The Broken Earth
The Broken Earth | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | N.K. Jemisin | |
taal | Ingelsk | |
foarm | romansearje (trilogy) | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2015 – 2017 | |
oarspr. útjwr. | Orbit Books |
The Broken Earth is in trilogy fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster N.K. Jemisin, besteande út romans dy't ta it sjenre fan 'e fantasy hearre. De titel betsjut: "De Brutsen Ierde", en ferwiist nei de wrâld dêr't de boeken yn spylje. Dy stiet nammentlik bleat oan periodike klimatologyske feroarings feroarsake troch rampsillich swiere ierdbevings en fulkaanútbarstings, mei jammerdearlike gefolgen foar de minsklike bewenners.
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2015 – The Fifth Season
- 2016 – The Obelisk Gate
- 2017 – The Stone Sky
Setting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Broken Earth spilet yn in wrâld mei mar ien grut superkontinint, dat troch de minsklike bewenners sarkastysk 'de Stilte' neamd wurdt. Om 'e pear iuwen fynt der in katastrofale klimatologyske feroaring plak, dy't feroarsake wurdt troch in oerswiere ierdbeving of fulkaanútbarsting. Soks hat jammerdearlike gefolgen foar al it libben yn 'e wrâld, en de minsken neame sa'n perioade dêrom in "fyfde seizoen", mei't de omstannichheden dy't har dan foardogge, net yn it rychje maityd, simmer, hjerst en winter thúsbrocht wurde kinne.
Fyfde seizoenen wurde ferneamd nei harren meast opfallende skaaimerk. Sa hat der in Ferstikkend Seizoen west, doe't de fulkaan de Akok, yn it súdpoalgebiet, útbarste en in gebiet mei in trochsneed fan 500 myl bediek mei fine jiske dy't hurd waard yn 'e longen. Boppedat rekke de atmosfear fol mei jiskewolkens, sadat de hiele wrâld twa jier lang gjin sinneskyn hie en it súdlik healrûn fiif jier net. In oar foarbyld wie it Soerseizoen, doe't in swiere seebeving yn 'e fiere oseaan foar in tsûnamy soarge dy't hast alle kustmienskippen yn 'e wrâld mei boalderjend geweld trof. Troch de seebeving ûntjoech him boppedat in rige ûnderseeske fulkanen, dy't in seestreaming fersuorren dy't op 'e westkust fan 'e Stilte tagie en úteinlik om it hiele superkontinint hinne streamde. It gefolch dêrfan wie dat boaten en havens oanfretten waarden troch it soer yn it wetter, en dat de fisk dy't noch fongen wurde koe, ûnytber waard. De sinne briek nei sân jier troch de jiskewolken hinne, mar de kust bleau noch jierren dêrnei ûnbewenber.
Troch dizze omstannichheden hawwe de minsken in maatskippij ûntwikkele wêryn't krêft en macht ferhearlike wurdt, wylst men delsjocht op swakte. Om as mienskip ûnder in fyfde seizoen oerlibje te kinnen, binne der boppedat beskate ûnmeilydsume regels ynfierd, dy't oant op 'e letter neilibbe wurde. De Stilte wurde regearre troch de Sanzedyske Ekwatoriale Affiliaasje, in federaal ferbûn dat fuortkommen is út it Sanzedyske Ryk fan âlds. Dat ryk griep trijetûzen jier lyn de macht yn 'e wrâld ûnder it saneamde Gekteseizoen, doe't tsien jier tsjuster foar in opmerklike stiging yn it tal gefallen fan geastlik sykten soargen. De minsken binne ferdield oer in stikmannich nutkastes:
- Sterkrêgen: De kaste fan 'e sljochtwei arbeiders. As der tefolle sterkrêgen binne om fan nut te wêzen, wurde se ûnder in fyfde seizoen út 'e mienskip smiten.
- Resistinten: In kaste fan lju dy't (oant op beskate hichte) resistint wêze soene foar sykte en de gefolgen fan hongersneed. Resistinten soargje foar de siken, mjuksje latrines út en fiere oare taken út dy't te krijen hawwe mei sûnens en hygiêne.
- Fokkers: In kaste, benammen besteande út froulju, dy't de taak hat om 'e befolking fan in mienskip op in stabyl nivo te hâlden. Sokken produsearje sels bern of jouwe oare mienskipsleden mei winsklike lichaamlike eigenskippen tastimming om bern te krijen. Bern dy't sûnder dy tastimming te wrâld komme, hoege ûnder in fyfde seizoen net op in diel fan 'e itensfoarrie fan 'e mienskip te rekkenjen, en sille dan dus ferhongerje.
- Ynnovators: De kaste fan 'e lju dy't problemen oplosse: yngenieurs, dokters, ensfh.
- Lieders: De kaste fan 'e lju dy't oplaat binne (yn stêden) of keazen binne (yn lytsere plakken) om 'e mienskip of in oare wichtige organisaasje te lieden. Sokken kinne ek tsjin har wil ta lieder makke wurde as de need heech is.
Fierders binne der ek noch mienskipsleazen, lju dy't sûnder de beskerming libje dy't it lidmaatskip fan in mienskip biedt, soms út frije kar, mar yn 'e regel om't se út har mienskip set binne. Sokken rôvje en stelle ornaris om harsels te ûnderhâlden, en yn fyfde seizoenen ferfalle se net selden ta kannibalisme.
Magy komt ek foar yn de Stilte, al wurdt dat net sa neamd. Der besteane lykwols guon lju dy't it fermogen hawwe om enerzjy te behearskjen en te brûken, fral dat fan 'e ierde (op direkte wize) en fan 'e temperatuer (op yndirekte wize). Sokken wurde orogenen neamd (troch de skriuwster ôflaat fan it geologyske ferskynsel orogeny). Se kinne ierdbevings en fulkaanútbarsting feroarsaakje en foarkomme, en as se lulk makke of yn it nau dreaun wurde, kinne se ûnbedoeld oare libbene wêzens deadzje mei harren torus, it diel fan har om-en-by dat bleatstiet oan harren magyske ynfloed. Dat dogge se troch de lichemswaarmte fan libbene wêzens te stellen sadat se fan it iene op it oare stuit deafrieze; de lichemswaarmte wurdt dan omset yn enerzjy dy't orogenen brûke kinne om 'e ierde te behearskjen.
Fanwegen dit fermogen wurde orogenen rûnom freze en hate, en oantsjut mei de tige oanstjitjaande skelnamme rogga. De measten wurde as bern lyncht troch oare leden fan harren mienskip sadree't harren krêften harsels foar it earst iepenbierje. As se net deade wurde troch harren mienskip of harren eigen famyljeleden, wurde orogenen almeast oerdroegen oan in omreizgjende Beskermer, dy't harren meinimt nei it Draaipunt, in skoalle yn Yumenes, de haadstêd fan it Sanzedyske Ryk. Dêr wurde jonge orogenen op ûnmeilydsume wize oplaat om harren fermogens te behearskjen en te brûken foar it algemien nut. Orogenen dy't in oplieding oan it Draaipunt 'genoaten' hawwe, ken men derút troch har swarte unifoarmen. Sokken wurde oer it algemien dulde troch de gewoane lju, yn 'e sin dat se net op it earste gesicht fermoarde wurde. Se drage ringen om harren rang (en magysk fermogen) oan te jaan, wêrby't ien ring de leechste en tsien ringen de (tige seldsume) heechste rang is.
De Beskermers foarmje in geheimsinnige nutkaste dy't him derop taleit om 'e orogenen yn 'e rekken te hâlden. Guon fan harren hawwe it tafersjoch oer it Draaipunt, wylst oaren sûnder ophâlden troch de Stilte reizgje op 'e siik nei 'wylde' orogenen (d.w.s. orogenen dy't bûten harren behearsking om opgroeid binne), dy't se deadzje. As se jonge orogenen tsjinkomme, nimme se dy mei nei it Draaipunt, mar de it meastepart fan 'e orogenen dy't dêr in oplieding folget, bestiet út 'natuerlike' oanwaaks trochdat der foar orogenen in fokprogramma opset is om safolle mooglik winske magyske eigenskippen te krijen.
In lêste groep lju dy't yn de Stilte wennet, binne de stieniters. Dat binne gjin minsken, mar wêzens dy't har troch de ierde en sels troch stien hinne ferpleatse kinne, en dy't oan minsken almeast ferskine as libbene stânbylden. Se kinne lykwols ek oare foarmen oannimme. Oer harren doelen en motiven is neat bekend. Yn it ferline is wolris besocht harren te bestudearjen troch in stieniter te fangen. Dat waard û.m. dien troch de Sechsde Universiteit yn Arcara. It resultaat wie de Sânde Universiteit yn Dibars, dy't boud waard nei't der genôch boeken út it pún fan 'e Sechsde Universiteit opgroeven wiene.
Personaazjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Essun, de mem fan twa bern yn it plakje Tirimo, op it súdlik healrûn. Har man Jija wit net dat se in orogeen is. Har trijejierrige soan Uche wurdt troch syn heit deaslein as er blike lit dat er Essun har orogeny urven hat. As Jija dêrnei útnaaid mei syn dochter Nassun, hjitfolget Essun him wylst der in fyfde seizoen útbrekt.
- Jija, har man, in stienbewurker.
- Nassun, har dochter, dy't krekt as Essun in orogeen is.
- Hoa, in jonkje dat him ûnderweis by Essun jout (en letter in stieniter blykt te wêzen).
- Tonkee, in oan 'e universiteit oplate ynnovator dy't har ûnderweis by Essun jout.
- Lerna, in dokter út Tirimo.
- Rask, de haadman fan Tirimo.
- Ykka, in 'wylde' orogeen en de liedster fan 'e mienskip Castrima, dêr't Essun-en-dy bedarje.
- Hjarka, in freondinne fan Ykka, letter de minneresse fan Tonkee.
- Danel, in de generaal fan it leger fan Rennanis; fan ropping in 'lorist' (bard).
- Syenyt (Syenite), dy't Essun fyftjin jier earder is: in oan it Draaipunt yn Yumenes oplate orogeen, dy't in nije mentor tawiisd kriget en derop útstjoerd wurdt om 'e mei koraal tichtgroeide haven fan Allia wer iepen te krijen, en om swier te wurden fan har mentor.
- Albaster (Alabaster), har mentor, in orogeen mei tsien ringen dy't troch mentaal en fysyk misbrûk geastlik net alhiel mear ynoarder is.
- Corundum, de soan dy't Syenyt úteinlik mei Albaster kriget.
- Antimonium, in stieniter troch wa't Albaster beskerme wurdt oft er dat no wol of net, en dy't blykber in doel mei him hat (mar foar harsels hâldt wat dat doel is).
- Fjildspaat (Feldspar), in heechpleatste orogeen; Syenyt har ynstruktrise oan it Draaipunt.
- Asael, ien fan 'e seis pleatsferfangende gûverneurs fan Allia.
- Heresmith, de fise-gûverneur fan Allia.
- Innon, in 'wylde' orogeen en de lieder fan in mienskip fan seerôvers op it eilân Meov.
- Damaya, dy't Essun tritich jier earder is: in jong famke út it doarp Palela, op it noardlik healrûn, dat troch har âlden oan in Beskermer meijûn wurdt nei't bliken dien hat dat se in orogeen is. Se folget neitiid in oplieding oan it Draaipunt.
- Schaffa, de Beskermer dy't Damaya meinimt nei it Draaipunt, dêr har fêste begelieder wurdt, en op in ferwrongen manear as in heit fan har hâldt.
- Binof, dy't Tonkee tritich jier earder is: in famke út 'e liederskaste fan Yumenes dy't it Draaipunt temûk binnenkringt om 'e geheimen fan 'e wrâld te ûntraffeljen, en dêrfoar de help fan Damaya wit te krijen.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | priis | resultaat | kategory | foar |
---|---|---|---|---|
2015 | Nebula Award | nominearre | bêste roman | The Fifth Season |
2016 | Hugo Award | wûn | bêste roman | The Fifth Season |
Locus Award | nominearre | bêste roman | The Fifth Season | |
Nebula Award | nominearre | bêste roman | The Obelisk Gate | |
Romantic Times Reviewers' Choice Award | wûn | bêste hege-fantasyroman | The Obelisk Gate | |
World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | The Fifth Season | |
2017 | Hugo Award | wûn | bêste roman | The Obelisk Gate |
World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | The Obelisk Gate | |
2018 | Hugo Award | wûn | bêste roman | The Stone Sky |
Locus Award | wûn | bêste fantasyroman | The Stone Sky | |
Nebula Award | wûn | bêste roman | The Stone Sky |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|