanje, west fan Grikelân
koördinaten 38°N 18°E
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
djipste punt 5.267 m

De Ioanyske See is de see besúdeasten de Lears fan Itaalje, eastlik fan Sisylje en westlik fan Albaanje en Grikelân. Oan de noardkant foarmet de Strjitte fan Otranto de trochgong nei de Adriatyske See. De Strjitte fan Messina is de ferbining mei de Tyrreenske See. Al dizze seeën meitsje part út fan de Middellânske See. De Ioanyske See hat neat út te stean mei de lânstreek Ioanje, dy't oan 'e westkust fan Lyts-Aazje leit.