The Tiger Who Came to Tea
The Tiger Who Came to Tea | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Judith Kerr | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | berneboek | |
1e publikaasje | 1968, Londen | |
oarspr. útjwr. | HarperCollins | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 00 72 15 997 |
The Tiger Who Came to Tea is in ferneamd Britsk berneboek fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwster Judith Kerr (1923-2019). De titel betsjut: "De Tiger Dy't op 'e Tee Kaam". It hat de foarm fan in koart ferhaal en ferhellet oer in tiger dy't ûnferwachts by it famke Sophie en har mem op 'e tee komt. The Tiger Who Came to Tea waard foar it earst publisearre troch útjouwerij HarperCollins yn 1968. It boek is fyftich jier nei de earste ferskining yn it Feriene Keninkryk noch altyd ekstreem populêr, en it is adapearre ta in musical en in tillefyzjeproduksje. De oarspronklike yllustraasjes by it ferhaal, dy't ek troch Kerr makke waarden, binne op 'e noed fan Seven Stories, it Britske berneliteratuersintrum yn Newcastle upon Tyne.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lytse famke Sophie drinkt middeis tee mei har mem oan 'e itenstafel by harren thús. As de doarbel giet, en Sophie docht iepen, blykt it in tiger te wêzen, dy't by harren op 'e tee komt. Hy drinkt alle tee op, yt alle iten yn 'e hûs op en drinkt dan ek noch alle drinken op, oant it wetter yn 'e kraan oan ta. Dêrnei jout er him wer ôf. As Sophie har heit dy jûns thús komt fan syn wurk, en der is neat te iten of te drinken, nimt er Sophie en har mem mei foar in feestlik miel yn in pleatslik kafee. De oare deis geane Sophie en har mem om boadskippen, en behalven iten en drinken foar harsels keapje se ek in grutte bus mei tigerfoer. Mar de tiger komt nea wer.
Ynspiraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Auteur Judith Kerr, in Joadinne, brocht har ierste jonkheid troch yn Berlyn doe't dêr de nazys yn opkomst wiene. Har heit, dy't net inkeld in Joad wie, mar ek noch iepentlik krityk op 'e nazys hie, waard dêrom op in deadelist set, en doe't Adolf Hitler yn maart 1933 oan 'e macht kaam, moast de húshâlding Dútslân ûnflechtsje. Neffens Michael Rosen, sels ek in berneboekeskriuwer fan Joadsk komôf, soe de tiger yn The Tiger Who Came to Tea basearre wêze kinne op Kerr har oantinken oan 'e driging út it ferline: eat dat har libben as jong bern op 'e kop sette en dat har alles ôfnommen hawwe koe dat se hie. Rosen sei dêroer:
"Judith wit alles fan gefaarlike lju dy't by jin oan 'e doar komme en minsken ôffiere. As jong bern waard har ferteld dat har heit elts momint troch de Gestapo of de SS pakt wurde koe – hy ferkearde in grut gefaar. Dus ik wit net oft Judith it bewust die of net – dat soe ik net sizze wolle – mar wêr't it om giet is dat it in grappige tiger is, mar wol in tiger."
Kerr sels, lykwols, hat ris sein dat de tiger neat oars fertsjintwurdiget as in tiger, en dat er neat mei de nazys te krijen hie. Se betocht it ferhaal nei't se mei har doe trije jier âlde dochter Tacy Kneale nei de dieretún west hie, en fertelde it withoefolle kearen oan 'e bern ear't se it útein opskreau. It skriuwen en yllustrearjen fan it boekje koste har in jier.
Status en oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Tiger Who Came to Tea ûntjoech him yn it Feriene Keninkryk ta ien fan 'e bêst ferkeapjende berneboeken aller tiden. It waard foar it earst yn 1968 publisearre troch útjouwerij HarperCollins en is fyftich jier nei dato noch altyd ekstreem populêr. It boek is beskikber yn braille en it is oerset yn it Dútsk (Ein Tiger kommt zum Tee), it Welsk (Y Teigr a Ddaeth i De) en it Japansk (おちゃのじかんにきたとら; Ocha no Jikan ni Kita Tora).
Adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan The Tiger Who Came to Tea is in musical makke troch David Wood. Yn 'e oarspronklike produksje waarden de trije haadrollen ferfolle troch Devon Black, Alan Atkins en Abbey Norman. Yn 2019 waard ek in tillefyzje-adaptaasje makke, dy't mei de kryst fan dat jier foar it earst útstjoerd waard op Channel 4.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |