Springe nei ynhâld

The Trials of Cate McCall

Ut Wikipedy
The Trials of Cate McCall
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Karen Moncrieff
produsint Eric Karten
Karen Moncrieff
Marc Bienstock
Peter Schafer
senario Karen Moncrieff
kamerarezjy Antonio Calvache
muzyk Peter Nashel
filmstudio Pitbull Pictures
Sunrise Films
distribúsje Sierra/Affinity
spilers
haadrollen Kate Beckinsale
Nick Nolte
byrollen Anna Anissimova
James Cromwell
Mark Pellegrino
Johnny Sneed
Clancy Brown
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 28 novimber 2013
foarm langspylfilm
sjenre rjochtbankdrama
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $250.000

The Trials of Cate McCall is in Amerikaanske rjochtbankdramafilm út 2013 ûnder rezjy fan Karen Moncrieff, mei yn 'e haadrollen Kate Beckinsale en Nick Nolte. De titel is in wurdboarterij, mei't it sawol "De Beproevings fan Cate McCall" as "De Rjochtsaken fan Cate McCall" betsjutte kin. It ferhaal giet oer Cate McCall, in alkoholistyske abbekate, dy't, om net út har amt set te wurden, in pro deosaak oannimt fan in jonge frou dy't in libbenslange finzenisstraf útsit foar moard, mar folhâldt dat se ûnskuldich is. The Trials of Cate McCall waard makke as ûnôfhinklike film en flopte yn 'e bioskopen.

Cate McCall is in abbekate yn Los Angeles, dy't oan 'e drank rekke is. De oarsaak dêrfan is net inkeld dat har man Josh by har wei gien is, mar ek dat út nij DNA-ûndersyk bliken dien hat dat Wilson George, in fermiende pedofyl en bernemoardner dy't Cate alve jier earder, doe't se noch ofsier fan justysje wie, yn it tichthûs krigen hat, ûnskuldich is. Dat sy der ferantwurdlik foar is dat in ûnskuldige tolve jier lang finzen sitten hat, is foar har ûnfertarber, en se hat har taflecht socht yn alkohol. Har swierrichheden binne dêrtroch lykwols allinne mar fierder oanboaze. Sa is se de fâdij oer har ûnderwilens fiifjierrige dochterke Augie kwytrekke oan har eks-man. En doe't se yn dronken steat amok makke yn 'e rjochtbank, hat se in proeftiid krigen wêryn't se sjen litte moat wêrom't se net út har amt set wurde moatte soe.

Om 'e proeftiid te beëinigjen, nimt Cate by wize fan bestraffing in rjochtsaak pro deo oan. Se hopet dat soks ek helpe sil om wer dielde fâdij oer Augie te krijen. De saak wêr't it om giet, draait om 'e jonge frou Lacey Stubbs, dy't ta libbenslange finzenisstraf feroardiele is om't se Jennifer Cole, de mêtresse fan har frijer, de kiel trochsnien hawwe soe. Lacey, dy't altyd folholden hat dat se ûnskuldich is, wol no yn heger berop gean. Cate is net bliid om sa'n drege saak tawiisd te krijen, mei't se derfan útgiet dat Lacey skuldich is en it heger berop net te winnen. Se moetet Lacey, dy't krekt nei in oar tichthûs oerpleatst is om't se yn 'e finzenis dêr't se earder fêstholden waard, ferkrêfte is troch in sipier. Neitiid begjint Cate oan har skuldigens te twifeljen en freget se har ôf oft der yn dit gefal wier sprake is fan in rjochterlike dwaling.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Cate is ferrast as de rjochter by it heger berop Jamison Sumpter is, in rokkejeiende âld-dosint oan 'e universiteit, fan wa't se by har stúdzje rjochten noch kolleezje hân hat. Se wit genôch punten fan twifel oer de bewiislêst boppe wetter te krijen dat Sumpter it Iepenbier Ministearje hjit om alle bewiisstikken oan 'e ferdigening oer te dragen. Om't Cate alles allinne dwaan moat en net oer assistinten beskikt, lykas se foarhinne wend wie by it foaroansteande abbekatekantoar dêr't se wurke, sjarteret se Bridges, in âld abbekaat dy't har sponsor is by A.A., om har te helpen. Tegearre dolle se troch de doazen folle dokuminten en lûds- en byldopnamen, wêrby't se op 'e iene nei de oare ûngerjochtichheid stjitte. Boppedat fertelt Lacey nei lang oankringen dat resjersjeur Robert Welch, de plysjeman dy't har foar de moard arrestearre hat, har by in eardere gelegenheid ferkrêfte hat.

Cate rekket lichtlik obsedearre troch de rjochtsaak, en ferûntachtsumet alle oare mêden fan har libben, wêrûnder ek har ferplichtings yn ferbân mei de fâdijstriid om har dochter. By it heger berop faget Cate de flier oan mei de saak fan it Iepenbier Ministearje. Op oertsjûgjende wize lit se sjen dat tsjûgen tsjin Lacey meineed begien hawwe, dat de plysje ûntlêstend bewiismateriaal weimakke hat, dat it Iepenbier Ministearje oar ûntlêstend bewiismateriaal efterholden hat en dat Lacey har eardere, troch de rjochtbank tawiisde abbekaat alhiel ynkompetint wie. It liket der sterk op dat Lacey har doetiidske frijer, de gewelddiedige Rusty Burkhardt, de wiere moardner is, mar dat de plysje him de hân boppe de holle holden hat om't hy en resjersjeur Welch befreone wiene. Ofsier fan justysje Barker is folslein ûntaret op Cate har kundigens en hat gjin wjerwurd. Sumpter is not amused troch alle ûntdekkings, en as Barker oan 'e ein fan it heger berop dochs, en sûnder ôfdwaande ûnderbouwing, oan 'e skuldigens fan Lacey fêsthâlde wol, ûntstekt de rjochter yn grutte grime, ferwiist alle oanklachten nei de foddekoer en stelt Lacey fuortendaliks yn frijheid.

De eufory dy't Cate nei dat fûnis fielt, duorret lykwols mar koart. Se fynt út dat har eks-man Josh fan doel om mei harren dochterke Augie te ferhúzjen nei Seattle, dêr't er in nije baan fûn hat by Microsoft. Cate besiket dat om 'e nocht by de rjochter tsjin te kearen. Wilson George, de man dy't troch har tadwaan alve jier ûnskuldich fêstsitten hat, siket kontakt mei har en blykt ferfolle te wêzen fan haat tsjin har om't er har ferwyt dat se syn libben stikken makke hat. As Cate nei Lacey fernimt, docht bliken dat sy no gearwennet mei de sipier dy't har ferkrêfte hawwe soe. By in besyk oan har âldelju, dy't gjin inkeld fertrouwen yn harren dochter hawwe, treft Cate tusken Lacey har efterlitten besittings in pornografysk romantsje oan, dêr't in beskriuwing fan in ferkrêfting yn stiet dy't suver wurd foar wurd itselde is as hoe't Lacey ûnder de eed har ferkrêfting troch resjersjeur Welch beskreau. Cate beseft dat se bespile is en dat Lacey wol deeglik skuldich is oan 'e moard dêr't se no foar frijsprutsen is. Op 'e nij hat se, krekt as by Wilson George, de ferkearde kar makke. Dy wittenskip soarget derfoar dat Cate in tebekfal kriget en wer begjint te drinken.

As Cate moarns mei in kater op 'e flier fan har appartemint wekker wurdt, is se te let om ôfskie te nimmen fan har dochter Augie, dy't dy deis mei Josh nei Seattle ôfset. Cate rekket ferbittere en jout langer nearne mear om. Se begjint te krewearjen om Lacey wer efter de traaljes te krijen, en brekt dêrby alderhanne regels en wetten. Sa spilet se bewiismateriaal troch oan it Iepenbier Ministearje en resjersjeur Welch, wiist de ofsier fan justysje op in ûnopmurken foarmflater dêr't it heger berop troch oerdien wurde moat, en sjantearret se rjochter Sumpter, dy't sympatyk foar Lacey oer stiet, om himsels út 'e rjochtsaak werom te lûken. Boppedat bliuwt se sels Lacey har abbekate, wylst se no temûk har eigen kliïnte tsjinwurket. Mei in nije rjochter en in better taret Iepenbier Ministearje ferrint de saak diskear net yn it foardiel fan Lacey. As de beskuldiging fan ferkrêfting tsjin resjersjeur Welch wer op 't aljemint komt en de ofsier fan justysje mei it pornografyske romantsje op 'e lapen komt dat Cate tusken Lacey har besittings fûn hat, begjint it Lacey te daagjen wa't der efter al har tsjinrampen sit. Se ferliest har selsbehearsking folslein en fljocht Cate yn 'e rjochtseal oan, wêrmei't se har eigen rjochtsaak finaal ferrinnewearret. Se wurdt op 'e nij skuldich befûn oan 'e moard op Jennifer Cole en ferdwynt wer yn it tichthús.

Underwilens hat Cate in baan oannommen by har âlde abbekatekantoar, dy't har oanbean wie op basis fan har súkses yn it oarspronklike heger berop fan Lacey Stubbs. De healwize wurkoeren dy't op it kantoar fan har ferwachte wurde, soargje der lykwols foar dat Cate har ferplichtings foar Augie oer noch mear ferwaarleazgje moat. Op 'e jierdei fan it famke arrivearret se jûns let pas, as it feest al foarby is. Se jout Augie in mobile tillefoan dêr't har eigen tillefoannûmer yn foarprogrammearre stiet, en drukt har op it hert dat se har no altyd opskilje kin. Har wurkjouwer Loncraine, ferwachtet fan har dat se yn in rjochtsaak oer finansjele skeafergoeding it slachtoffer swartmakket. Cate lit har op in hier nei meislepe, mar as Augie skillet wylst de behanneling fan 'e saak geande is, en Loncraine dúdlik makket dat er fan har ferwachtet dat se har tillefoan net oannimt mar oan it wurk giet, fertelt Cate alle oanwêzigen oer de gemiene praktiken om it slachtoffer del te heljen, nimt ûntslach en rint de seal út. Se ferhuzet nei Seattle, dêr't Josh, sa't er earder ûnthjitten hie, de fâdij oer Augie mei har dielt. Yn 'e lêste sêne lit se Augie de keamer sjen dy't se foar it famke yn har nije wente reemakke hat.

Kate Beckinsale.
Nick Nolte.
haadrollen
personaazje                                akteur/aktrise
Cate McCall Kate Beckinsale
Bridges Nick Nolte


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lacey Stubbs Anna Anissimova
rjochter Jamison Sumpter James Cromwell
resjersjeur Robert Welch Mark Pellegrino
ofsier fan justysje Barker Johnny Sneed
ofsier fan justysje Randall Brinkerhoff Clancy Brown
Josh David Lyons
Augie Ava Kolker
Rusty Burkhardt Brendan Sexton III
Wilson George Isaiah Washington
Loncraine Jay Thomas
patolooch-anatoom Ennis Brad Greenquist
mem Stubbs Dale Dicky
heit Stubbs Joe Stevens
Hazel Cole Lily Knight
psychologe Kathy Baker
heit fan Wilson George Lee Weaver
rjochter Tanaka Sharon Omi
Dorrie Booth Amanda Aday

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Trials of Cate McCall waard regissearre troch Karen Moncrieff nei in senario dat hjasels skreaun hie. As produsinten wiene Moncrieff, Eric Karten, Marc Bienstock en Peter Schafer by it projekt belutsen foar de filmstudio's Pitbull Pictures en Sunrise Films. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Antonio Calvache, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Peter Nashel. De opnamen foar The Trials of Cate McCall setten op 16 maaie 2012 útein yn Los Angeles.

De distribúsje fan The Trials of Cate McCall waard fersoarge troch Sierra/Affinity. De film gie op 28 novimber 2013 as earste yn 'e Hongaarske bioskopen yn premiêre. Yn 'e Feriene Steaten kaam The Trials of Cate McCall pas yn 2014 yn 'e bioskoop.

Noch Rotten Tomatoes, noch Metacritic (allebeide websiden dy't resinsjes sammelje), hawwe anno 2023 in beoardieling fan The Trials of Cate McCall.

The Trials of Cate McCall brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid mar $249.601 op. Hoewol't ûnbekend is wat it budget fan 'e film wie, liket dat ûntarikkend om út 'e kosten te kommen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.