Agneta Eckemyr

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Agneta Eckemyr
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Agneta Eckemyr
nasjonaliteit Flag of Sweden.svg Sweedsk
berne 2 july 1950
berteplak Karlsborg (Sweden)
stoarn desimber 2018
stjerplak ûnbekend
etnisiteit Flag of Sweden.svg Sweedsk
jierren aktyf 19711982
offisjele webside
gjint

Agneta Eckemyr (Karlsborg, 2 july 1950 – ?, desimber 2018) wie in Sweedsk aktrise, model, en moade-ûntwerpster.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eckemyr waard yn 1950 berne yn Karlsborg, in stêd yn 'e Sweedske provinsje Westergautlân (Västra Götaland). As tiner begûn se modellewurk te dwaan en fanwegen har skientme waard se nei ferrin fan tiid ek frege foar rollen yn films en op 'e tillefyzje. Yn 1969 ferskynde der in fotoreportaazje fan har yn it Amerikaanske tydskrift Life Magazine, yn itselde nûmer dat ek fotoreportaazjes fan 'e fiif aktrises befette dy't kâns makken op 'e rol fan 'e tsjinspylster fan James Bond yn On Her Majesty's Secret Service.

Yn 1974 hie Eckemyr ien fan 'e haadrollen yn 'e Disney-produksje The Island at the Top of the World. Dat wie in aventoerefilm wêryn't se in jongfaam spile út in Wytsingmienskip, dy't op in eilân yn it Noardpoalgebiet iuwenlang yn isolaasje oerlibbe hie. Yn 1975 hie Eckemyr de froulike haadrol yn 'e Sweedske film Lejonet och Jungfrun ("De Liuw en de Faam"), en datselde jiers posearre hja neaken yn it manljusblêd Playboy, as de Playmate fan 'e moanne oktober 1975. Se stie ek op 'e omslach fan 'e edysje fan dy moanne.

Neitiid wie Eckemyr noch te sjen yn 'e Amerikaanske films The Kentucky Fried Movie (1977) en Winter Kills (1979) en yn in ôflevering fan 'e Amerikaanske tillefyzjesearje CHiPS. Ek spile se yn 'e Sweedske films Kristoffers Hus (1979), Flygnivå 450 (1980), Olsson per Sekund, eller: Det Finns Ingen Anledning till Oro (1981) en Brusten Himmel (1982). Dêrnei breide Eckemyr in ein oan har karriêre as akstrise en fûn se harsels op 'e nij út as moade-ûntwerpster. Dêrta sette se har nei wenjen yn New York, yn in appartemint dat útseach oer Central Park. Har haute couture-ûntwerpen waarden dêr ferkocht yn har winkel Älskling (Sweedsk foar "Leafste" of "Skatsje"), dy't oan Columbus Avenue stie.

Doe't se yn 'e sechstich wie, rekke Eckemyr oanhelle mei de sykte fan Alzheimer. Nei in tal jierren mei dy stadichoan fierder oanboazjende oandwaning libbe te hawwen, kaam hja yn desimber 2018 yn 'e âlderdom fan 68 jier te ferstjerren.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.