The Island at the Top of the World
The Islands at the Top of the World | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Robert Stevenson | |
produsint | Winston Hibler | |
senario | John Whedon (op grûn fan in boek troch Ian Cameron) | |
kamerarezjy | Frank V. Phillips | |
muzyk | Maurice Jarre | |
filmstudio | Walt Disney Pictures | |
distribúsje | Buena Vista Distribution | |
spilers | ||
haadrollen | Donald Sinden David Hartman Jacques Marin Mako Iwamatsu Agneta Eckemyr | |
byrollen | David Gwillim Gunnar Öhlund | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 20 desimber 1974 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 93 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $8 miljoen | |
opbringst | $10 miljoen (yn Noard-Amearika) |
The Island at the Top of the World is in Amerikaanske histoaryske aventoerefilm en famyljefilm út 1974 ûnder rezjy fan Robert Stevenson. De titel betsjut: "It Eilân op 'e Top fan 'e Wrâld". It wie in produksje fan Walt Disney Pictures, dy't ferhellet oer in reis per loftskip nei it Noardpoalgebiet, op 'e syk nei in poalreizger dy't dêr ferdwûn is. De haadrollen waarden spile troch Donald Sinden, David Hartman, Jacques Marin, Mako Iwamatsu en Agneta Eckemyr. It senario fan John Whedon wie loskes basearre op 'e roman mei deselde namme fan Ian Cameron. De ûntfangst wie yn 't earstoan lau, mar bettere meitiid op.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Londen, 1907. De Amerikaanske argeolooch fan Skandinavysk komôf John Ivarsson komt yn 'e kunde mei de Ingelske aristokraat sir Anthony Ross. De man wol him mei hawwe op in yn tûzen hasten gearstalde ekspedysje nei it Noardpoalgebiet, dêr't syn soan Donald fermist rekke is. Donald Ross socht dêr nei it saneamde 'Walfisketsjerkhôf', in legindarysk eilân dêr't walfisken hinne gean soene om te stjerren. Sir Anthony hat in artefakt út 'e Wytsingtiid bemachtige dat de lizzing fan dat eilân oanwize soe, en fanwegen dy argeologyske konneksje hat er ferlet fan in ekspêr op dat mêd. Tsjin better witten yn lit Ivarsson him beprate om mei.
Jild is foar sir Anthony gjin probleem, dat de ekspedysje set ôf yn in loftskip dat er foar de gelegenheid hierd hat. It loftskip hjit de Hyperion, en wurdt bestjoerd troch de Frânske kaptein Brieux, in briljante mar eigensinnige yngenieur en útfiner. Underweis dogge se it eilân Ellesmere oan, dêr't se de jager Oomiak moetsje, in Inûk dy't befreone rekke wie mei Donald Ross. Sir Anthony wol de man as gids foar syn ekspedysje yn 'e tsjinst nimme, mar Oomiak is deabenaud foar it loftskip. Dêrop lokket sir Anthony him oan board as it loftskip fêst oan 'e grûn ferankere leit, en lit him ôfliede wylst ûnderwilens gau de keabels lossmiten wurde. Tsjin 'e tiid dat Oomiak beseft wat der bart, is it loftskip al te fier fan 'e grûn ôf om der noch út te springen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underweis sjogge de leden fan 'e ekspedysje almar mear walfisken yn deselde rjochting swimmen, wat harren moed jout dat se op it goede paad binne. Mei help fan it Wytsing-artefakt en de oanwizings fan Oomiak wurdt it legindaryske eilân op 'e top fan 'e wrâld einlings berikt. As se oerfallen wurde troch in sniestoarm, kinne sir Anthony, Ivarsson en Oomiak harsels rêde troch oan lân te gean, mar ear't Brieux harren folgje kin, wurdt de Hyperion troch de stoarmwyn fuortblaasd om mei útfiner en al op 'e rotsige kust tepletter te slaan.
As de trije oerlibbenen fan 'e ekspedysje by de kust fan it eilân lâns tsjogge, docht bliken dat it net ûnbewenne is, sa't se earder tochten, mar dat der in ferlerne Wytsingbeskaving mei de namme Astragard huzet, dy't der bestean kin troch de waarmte dy't de fulkanen op it eilân ôfjouwe, en dy't him iuwenlang yn folsleine isolaasje ûntwikkele hat. De Wytsingen nimme sir Anthony en Ivarsson finzen, mar Oomiak wit te ûntkommen. Yn 'e delsetting fan 'e Wytsingen ûntdekke se dat Donald Ross dêr ek fêstholden wurdt. De fanatike goði, de heidenske lieder fan 'e Wytsingmienskip, is alhiel net bliid mei de komt fan mear frjemdlingen, en hy feroardielet de trije mannen ta de dea.
Dêrop wurde sir Anthony, Donald en Ivarsson op in houten platfoarm yn 'e fjord fêstbûn, wêrnei't it platfoarm yn 'e brân stutsen wurdt. De mannen wurde lykwols fan in wisse dea rêden troch de kreaze en dappere Wytsingfaam Freyja, dy't like fereale rekke is op Donald, as dat hy op har is. Under dekking fan 'e oplôgjende flammen befrijt se de trije mannen, wêrnei't se fjouweresom de delsetting ûntflechtsje. Net fier bûten de delsetting jout Oomiak him wer by harren. Troch it fulkanysk berchtme yn 'e midden fan it eilân bejouwe se har mei syn fiven nei de fierste kust, dêrby efterfolge troch de poerlulke goði en syn frijwat ûnwillige krigers. Oarekant it eilân ûntdekke se it walfisketsjerkhôf, dêr't se oanfallen wurde troch orka's. Se wurde rêden troch de mei in gewear bewapene kaptein Brieux, dy't dochs net mei syn loftskip tepletter slein blykt te wêzen, mar de swier skansearre Hyperion by it walfisketsjerkhôf oan 'e grûn witten hat te setten.
As de efterfolgers by it walfisketsjerkhôf arrivearje, komt de goði om by in eksploazje dy't er sels feroarsaket as er in brânende pylk ôfsjit op it mei helium folle loftskip. Neitiid nimme syn krigers de fiif flechtlingen, no oanfolle mei Brieux, mei werom nei harren delsetting. De wetsprekker dy't it dêr nei de dea fan 'e goði foar it sizzen hat, is in folle reedliker man as syn foargonger, mar likegoed wolle de Wytsingen de leden fan 'e ekspedysje net gean litte sûnder dat ien fan harren as gizelder efterbliuwt yn Astragard. Ivarsson biedt himsels dan oan as frijwilliger om dêr te bliuwen, om't er yn Astragard, sa't er de oaren útleit, de kâns hat om 'e libbene skiednis te bestudearjen ynstee fan âlde resten út 'e grûn op te dobjen. Nei't se ûnthjitten hawwe om it bestean fan Astragard foar de bûtenwrâld geheim te hâlden, meie sir Anthony, Donald, kaptein Brieux en Oomiak ôfsette nei hûs, en Freyja kiest derfoar om mei harren te gean, út har leafde foar Donald. It lêste byld fan 'e film is as Ivarsson ûnderweis werom nei de delsetting nochris omsjocht nei syn freonen, dy't ferdwine yn 'e dize fan it Noardpoalgebiet.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
sir Anthony Ross | Donald Sinden |
prof. John Ivarsson | John Hartman |
kaptein Brieux | Jacques Marin |
Oomiak | Mako Iwamatsu |
Freyja | Agneta Eckemyr |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Donald Ross | David Gwillim |
de goði | Gunnar Öhlund |
Erik | Lasse Kolstad |
Torvald | Erik Silju |
de wetsprekker | Rolf Søder |
Sven | Torsten Wahlund |
Gunnar | Sverre Anker Ousdal |
Sigurd | Nils Hinrichsen |
doarpswachter | Denny Miller |
de kommisjonêr | Brendan Dillon |
Frânske yngenieur | James Almanzar |
de butler | Ivor Barry |
oanfierder fan 'e bôgesjitters | Lee Paul |
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Island at the Top of the World wie in produksje fan Walt Disney Pictures, dy't regissearre waard troch Robert Stevenson. De filmprodusint wie Winston Hibler, en de muzyk waard komponearre troch Maurice Jarre. It senario fan John Whedon wie loskes basearre op 'e roman The Lost Ones, skreaun troch Ian Cameron. Dat boek waard neitiid werútjûn ûnder de titel fan 'e film.
De plot fan 'e film wykt op punten frijwat ôf fan it boek. Yn it foarste plak spilet it boek yn 1960, en net yn 1907. Fierders leit Astragard yn it boek op it besteande Kanadeeske eilân Prince Patrick, wylst it yn 'e film op in optocht eilân leit, rjocht benoarden Ellesmere. Boppedat foege it senario ferskate personaazjes ta dy't net yn it boek foarkomme, wylst men yn it boek ek nei it loftskip de Hyperion omdôch sykje sil. Ta einbeslút oerlibbet Freyja yn 'e film alle aventoeren om, nei't men oannimme mei, noch lang en lokkich mei Donald Ross yn Ingelân te libjen, wylst se yn it boek op tragyske wize omkomt as se harsels opofferet om it libben fan har leaf Donald en syn heit te rêden.
It meitsjen fan The Island at the Top of the World duorre ferskate jierren, mei't it preproduksjetrajekt al yn 1968 geande wie. De kosten bedroegen $8 miljoen. Uteinlik gie de film op 20 desimber 1974 yn premiêre. De film waard yn 2004, ta gelegenheid fan it tritichste jubileum fan 'e premiêre, op 'e nij útbrocht, mei as ien fan 'e bonustaheakken in preproduksjetrailer út 1968 dy't û.m. in fraachpetear mei produsint Winston Hibler omfettet.
Untfangst en resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Island at the Top of the World waard by de premiêre mei lauwe resinsjes ûntfongen. Yn lettere jierren waard de film lykwols better wurdearre. Nettsjinsteande dat waard it nea in grut súkses. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht The Island at the Top of the World $10 miljoen op, wêrmei't de makkers rom út 'e kosten kamen. Der waarden plannen makke foar in ferfolch, mei as titel The Lost Ones, dat folle mear de plot fan 'e oarspronklike roman folgje soe, mar doe't it resultaat fan The Island at the Top of the World ôffoel, seach men dêrfan ôf. The Island at the Top of the World waard yn 1975 wol nominearre foar in Oscar yn 'e kategory art direction/set decoration in wurkmêd dêr't Peter Ellenshaw, John B. Mansbridge, Walter H. Tyler, Al Roelofs en Hal Gausman ferantwurdlik foar wiene.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan The Island at the Top of the World
- (in) Ynformaasje oer The Island at the Top of the World yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |