Springe nei ynhâld

IVN

Ut Wikipedy

Mei IVN wurde de 'IVN Feriening foar natoer- en miljeuedukaasje' mar ek de 'Stichting IVN' bedoeld. Yn de feriening binne frijwilligers organisearre, wylst yn de Stichting beropskrêften wurkje. De letters yn IVN stiene tusken 1960 en 1992 foar 'Instituut voor Natuurbeschermingseducatie'. Dy omskriuwing wurdt sûnttiids lykwols net mear brûkt.

De âldste rjochtsfoargonger fan it IVN, it Bûn tsjin de Fersmoarging fan Stêd en Lân, is as boargerinisjatyf (yn it earstoan it Kommitee tsjin de fersmoarging fan Stêd en Lân) oprjochte yn 1938. Yn 1948 wurdt dit de Bûn foar Natoerbeskermingswachten. Sûnt 1960 wurdt de namme IVN brûkt. De folsleine namme wie Instituut voor Natuurbeschermingseducatie.

IVN bestiet yn 2011 út in feriening fan frijwilligers en dêrneist in beropsorganisaasje dy't omtinken en wurdearring fan minsken foar natoer en miljeu fergrutsje wol. It hjoeddeiske IVN stiet foar in duorsume mienskip en wol dêrfoar de belutsenheid fan minsken fergrutsje by natoer en omjouwing. Natoerekskurzjes, Civil society, sosjale koheezje en duorsumheid steane dêrom heech op de wurklist. It IVN berikt yn Nedrlân mei har aktiviteiten sa'n 2 miljoen minsken yn it jier (2007).

It 'IVN, Vereniging voor natuur- en milieueducatie' hat 174 lokale ôfdielings, dy't mei elkoar 18.000 leden hawwe. De leden binne frijwilligers. Elke IVN-ôfdieling hat wer oare aksinten. In soad ôfdielings organisearje ekskurzjes ûnder lieding fan diplomearre IVN-Natoergidsen. Dy ekskurzjes wurde yn de pleatslike media oankundige. De ôfdielings wurde ûndersteund troch de ledenservice, ûnderdiel fan it Lanlik Bureau.

Foar natoergidsen bestiet binnen de Feriening IVN in aparte oplieding: de IVN-Natoergidsenkursus. Dy kursus is in wichtich kaderfoarmjend middel. De IVN-Natoergidsenkursussen wurde op lanlik en regionaal nivo koördinearre troch de BCN, de Begeliedingskommisje Natoergidsenkursus. Sûnt desimber 2007 is de Bestjoerskommisje IVN Kursussen aktyf foar alle kursussen.

In soad ôfdielings organisearje wat koartere, minder djipgravende kursussen: de grienkursus, ek wol maitiidskursus, neijierskursus, basiskursus neamd. Bedoeld foar eltsenien dy't mear fan natoer, miljeu en lânskip yn de eigen omjouwing witte wol en der mear fan genietsje wol. Yn de ynfolling is de ôfdieling hielendal frij. Spesifike jeugd- en jongerenaktiviteiten binne te finen by ôfdielingen en by WoesteLand, de jongerein fan it IVN.

De beropsorganisaasje, de Stichting IVN, bestiet út IVN-Konsulintskippen op provinsjaal niveau en in Lanlik Bureau mei ûnder oare in Kennis- en Ynnovaasjesintrum en de ôfdieling Kommunikaasje. Hjir wurkje beropskrêften. Se ûndersteune frijwilligers yn natoer, miljeu en duorsumheid, net allinnich fan IVN-ôfdielings mar ek fan oare organisaasjes. De stichting fersoarget ek edukative projekten en aktiviteiten op it mêd fan natoer, omjouwing, yntegraasje en duorsumheid yn opdracht fan oerheden (ûnder oare yn de Nasjonale Parken), Net-gûvernemintele organisaasjes en bedriuwen. Foar de rekreaasjesektor wurde trenings Gasthearskip Nasjonaal Park opsetten.

Dêrneist ûndersteune de beropskrêften fraachgerjocht groepen, organisaasjes en ynstellingen by de ûntwikkeling en útfiering fan natoer- en miljeuedukative aktiviteiten en by foarljochting en kommunikaasje oer natoer, miljeu, duorsumheid en leefberheid.

IVN Ynternasjonaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

IVN Ynternasjonaal, dêr't beropskrêften én frijwilligers yn sitte, wurket nau gear mei partners yn benammen Europa en Afrika.

It IVN spilet in belangrike rol yn de natoeredukaasje binnen de Nasjonale Parken. Oare aktiviteiten binne ûnder mear de Griene Moanne, Duorsume Tiisdei, Skoallen foar Duorsumheid, Wonderweb, 'NMEPodium, WATCH en Kleurenkapitaal. Skoallen foar Duorsumheid is fierders ferbûn mei Young Reporters for the Environment (YRE), in ynternasjonaal programma fan de Federation for Environmental Education. It IVN is meiorganisator fan de Natoerwurkdei.

It lanlik bureau fan it IVN is yn Nederlân de fertsjintwurdiger fan Earth Education; IVN is ûnder mear oansluten by IUCN de Nederlânske Feriening foar Frijwilligerswurk NOV, it Lânskipsmanifest, FEEN (Foundation for Environmental Education NL), Europarc en de Koalysje foar de Habitat fan de Ommetjesmaker; sûnt 2008 is it IVN partner yn de Dutch Caribbean Nature Alliance. SME Advys is as selsstannich sosjaal ekologysk expertisebureau sûnt 2005 ûnderdiel fan it IVN.

De Griene Moanne is de tema-moanne-beneaming foar de hiele moanne septimber. Dy temamoanne is sûnt it jier 2000 foar Nederlân ynsteld troch IVN Feriening foar natoer- en miljeuedukaasje; dêrom wurdt nau gearwurke mei besibbe organisaasjes, yn it ramt fan promoasje fan duorsumheid, natoer en miljeu. Soks wurdt ek dien yn kombinaasje mei lânbou, rekreaasje en toerisme.

Lokale aktiviteiten: IVN-ôfdielings en natoerwurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynteressearre aktive frijwilligers fan alle leeftiden kinne har oanmelde by it lanlik bureau of de ôfdielingen fan it IVN. Foar jongerein fan 12 oant 30 jier is der Woesteland; jeugd fan sirka 6 oant 18 jier kin meidwaan oan jeugdgroepen fan de IVN-ôfdielingen.

Fryske ôfdielings
  • De Lege Midden
  • De Wâlden
  • It Hearrenfean en omkriten
  • Ljouwert
  • Noard-East Fryslân
  • Eaststellingwerf
  • Súdwesthoeke

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: