The Fifth Season
The Fifth Season | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | N.K. Jemisin | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2015, New York | |
oarspr. útjwr. | Orbit Books | |
prizen | Hugo Award: bêste roman 2016 | |
rige | ||
rige | The Broken Earth | |
● foarich diel | ― (1e diel) | |
● folgjend diel | The Obelisk Gate | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 31 62 29 296 |
The Fifth Season is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster N.K. Jemisin. De titel betsjut: "It Fyfde Seizoen", en ferwiist nei de periodike tiden fan rampsillige klimatologyske feroarings dy't de wrâld út it boek treffe. De roman fertelt it ferhaal fan Essun, Syenyt en Damaya, dy't ien en deselde persoan binne mei tuskenskoften fan fyftjin jier. The Fifth Season is it earste diel fan 'e trilogy The Broken Earth. It waard yn 2015 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Orbit Books. Yn 2016 wûn The Fifth Season de prestizjeuze Hugo Award yn 'e kategory 'bêste roman'.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Fifth Season spilet yn in wrâld dy't bleatstiet oan periodike klimatologyske feroarings, feroarsake troch rampsillich swiere ierdbevings en fulkaanútbarstings, mei jammerdearlike gefolgen foar de minsklike bewenners. (Sjoch foar in yngeandere beskriuwing fan 'e setting: The Broken Earth.) Yn it boek wurde yn trije aparte ferhaallinen trije froulju folge, Essun, Syenyt (Syenite) en Damaya, dy't, sa docht al rillegau bliken, ien en deselde persoan binne. De ferhaallinen fan Syenyt en Damaya binne skreaun yn it personele perspektyf notiid, wylst de ferhaalline fan Essun, hiel apart, yn 'e twadde persoan inkeltal notiid ferteld wurdt ("do dochst dit", "do giest dêr hinne", ensfh.). Essun/Syenyt/Damaya is in orogeen, wat sizze wol dat se oer it fermogen beskikt om enerzjy te behearskjen en te manipulearjen, benammen yn 'e ierde. Dêrmei kinne orogenen ierdbevings en fulkaanútbarstings feroarsaakje en foarkomme, en op yndirekte wize kinne se ek minsken en bisten deadzje troch harren lichemswaarmte (in foarm fan enerzjy) te stellen sadat se fan it iene stuit op it oare deafrieze. Dy fermogens hawwe orogenen tige freze en hate makke.
Yn it boek wurde de trije ferhaallinen trochinoarhinne ferteld (om bar in haadstik), mar foar it doel fan dit boekbesprek sil in gronologyske folchoarde oanholden wurde.
- Damaya
Likernôch tritich jier lyn komt oan it ljocht dat Damaya, in jong famke út it doarp Palela, in orogeen is. Hoewol't in protte jonge orogenen lyncht wurde troch harren plakgenoaten, hat Damaya, dy't yn 'e skuorre fan har âldershûs opsletten wurdt, it lok dat der in Beskermer, dy't Schaffa hjit, troch Palela komt ear't se fermoarde wurde kin. (De Beskermers binne in geheimsinnige kaste dy't tafersjoch hâldt op 'e oan it Draaipunt oplate orogenen dy't yn 'e tsjinst fan 'e oerheid steane.) Schaffa nimt Damaya mei nei Yumenes, de grutste stêd op 'e wrâld en fan âlds it sintrum fan it Sanzedyske Ryk. Yn 'e midden fan dy stêd stiet it Draaipunt, dêr't jonge orogenen op ûnmeilydsume wize oplaat wurde om ierdbevings del te bêdzjen en fulkaanútbarstings foar te kommen. Ek Damaya 'genietet' dêr har ûnderrjocht en ûntjout har yn in klimaat fan iensumens en ûnferskilligens ta in hurde jonge frou.
- Syenyt
Fyftjin jier letter kriget de jonge orogeen Syenyt (de namme dy't Damaya oannommen hat by it foltôgjen fan har oplieding) de opdracht om yn it selskip fan in nije mentor nei de kuststêd Allia te reizgjen, dêr't se de mei koraal tichtgroeide haven wer iepenje moat. Har mentor is Albaster (alle yn it Draaipunt treende orogenen hawwe de nammen fan stiensoarten), dy't tsien ringen hat, en dêrmei in orogeen fan 'e heechste rang is en oer seldsum grutte fermogens beskikt. Hy is lykwols ek in man dy't troch jierrenlang mentaal en fysyk misbrûk troch syn oerhearrigen geastlik net alhiel mear ynoarder is. Mei't it Draaipunt in eigen fokprogramma opset hat om 'e bêste orogenen te produsearjen, is it de bedoeling dat Syenyt en Albaster ûnder harren misje nei Allia foar neislachte soargje. Dat is eat dat harren beiden tsjinstiet, mar se binne net yn 'e posysje om soks te wegerjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Oankommen yn Allia docht bliken dat it net inkeld koraal is dat de havenyngong tichtset hat, mar dat it koraal op in mânsk foarwerp groeit dat krekt op dat plak op 'e seeboaiem leit. Om't Albaster op dat stuit oan it bekommen is fan in besykjen om him te fergiftigjen, mooglik troch it stedsbestjoer fan Allia, dat er tsjin him yn it harnas jage hat, knapt Syenyt it putsje eigenhandich op troch de obstruksje mei har orogenyske fermogens los te meitsjen en fuort te heljen. It blykt in delstoarte obelisk te wêzen sa't der tsientallen ûnder de wolkens yn in lege baan om 'e wrâld draaie: restanten fan in deade beskaving út in fier ferline, dêr't tsjintwurdich nimmen mear acht op slacht. Troch Syenyt har manipulaasje fan enerzjy komt de obelisk lykwols ta libben en sweeft neitiid boppe de haven fan Allia. As Albaster en Syenyt oer dit ûnferwachtse resultaat oan it Draapunt rapportearje, wurdt der in Beskermer op harren ôfstjoerd, dy't harren besiket te fermoardzjen. Dêrta blokkearret er earst harren tagong ta de enerzjy fan 'e ierde, mar Syenyt hat no murken dat se ek enerzjy út 'e obelisk helje kin, en yn uterste need nimt se dêr har taflecht ta.
Neitiid wurde sy en Albaster wekker op it eilân Meov, foar de kust fan Allia, dêr't se hinne brocht binne troch Antimonium, in froulike stieniter dy't Albaster al faker holpen hie, net selden tsjin syn wil. (Stieniters binne gjin minsken, mar wêzens dy't har troch de ierde en sels troch stien hinne ferpleatse kinne, en dy't oan minsken almeast ferskine as libbene stânbylden. Se kinne lykwols ek oare foarmen oannimme. Oer harren doelen en motiven is neat bekend.) Allia is no troch de ûnbehearske enerzjy fan 'e obelisk feroare yn 'e ûnbidige krater fan in superfulkaan, en alle ynwenners fan it stedsje binne omkommen. In gelok by in ûngelok is dat it Draaipunt no miene moat dat Albaster en Syenyt ek dea binne. Op Meov jouwe dy beiden har by in mienskip fan seerôvers dy't dêr fêstige is. Sawol Albaster as Syenyt krijt in relaasje mei Innon, de lieder fan 'e seerôvers, en der ûntjout him in tipelsinnige trijehoeksferhâlding. Syenyt, dy't ûnderwilens swier rekke wie fan Albaster, skinkt op Meov it libben oan in soan, dy't Corundrum komt te hjitten.
Trije jier ferstrike. Syenyt wit Innon der einlings fan te oertsjûgjen om har in kear mei te nimmen op ien fan syn seerôverstochten. Ienris ûnderweis wit se him boppedat safier te krijen dat er deun by de fulkaan lâns fart dêr't ienris Allia lei. Syenyt beseft dan dat dy fulkaan in meunster is dat almar grutter groeie sil, oant it op 't langelêst sa swier útbarste sil dat dêrmei in fyfde seizoen feroarsake wurdt. Se begrypt net wêrom't it Draaipunt dizze sitewaasje gewurde litten hat, mar om't sy de oarsaak is fan it ûntstean fan 'e fulkaan, fielt se har der ferantwurdlik foar. Sadwaande brûkt se har orogenyske fermogens om djip yn 'e ierde de magma tebek te kringen en mei stienlaach nei stienlaach te bedekken. As se klear is, rikket de fulkaan noch wol, mar hy sil no rillegau yn 'e sliep reitsje.
