Springe nei ynhâld

Stasjon Flissingen Souburg

Ut Wikipedy
Stasjon Flissingen Souburg
station Vlissingen Souburg
Stasjon Flissingen Souburg yn 2012
Stasjon Flissingen Souburg yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Flissingen
plak Oost-Souburg
adres Draaibrugpad 1
arsjitektuer
stasjonskoade Vss
type Trochgongsstasjon
iepening 1 juny 1986
boujier 1986
sloopjier 2007
arsjitekt J. Bak
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline F
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Flissingen Souburg (Seelân)
Stasjon Flissingen Souburg

Stasjon Flissingen Souburg (Vss) is in spoarweistasjon yn it doarp Oost-Souburg yn de gemeente Flissingen provinsje Seelân en waard iepene yn 1986 oan de Steatsline F (Roosendaal - Flissingen). It stasjon betsjinnet njonken de kearn Oost-Souburg ek de noardlike bûtenwiken fan Flissingen. It stasjon leit lâns it Kanaal troch Walcheren, en njonken de draaibrêge dy't Oost-Souburg ferbynt mei West-Souburg en de Flissingske wyk Westerzicht.

It oarspronklike stasjonsgebou wie in typyske foarstêdhalte mei wachtromte en loket, ûntwurpen troch de arsjitekt Hans Bak. It gebou waard yn 2007 ôfbrútsen, mar der kaam net in nij stasjonsgebou foar werom, alline in tal abry's. Der binne twa perrons, dy't net foarinoar oer lizze, mar har oan wjerskanten fan de spoarweioergong befine, de saneamde bajonlizzing. It stasjonsgebou stie op it eastlike perron.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen SouburgFlissingen
12200 Intercity
(NS)
RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen SouburgFlissingen rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins.
6100 Sprinter (NS) RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen SouburgFlissingen In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: