Oost-Souburg
Appearance
Oost-Souburg is in doarp yn de Siuwske gemeente Flissingen, dat fan West-Souburg skieden wurdt troch it Kanaal troch Walcheren.
De oarspronklik West-Souburgske mole De Pere (út 1725) kaam troch it graven fan dit kanaal op Oost-Souburgsk grûngebiet te lizzen. It doarpske karakter fan Oost-Souburg is beware bleaun, al is it plak mei 10.444 ynwenners yn grutte it sânde fan Seelân.
- Earder gemeentehûs, no in studio Omrop Seelâd
- Tsjerketoer Oost-Souburg
- Keunstwurk yn in bûtenwyk fan Oost-Souburg
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oost-Souburg fan Wikimedia Commons. |