In pear wike letter wurdt dúdlik wêrom't it Draaipunt de fulkaan by Allia gewurde litten hie: it wie in fâle, om't de Beskermers fermoeden dat Syenyt en/of Albaster net dea wie(ne). Troch Syenyt har yngreep hawwe se har werom nei Meov folgje kinnen, en no arrivearje dêr fjouwer skippen fol soldaten, oanfierd troch ferskate Beskermers en mei orogenen derby om harren te helpen. Op in krúsjaal momint, it stuit dat de skippen it eilân begjinne de besjitten mei kanonnen, wurdt Albaster tsjin syn útdruklike wil troch Antimonium de ierde ynskuord om him út 'e gefaresône te heljen. Dêrtroch komt Syenyt der allinnich foar te stean. Mei Innon en in groepke oare seerôvers besiket se de skippen by it eilân wei te lokjen troch sels út te farren, mar as de mêst troffen wurdt troch in kanonskûgel komme se stil yn it wetter te lizzen.
De interjende soldaten en Beskermers weevje flot ôf mei Innon en de seerôvers. Under harren is Schaffa, dy't Syenyt wer ûnder syn hoede nimme wol, en feringele is as er foar it ferstân kriget dat se in soan krigen hat, dy't er mar wàt graach meinimme wol nei it Draaipunt. Syenyt deadet dan de lytse Corundum om him fan sa'n lot te rêden. Dêrnei siket se op 'e nij enerzjy yn ien fan 'e obelisken, mei de bedoeling om harsels ek te deadzjen. Dat slagget lykwols net, hoewol't Meov ferwuostge wurdt en alle skippen fan 'e Beskermers te sink geane. Syenyt wurdt neitiid troch guon oerlibjende Meoviten út it wetter helle en yn in fiskersboatsje nei it fêstelân brocht, dêr't se twa jier lang lichaamlik en geastlik ferdwaald omswalket oant se har ûnder de namme Essun nei wenjen set yn in plak op it súdlik healrûn dat Tirimo hjit.
- Essun
Tsien jier ferstrike. Essun is ûnderwilens troud mei de stienbewurker Jija, mei wa't se twa bern krigen hat: in dochter, Nassun, en in soan, Uche. Jija wit net dat Essun in orogeen is, en alhielendal net dat se har jefte trochjûn hat oan har bern. Op 'e dei dat fier nei it noarden ta Albaster mei de help fan Antimonium op skriklike wize wraak nimt op it Draaipunt, troch ûnder Yumenes in superfulkaan op te roppen dy't mei in ûnbidige útbarsting de hiele stêd ferslynt, it kontinint yn twaen spjaltet en fan it iene op it oare stuit in fyfde seizoen ynliedt, lit de trijejierrige Uche yn it bywêzen fan syn heit blike dat er in orogeen is. Jija slacht it jonkje dea en naait dan út mei syn achtjierrige dochter Nassun, him der ûnbewust fan dat dy deselde jefte hat as har broer. As Essun thúskomt fan har wurk as skoaljuffer en dêr it lyk fan har soan oantreft, wit se daliks wat der bard is. Se rekket lykwols in pear dagen geastlik paadbjuster, oant se holpen wurdt troch de freonlike jonge dokter Lerma. Dy wie as opslûpen jonge fereale op Essun, en trochdat er har oanhâldend observearre, besefte er úteinlik wat se wie. Hy wie de iennichste yn Tirimo, útsein Uche en Nassun, dy't dat wist, mar hy hold him stil.
Underwilens hat de ierdbeving, feroarsake troch de ynoarme fulkaanútbarsting by Yumenes, ek Tirimo berikt, mar in gebiet fan in pear myl yn trochsneed om it doarp hinne binne de gefolgen fan 'e ierdbeving sparre bleaun. Ynstee dat de ynwenners fan Tirimo dêr bliid mei binne, beseffe se ta har ûntsteltenis dat se in orogeen (in ferspijde rogga!) yn har fermidden hawwe moatte. Troch de dea fan Uche lûke de snoadsten fan harren deselde konklúzjes as Essun, en as it jonkje in orogeen wie, dan moat ien fan syn âlden dat ek wêze. As se Tirimo stilwei ferlitte wol, besykje de ynwenners dêrom út alle macht om Essun te fermoardzjen, mei as gefolch dat se ferskaten fan harren ombringe moat, ûnder wa de haadman Trask, dy't har krekt besocht te helpen, mar te ticht by har stie om oan 'e ynfloed fan har orogeny ûntkomme te kinnen.
Essun set ôf mei as doel om har dochter Nassun te finen en har man Jija te deadzjen, mar dy hawwe ûnderwilens in dagenlange foarsprong op har. Wylst it fulkanyske jiske begjint te snijen en de sinne fertsjustere wurdt troch alle stof yn 'e atmosfear, fynt Essun ûnderweis ferskate reisgenoaten: Hoa, in jonkje dat letter in stieniter yn momkape blykt te wêzen, en de wittenskipster Tonkee. Folle letter komt oan it ljocht dat dat gjinien fan beide tafallige moetings wiene. Hoa hie Essun al yn 'e rekken holden en beskerme sûnt se by Meov foar de earste kear kontakt makke mei in hiele obelisk (de opgroevene by Allia wie stikken), wylst Tonkee deselde is as it famke Binof, dat tritich jier lyn temûk it Draaipunt binnenkrong om 'e geheimen fan 'e wrâld te ûntraffeljen, en dêrfoar de help fan Damaya wist te krijen. Tonkee, dy't út in smoarrike famylje komt, hat Damaya/Syenyt/Essun neitiid altyd folgje litten (en die dat net troch magy te brûken, lykas de Beskermers, mar mei logika, wat neffens harsels folle betrouberder is).
Trijeresom berikke Essun-en-dy úteinlik de mienskip Castrima, dêr't se it spoar fan Jija en Nassun foargoed bjuster reitsje. Castrima bestiet út in pear huzen sûnder ôffreding, en wurdt dêrom net as in folweardige mienskip sjoen. It meastepart leit lykwols ûnder de grûn, dêr't in ûnbidich grutte kristallen geode útholle en ta stêd makke is. Om dêr farske lucht en rinnend wetter te krijen, is lykwols ferlet fan orogeny, en Castrima is dan ek in mienskip dêr't orogenen iepentlik útkomme foar wat se binne, en dêr't de oare lju dat lykje te akseptearjen. Ykka, de liedster fan Castrima, is in 'wylde' orogeen fan grutte krêft en feardichheid, dy't yn Essun de oantins oan Innon wekker makket. Yn Castrima sjocht Essun ek de dokter Lerma wer, dy't Tirimo fuort nei har ûntflechte is, en nei ferskate omswalkings hjir bedarre is. In oare âlde bekende dy't har dêr opwachtet is Albaster, dy't skriklik ferwûne rekke is troch de fulkaanútbarsting dy't er sels oproppen hat en boppedat stadichoan ferstienne rekket en opiten wurdt troch Antimonium as blykbere priis foar har help. Hy hat lykwols noch ien taak dy't er by libben folbringe moat, en dat is Essun ynstruksjes jaan oer wat er fan har ferwachtet. Alle geologyske ynstabiliteit fan 'e ierde wurdt nammentlik feroarsake troch de ôfwêzigens fan ien foarwerp. Hat Essun wolris heard fan in ding dat men 'de moanne' neamd?
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e New York Times skreau Naomi Novik yn in resinsje dat "[...] The Fifth Season ús útnûget om ús in ûntmanteling fan 'e wrâld foar te stellen yn sawol de letterlike as de figuerlike sin [...]. De ein fan 'e wrâld feroaret yn in triomf as de wrâld meunsterlik is, sels as wat oarekant dy ein leit, dreech foar te stellen is foar dejingen dy't fêstsitte yn sa'n wrâld."[1] NPR skreau dat "Jemisin op briljante wize yllustrearret dat, jawis, fantasijryk wrâldbouwen in ûnmisber elemint is fan it fantasysjenre – mar ek dat elts personaazje al in wrâld op himsels is."[2]
The Fifth Season waard yn 2015 nominearre foar in Nebula Award yn 'e kategory 'bêste roman'. Yn 2016 wûn it de Hugo Award, de wichtichste Amerikaanske fantasypriis, yn dyselde kategory, en waard it nominearre foar sawol in Locus Award as in World Fantasy Award. Teffens wûn The Fifth Season yn 2016 de Sputnik Award, in alternative priis dy't ienris útrikt waard by wize fan protest tsjin swierrichheden yn it nominaasjeproses fan 'e Hugo's. De roman waard yn 2017 troch de Amerikaanske tillefyzjestjoerder TNT adaptearre ta in tillefyzjesearje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar mear sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |