Tradysje

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Tradysjes")
Gean nei: navigaasje, sykje
In joadske frou ferwol-kommet de sabbat, in tradysje dy't teminsten 3.300 jier âld is.

In tradysje (fan it Latynske tradere, "trochjaan", fia it Frânske tradition) is in oertsjûging of in foarm fan hâlden en dragen dy't fan symboalyske betsjutting is of in spesjale bedoeling hat, en dy't troch minsken binnen in maatskiplike of kulturele kontekst fan âlder op âlder trochjûn wurdt. Tradysjes kinne dêrom ek omskreaun wurde as ferstienne gewoanten of wizânsjes dy't ûnderdiel útmeitsje fan 'e ymmateriële kultuer, en utere wurde troch folkloare. Faak falle tradysjes gear mei in beskate tiid fan it jier. Se hawwe ek gauris te krijen mei leauwe, al is it mar sydlings of fan (fergetten) oarsprong. Foarbylden fan tradysjes binne bygelyks yn Nederlân it Sinteklaasfeest, it by de doarren lâns gean fan om snobbersguod biddeljende bern op Sint Marten, en it oanbieden fan in poppebak as der in poppe berne is. Regionaal kin men tinke oan kloatsjitten en it stoken fan Peaskefjurren mei Peaske. Yn Fryslân binne foarbylden fan tradysjes it aaisykjen, fierljeppen, keatsen en it dragen fan earizers as ûnderdiel fan 'e Fryske dracht fan froulju. In foarbyld fan in pleatslike tradysje is it Sint-Pitersfeest yn Grou, en in foarbyld fan in wrâldwide tradysje is it yn 'e hûs heljen fan in krystbeam as ûnderdiel fan it Krystfeest. Soms wurde tradysjes wittens en mienens kreëarre om in nasjonale identiteit te skoarjen en sa de ienheid fan in (nij) lân te befoarderjen. Dat ferskynsel is troch de antropologen Eric Hobsbawm en Terence Ranger oantsjutten as in 'útfûne tradysje'.

De funksje fan in tradysje is it yn stân hâlden fan 'e stabiliteit fan in maatskippij of kultuer. Yn dat ramt wurde tradysjes ornaris as weardefol beskôge, en eat dat it wurdich is om te behâlden. Se foarmje lykwols ek in type fan konservatisme, dat in remjende wurking op 'e foarútgong hawwe kin, temear om't tradysjes faak boppe alle krityk ferheft binne. De oanhingers fan tradysjes nimme it jin sadwaande meastal net yn tank ôf as harren tradysjes dochs bekritisearre wurde. Boppedat binne net alle tradysjes goedaardich; sa is yn Nederlân bgl. de ûntgriening fan earstejiers studinten troch harren studinteferienings tradysjoneel. Troch de jierren hinne binne dêr withoefolle 'grientsjes' by ferwûne rekke, en binne der sels ferskate deaden fallen. En yn dielen fan Spanje en Frankryk wurde bollegefjochten as in tradysje sjoen, wêrby't bollen troch saneamde toreadors op ûnmeilydsume wize ôfslachte wurde.

De oantsjutting 'tradysje' wurdt ek wol brûkt om te ferwizen nei de mûnlinge oerlevering, almeast yn in formulearring as "de tradysje wol hawwe dat..." of "neffens de tradysje..." Dat is foar de lêzer in teken dat wat folget net ûnderstipe wurdt troch wittenskiplik of dokumintêr bewiis en dêrom net wier hoecht te wêzen. Sa kin men bgl. lêze: "Neffens de tradysje is Homêros berne op it eilân Chios, mar oare plakken hawwe der ek oanspraak op makke it berteplak fan 'e grutte dichter te wêzen."

As eigenskipswurd, tradysjoneel, kin it idee fan 'e tradysje oan alderhanne dingen taheakke wurde, mei de betsjutting "sa't it foarhinne wie". It tradysjonele roomsk-katolisisme is dus it roomsk-katolike leauwe fan eardere tiden, dat folle stranger yn 'e lear wie as dat it hjoed de dei is. It konsept 'tradysje' wurdt soms ek politisearre ta it tradysjonalisme. Dat is in politike streaming dy't fêsthâlde wol oan of werokeare wol nei de sitewaasje út eardere tiid. Sa'n ideology is benammen oanloklik foar lju dy't har oankantsje wolle tsjin tradysjeferlies. Dat is in ferskynsel dat altyd al bestien hat, mei't net alle tradysjes altyd goed trochjûn waarden oan 'e folgjende generaasje of om't der meitiid gewoan minder oandacht foar in beskate tradysje kaam. Tsjintwurdich wurdt sok 'normaal' tradysjeferlies lykwols oanboaze troch faktoaren as yndustrialisaasje, globalisaasje en assimilaasje en marginalisaasje fan kulturele groepen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.