West-Souburg
| West-Souburg | ||
| Adventtsjerke. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Hichte | 0 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 4386, 4387 | |
| Netnûmer | 0118 | |
| Kaart | ||
West-Souburg (Siuwsk: Wêst-Soeburg) is in doarp yn 'e gemeente Flissingen dat tsjintwurdich folslein ynboud is troch de stêd Flissingen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't West-Souburg tsjintwurdich lyts is, hie it yn 'e midsiuwen in sintrale rol op Walcheren; de parochytsjerke wie ien fan 'e fiif memmetsjerken op Walcheren. De parochy fan West-Souburg besloech yn 'e 11e iuw hast hiel súdlik Walcheren. De parochy fan West-Souburg wie in dochtertsjerke fan 'e Westmunstertsjerke yn Middelburch.
Yn West-Souburg stie it ferneamde slot Sint-Aldegonde, dêr't ûnder oaren keizer Karel V ferbleau. Nei syn troansôfstân yn 1556 soe hy oant syn reis nei Spanje dêr bliuwe. It slot datearre út healwei de 15e iuw en bekende eigners fan dat kastiel wiene Adriaan fan Borselen en Anna fan Boergonje. Yn 1783 is it kastiel ferkocht en ôfbrutsen, mar de slotgrêft bleau noch wol bestean. De lêste spoaren fan it slot binne by de oanlis fan 'e wyk Westerzicht yn it begjin fan 'e jierren 1970 ferdwûn.
De ferfallen histoaryske doarpstsjerke moast yn 1832 ôfbrutsen wurde. Tsjerklik fusearre West-Souburg doe mei Oost-Souburg. In boer wist de twa stiennen liuwebylden fan it stek fan 'e tsjerke te rêden en dy steane hjoed-de-dei oan wjerskanten fan 'e haadtagong fan 'e pleats Triton tusken Koudekerke en West-Souburg.
Sûnt 1814 wie West-Souburg in selsstannige gemeente. Yn 1835 fusearre West-Souburg fanwegen it tebekrinnend oantal ynwenners mei Oost-Souburg en yn 1966 waard dy kombinearre gemeente by Flissingen foege.
Troch de oanlis fan it kanaal en letter de útwreiding fan 'e stêd Flissingen, ferlear it doarp syn romtlike en bestjoerlike selsstannigens. Administratyf is West-Souburg hjoed-de-dei opdield yn 'e wiken West-Souburg en Vrijburg. It doarp hat gjin eigen postkoade mear en falt ûnder de wenplaknamme Flissingen.
Identiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jierrenlang hawwe ynwenners krewearre foar it behâld fan 'e eigen identiteit fan it doarp. Sûnt 2012 steane der wer plaknammebuorden by de tagongswegen dy't ferwize nei de rike histoarje fan West-Souburg. Hoewol't it doarp op papier hast opgien is yn 'e stêd Flissingen, is it histoaryske karakter om it Marnixplein hinne noch altyd sichtber.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory West-Souburg fan Wikimedia Commons. |
| Plakken yn 'e gemeente Flissingen | ||
|---|---|---|
| Stêd: | ||
| Doarpen: | ||
| Buorskip: | ||