Sybrandy's Boarterspark

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sybrandy's Boarterspark
algemien
hist. namme Sybrandy's Untspanningspark
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type privaat
sektor ferdivedaasjepark
fêstige yn Aldemardum (Fryslân)
oprjochte 1964
opdoekt 2019; trochstart 2020
oprjochter Rients Sybrandy
sifers
wurknimmers 19 (parttime)[1]
offisjele webside
www.sybrandys.nl

Sybrandy's Boarterspark (offisjeel en Nederlânsk: Sybrandy's Speelpark, en foarhinne: Sybrandy's Untspanningspark)[2] is in lytsskalich ferdivedaasjepark, dat sûnt de 1960-er jierren yn 'e bosken fan Gaasterlân, tusken Aldemardum en Riis fêstige wie. It gie yn 2019 ticht, mar makke yn 2020 in trochstart op in nije lokaasje by rekreaasjeterrein De Hege Gerzen by Aldemardum.[2][3]

Akkomodaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sybrandy's Boarterspark is benammen rjochte op bern fan tusken 3 en 13 jier âld,[2] en bestiet út in grutte boarterstún mei ferskate ferdivedaasjeparkattraksjes, wêrûnder in achtbaan en twa wyldwetterbanen.[2] In diel fan it park bestiet út in oerdutsen akkomodaasje.[2] Teffens is der in picknickplak mei tafels en in kafetaria/snackbar dêr't broadsjes, patat en oare snacks, iisko's en drinken te krijen binne.[2] Ien fan 'e bekendste attraksjes wie foarhinne de grutte draaiskiif, in soarte fan draaimole yn 'e foarm fan in flakke skiif.[3][4] Hoewol't dat apparaat tige populêr wie by bern, besleaten de eigners it ein 2018 fuort te dwaan fanwegen oanboazjende krityk op it mêd fan feilichheid.[3] Benammen by klassen skoalbern en oare groepen kaam der in protte dalje op, om't de begelieders net oan 'e âldelju hoege woene út te lizzen hoe't de bern oan blauwe plakken kamen.[3]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin en ûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It park waard yn 1964 oprjochte[2][3][4][5] troch Rients Sybrandy[3][4][5] (1925-2014)[5] as in fûgelpark en fazantery.[2][3][4] Nei ferrin fan tiid waard dêr in grutte boarterstún by boud,[2][3][4] om't de fûgels allinne net rindabel wiene.[4] Mar pas yn 'e 1990-er jierren waarden de earste 'grutte' attraksjes ynstallearre,[2] sadat men sprekke koe fan in ferdivedaasjepark. It park waard yn 'e 1980-er jierren oernommen troch Simon Sybrandy, de soan fan Rients.[3] Yn 1989 giene de lêste fûgels fuort.[3] Om Sybrandy's Boarterspark hinne wie by wize fan lûdsbarriêre in protte grien oanlein, yn totaal besteande út mear as 600 beammen en planten.[2]

Sluting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 2019 waard bekend dat Sybrandy's Boarterspark ein augustus fan dat jier tichtgean soe, wêrnei't it yn septimber sloopt wurde soe.[3] It bedriuw wie doe noch altyd yn 'e hannen fan Simon Sybrandy, dy't dat jiers 65 waard en mei pinsjoen gie.[3] Hoewol't syn soan Rienk al jierrenlang by it park belutsen wie, woed er it net op eigen manneboet fuortsette.[3] Fan 2013 ôf stie Sybrandy's Boarterspark al yn 'e ferkeap, mar der wiene net folle gadingmakkers. Doe't de lêste mooglike keaper begjin 2019 ôfheakke, besleaten heit en soan Sybrandy dat it moai west hie.[3] Der kamen in protte teloarstelde reaksje op 'e foarnommen sluting.[3] Op 25 augustus wie it park foar it lêst iepen.[1][4][6] De lêste dagen wie der in wiere stoarmrin op it park fan besikers dy't der noch ien kear hinne woene.[5][6][7] Al fiif dagen foar de sluting, op 21 augustus, moasten heit en soan Sybrandy de kassa tichtgoaie om't it park mei 1.100 besikers smoarfol wie.[6][7] Foar de lêste dagen wie ekstra personiel ynhierd.[7] De alderlêste dei dat it park iepen wie foel op in snein. Doe wie it der rêstich, wat de Sybrandy's wieten oan 'e drokte fan 'e foargeande dagen.[6]

Trochstart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lang om let kaam der ein july 2019 in rêdingsaksje foar it ferdivedaasjepark op gong op inisjatyf fan Sjerp Jaarsma, de eksploitant fan it strânpaviljoen en rekreaasjeterrein De Hege Gerzen.[1][4][5][8][9] Dyselde rûsde dat er ferlet hie fan likernôch 500.000 om 'e oername, de ferhuzing fan it park nei De Hege Gerzen[1] (4 km fierderop)[10][11] en de algemiene kosten fan 'e trochstart fan te beteljen.[1][4][8] Jaarsma hope it jild yn inkele wiken gearfandelje te kinnen, mar omskreau it proses as "in race tsjin 'e klok."[8] Om mei-finansiers te finen, rjochte Jaarsma de Club fan 500 op, dy't er sels oantsjutte as 'De Rêders fan Sybrandy'. It wie de bedoeling dat ûndernimmers út Gaasterlân foar ien kear €500 oermakken; yn ruil dêrfoar soene se fiif tagongskaartsjes foar it libben ûntfange en nochris tweintich foar 2020.[1] It idee efter de Club fan 500 wie dat de hiele ekonomy fan Gaasterlân profitearret fan it bestean fan Sybrandy's Boarterspark, dat in protte toeristen en deitoeristen nei de krite lûkt.[1] Uteinlik soe Jaarsma mei dizze crowdfundingsaksje €120.000[11][12] of €130.000[13] byinoar bringe.

De Sybrandy's wiene bêst te sprekken oer it idee en lieten witte Jaarsma wol yn 'e mjitte komme te wollen troch de feiling fan 'e attraksjes fan it park, dy't pland stie foar 10 oktober,[14] út te stellen as dat nedich blike soe te wêzen.[8] Foar de feiling hiene har begjin augustus al in protte belangstellenden oanmelden, foar it meastepart besteande út oare ferdivedaasjeparken, mar ek út campings.[8] Uteinlik waard de feiling yndie útsteld.[14] De gemeenterie fan De Fryske Marren stie foarsichtich posityf oer foar it plan fan Jaarsma (dy't foar de útfiering dêrfan ôfhinklik wie fan in gemeentlike fergunning).[15] Jaarsma joech ein augustus syn hoop te kennen dat De Fryske Marren him boppedat in liening fan €250.000 ferskaffe wolle soe.[15] De fraksjes fan CDA, PvdA, FNP en GrienLinks woene dêr wol oer prate, salang't Jaarsma mar mei in deugdlik ûndernimmingsplan kaam. De VVD hie foarearst gjin miening.[15]

It rêdingsplan waard net daliks omearme troch de fjouwer natoerorganisaasjes mei belangen yn Gaasterlân, Steatsboskbehear, Natuermonuminten, It Fryske Gea en Gaasterlân Natuerlân.[4][9] De organisaasjes woene krekt as Jaarsma it ferdivedaasjepark graach foar Gaasterlân behâlde, mar oer de nije lokaasje by De Hege Gerzen wiene se min te sprekken.[9] Jaarsma wie fan miening dat ferdivedaasje en ûnderrjocht (oer de natoer) skoan hân yn hân gean koene.[16] Hy ferwiisde dêrfoar nei de doestellings fan it Ynstitút foar Natoeredukaasje en Duorsumens (IVN).[16] Jaarsma sloech foar om 1 hektare fan it terrein fan it park yn te rjochtsjen foar natoeredukaasje,[9] mooglik oanfolle mei in útstapke nei de melkfeehâlderij fan 'e buorman, sadat de bern sjen koene "wêr't de molke weikomt."[16] Nei yngeand oerlis mei Jaarsma giene de natoerorganisaasjes úteinlik akkoart mei syn plannen.[14][17]

Ein augustus 2019 oppenearre him noch in mooglike oernamekandidaat: âld-bou-ûndernimmer Henk Brander út Frjentsjer.[18] Dyselde hearde nei eigen sizzen doe pas dat Sybrandy's Boarterspark te keap wie. Hy fette it plan op om it park op itselde plak fuort te setten ûnder de namme 'Sybrandy's Mearkepark'.[18] De attraksjes soene dêrfoar fierhinne itselde bliuwe, mar it park soe modernisearre wurde en in mearkeseftich tema krije.[18] Dat moast €800.000 oant €900.000 kostje.[18] Jaarsma fûn it "in min plan" en "fierstente grutskalich". Dêrmei soe neffens him "de geast fan Sybrandy" ferdwine.[18]

Op 11 oktober besleat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren oan Jaarsma in liening fan €450.000 te ferstrekken.[10][11] De ûnderbouwing dêrfoar wie dat de gemeente "in betelber útsje" graach "yn 'e regio behâlde" woe.[10] Teffens spile it draachflak mei dat der yn Gaasterlân bestie foar it behâld fan it ferdivedaasjepark, eat dat bliek út it súkses fan 'e crowdfundingsaksje fan Jaarsma.[17] De gemeenteried moast dêr noch wol mei akkoart gean by in gemeenteriedsgearkomste dy't holden waard op 16 oktober.[11][12] Dat waard earst sjoen as in lytse lêste hobbel, mar dat foel raar ôf: de gemeenteried stelde him in stik minder meigeand op as it kolleezje.[12] Der waard yngeand trochfrege. Wethâlder Frans Veltman, dy't út namme fan it kolleezje it beslút ta de liening ferdigene, lei út dat yn it gefal dat Jaarsma it net bolwurkje koe, nettsjinsteande syn moaie ûndernimmingsplan, it ferdivedaasjepark eigendom wurde soe fan 'e gemeente, dy't dêrnei in pachter oanstelle koe.[12]

It CDA wie úteinlik foar de liening, de VVD tsjin.[12] De oare politike partijen woene mei in útspraak wachtsje op 'e toetsing oft de liening net in foarm fan ferbeane steatsstipe wie.[12][19] Jaarsma, dy't mei in grutte kliber meistanners op 'e publike tribune plaknommen hie, warskôge oan 'e ein fan 'e gearkomste dat "de ein fan Sybrandy" ek "it fallyt fan it toerisme yn Gaasterlân" wêze soe.[12] It kolleezje wachte mei in definityf beslút oer de liening op 'e útspraak fan 'e gemeenteried.[19] De measte fraksjes wachten mei de útspraak op toetsing op ferbeane steatsstipe, dy't noch teminsten ien wike mar mooglik langer duorje soe.[19] Pas mids novimber waard dúdlik dat juridyske toetsing útwiisd hie dat it by de liening net om ferbeane steatsstipe gie.[17] Dêrop gie de ried yn mearderheid mei de liening akkoart, en koe it beslút fan it kolleezje definityf wurde.[17] Oer de krekte betingsten foar de liening soe de gemeente noch mei Jaarsma yn petear.[17]

Begjin maart 2020 waard de iepening fan it nije Sybrandy's Boarterspark, dy't pland stie foar april, útsteld.[8] By in besyk fan kontroleurs fan it Wetterskip Fryslân wie nammentlik noed ûntstien oer de fraach oft op 'e nije lokaasje fan it ferdivedaasjepark yn De Hege Gerzen de Iselmardyk net ferswakke wurde soe troch ferskate attraksjes dy't dêr relatyf tichteby pleatst wiene (op in ôfstân fan 4 oant 5 m). De fergunning fan it wetterskip, dy't foar de iepening fan it park fereaske wie, kaam dêrtroch faai te stean.[8] It opûnthâld ûntstie trochdat Jaarsma him der pas yn in hiel let stadium bewust fan waard dat er behalven in gemeentlike fergunning ek ferlet hie fan in fergunning fan it wetterskip.[8] Nettsjinsteande dat hiene sawol hy as it Wetterskip Fryslân alle fertrouwen yn in goede ôfrin, en wiene se it deroer iens dat net ien op in dyktrochbraak siet te wachtsjen.[8]

Ein april wie nei fierder ûndersyk oer de ynfloed fan 'e attraksjes op 'e Iselmardyk de wetterskipsfergunning rûn.[20] Tsjin dy tiid wiene de wederwarichheden om 'e weriepening fan it ferdivedaasjepark lykwols ynhelle troch in gruttere wurklikheid: troch de lanlike lockdown y.f.m. de wrâldwide koroanafiruspandemy koe it park foarearst noch net iepen.[20] Jaarsma hope op in iepening yn juny,[20] mar dat wie te optimistysk tocht. Uteinlik gie Sybrandy's Boarterspark op 20 july 2020 foar it earst op 'e nije lokaasje iepen, krapoan alve moannen nei't it op 'e âlde lokaasje tichtgien wie.[21] Dat hie net allinne te krijen mei de koroanaregels, mar ek mei de sertifisearring fan alle attraksjes, wêrfan't de lêste pas op 16 july reekaam.[21]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 Koen, Wietske, Reddingsactie: Sybrandy naar De Hege Gerzen, yn: de Ljouwerter Krante, 31 july 2019, s. 25.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 Ynformaasje fan 'e offisjele webside fan Sybrandy's Boarterspark.
  3. 3,00 3,01 3,02 3,03 3,04 3,05 3,06 3,07 3,08 3,09 3,10 3,11 3,12 3,13 3,14 Koen, Wietske, Na de draaischijf nu het hele park weg, yn: de Ljouwerter Krante, 16 april 2019, s. 3.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 4,5 4,6 4,7 4,8 4,9 Koen, Wietske, Luchtfietsers en raddraaiers, yn: de Ljouwerter Krante, 22 augustus 2019, s. 25.
  5. 5,0 5,1 5,2 5,3 5,4 Haagsma, Jacob, Nostalgie in het vogelpark, yn: de Ljouwerter Krante, 24 augustus 2019, s. 19.
  6. 6,0 6,1 6,2 6,3 Jonker, Ines, Sybrandy's Speelpark sluit af met rustige laatste dag, yn: de Ljouwerter Krante, 26 augustus 2019, s. 2.
  7. 7,0 7,1 7,2 ——, Stormloop bij laatste dagen Sybrandy's, yn: de Ljouwerter Krante, 22 augustus 2019, s. 1.
  8. 8,0 8,1 8,2 8,3 8,4 8,5 8,6 8,7 8,8 Koen, Wietske, Redding Speelpark Sybrandy succes: veiling uitgesteld, yn: de Ljouwerter Krante, 7 augustus 2019, s. 24.
  9. 9,0 9,1 9,2 9,3 Koen, Wietske, Natuurclubs tegen plan Sybrandy, yn: de Ljouwerter Krante, 19 augustus 2019, s. 3.
  10. 10,0 10,1 10,2 ——, Sybrandy's Speelpark met lening gered, yn: de Ljouwerter Krante, 12 oktober 2019, s. 4.
  11. 11,0 11,1 11,2 11,3 Oenema, Rixt, Missie is geslaagd: Sybrandy's blijft open, yn: de Ljouwerter Krante, 12 oktober 2019, s. 18.
  12. 12,0 12,1 12,2 12,3 12,4 12,5 12,6 Koen, Wietske, Spannende slotfase gemeentelijke overname Sybrandy's Speelpark, yn: de Ljouwerter Krante, 17 oktober 2019, s. 26.
  13. Lamme, Zander, Opening Sybrandy's Speelpark uitgesteld, yn: de Ljouwerter Krante, 7 maart 2020, s. 18.
  14. 14,0 14,1 14,2 Koen, Wietske, Redding Sybrandy's nabij: veiling uitgesteld, yn: de Ljouwerter Krante, 4 oktober 2019, s. 26.
  15. 15,0 15,1 15,2 Koen, Wietske, Lening gemeente optie bij overname Sybrandy, yn: de Ljouwerter Krante, 4 septimber 2020, s. 31.
  16. 16,0 16,1 16,2 Vogelzang, Elizabeth, Sybrandy's moet kloof tussen kind en natuur dichten, yn: de Ljouwerter Krante, 20 augustus 2019, s. 21.
  17. 17,0 17,1 17,2 17,3 17,4 Smid, René, Sybrandy's Speelpark krijgt lening van De Fryske Marren, yn: de Ljouwerter Krante, 15 novimber, s. 28.
  18. 18,0 18,1 18,2 18,3 18,4 Koen, Wietske, Nieuw plan op oude plek: twee ondernemers willen nu Sybrandy's, yn: de Ljouwerter Krante, 28 augustus 2019, s. 2.
  19. 19,0 19,1 19,2 ——, Lening Sybrandy's Speelpark onzeker, yn: de Ljouwerter Krante, 24 oktober 2019, s. 29.
  20. 20,0 20,1 20,2 ——, Vergunning Sybrandy rond, yn: de Ljouwerter Krante, 1 maaie 2020, s. 21.
  21. 21,0 21,1 Lamme, Zander, Speelpark Sybrandy's heropent de deuren, yn: de Ljouwerter Krante, 21 july 2020, s. 21.