Generaasje

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Âlder op âlder)
Jump to navigation Jump to search
Fiif generaasjes fan ien Armeenske famylje: in poppe mei mem, beppe, oerbeppe en betoerbeppe.

It wurd generaasje (soms stavere as ginneraasje) komt fan it Latynske generare, dat "oansette" (fan in bern) betsjut. Yn 'e sosjology is it in beneaming foar in groep minsken dy't yn deselde perioade (fan bgl. 15, 25 of 33 jier) berne binne, synonym mei bertekohorte. Sokke generaasjes hawwe te krijen mei mienskiplike skaaimerken en sosjale en demografyske ferskynsels dy't de ûnderlinge ferskillen tusken de yndividuën oerstige kinne trochdat se binnen ien generaasje ferlykbere problemen, ideeën en hâldings opsmite.

Yn 'e geneälogy is in generaasje in groep leden fan deselde famylje dy't op gelikense hichte yn 'e stambeam steane. Bruorren, susters, neven en nichten foarmje bygelyks in famyljegeneraasje, âlden, omkes en muoikes in twadden en pake en beppe, âldomkes en âldmuoikes in trêdenien.

Benammen 'generaasje' yn 'e sosjologyske betsjutting fan bertekohorte wurdt tsjintwurdich in protte brûkt yn 'e popkultuer, en foarmet boppedat yn 'e wittenskip in wichtich ûnderdiel foar de sosjologyske analyze fan 'e hjoeddeiske maatskippij. Koartsein kinne nije generaasjes sjoen wurde as de fernijers fan in kultuer, mei as gefolch dat de maatskippij by de tiid bliuwt. Dy fernijingsdriuw fan nije generaasjes liedt faak ta in botsing mei âldere generaasjes, dêr't dan in saneamde generaasjekleau út ûntstiet, in gat tusken de belibbingswrâld fan 'e nije en de âldere generaasjes, dy't dêrtroch net opinoar oanslute. As wat fan generaasje op generaasje trochjûn wurdt, lykas folksferhalen of tradysjes, dan seit men dat it fan âlder op âlder trochjûn wurdt.

It earste serieuze ûndersyk nei generaasjes yn 'e sosjologyske sin begûn yn 'e njoggentjinde iuw, doe't de wittenskip him bewust waard fan 'e mooglikheid dat feroaring yn in maatskippij permanint fan karakter is. Tagelyk bestege de sosjology ek foar it earst oandacht oan it ferskynsel fan 'e jongereinrebûlje tsjin 'e fêstige oarder. Hjoed de dei beskôgje guon sosjologen generaasjes as ien fan 'e fûnemintele kategoryen fan in maatskippij, wylst oaren miene dat oare faktoaren, lykas klasse, geslacht, ras, ûnderwiis, ensfh. folle wichtiger binne.

Yn 'e Westerske wrâld kinne yn 'e resinte skiednis de folgjende sosjologyske generaasjes identifisearre wurde:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes