Springe nei ynhâld

Stasjon Amsterdam Bijlmer ArenA

Ut Wikipedy
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte
station Amsterdam Muiderpoort
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte yn 2011
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte yn 2011
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Amsterdam
plak Amsterdam
adres Arena boulevard 602
arsjitektuer
stasjonskoade Asb
iepening 23 maaie 1971
boujier 1970 1e stasjonsgebou
1976 2e stasjonsgebou
2006 2e stasjonsgebou
sloopjier 1976 1e stasjonsgebou
2004 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1895
Arsjitekt ûnbekent
1e stasjonsgebou
1976
B. Spängberg
2e stasjonsgebou
J.A. van Belkum
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 4
perronspoaren 6
spoarline Rhijnspoarwei
metroline  50   54 
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Amsterdam Bijlmer ArenA (Amsterdam)
Stasjon Amsterdam Bijlmer ArenA

Stasjon Amsterdam Bijlmer ArenA (Asb) is ien fan de spoarstasjons yn de Nederlânske stêd Amsterdam, yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1971 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). It stasjon waard oant desimber 2006 Stasjon Amsterdam Bijlmer neamt.

2e stasjonsgebou stasjon Amsterdam Bijlmer ArenA yn 1976

It oarspronklike spoarstasjon Amsterdam Bijlmer ArenA wie in tydelik stasjon en waard iepene yn 1971 nei't de earste bebouwing yn de Bijlmer ree kaam wie. It stasjon wie net mear as twa houten perrons, mei in keet foar de kaartferkeap, en in Baileybrêge oer de spoaren hinne.

It stasjon waard yn 1976 ferfongen troch in definityf stasjon fan de hân fan de arsjitekten Ben Spängberg en Sier van Rhijn. It nije stasjonsgebou waard kombinearre mei in metrostasjon, it krige dan ek it úterlik fan oare metrostasjons út die perioade. It stasjonsgebou waard yn 2004 ofbrútsen, nei't it nije stasjon dêr't de bou fan al yn 2000 brûkber wie foar reizgers.

Yn 2006 kaam it nij stasjonsgebou ree, nei ûntwerp fan arsjitekt Jan van Belkum. It stasjon is foar in part situearre boppe de santich meter brede ArenA Boulevard. En bestiet út in twahûndert meter lange bûgde oerkaping fan stiel, hout en glês mei in hichte fan tweintich oant tritich meter.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
1400 Nachtnet Intercity
(NS)
Utert SintraalAmsterdam Bijlmer ArenAAmsterdam SintraalSkiphol AirportLeiden SintraalDe Haach HSDelftRotterdam Sintraal De treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS.
2900 Intercity (NS) InkhuzenHoarnAmsterdam SintraalAmsterdam Bijlmer ArenAUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalWeertRoermondSittardMaastricht Rydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.
3100 Intercity (NS) Skiphol AirportAmsterdam Bijlmer ArenAUtert-SintraalVeenendaal-De KlompEde-WageningenArnhim SintraalNimwegen
3200 Intercity (NS) Arnhim SintraalEde-WageningenUtert-SintraalAmsterdam Bijlmer ArenAAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
3500 Intercity (NS) Skiphol AirportAmsterdam Bijlmer ArenAUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdAmsterdam Bijlmer ArenAUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
24400 Nachtnet Intercity (NS) Amsterdam Bijlmer ArenASkiphol AirportLeien Sintraal Alinne tiisdei en woansdeitenacht.
32700 Nachttrein (Arriva)[1] MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven SintraalDe BoskUtert SintraalAmsterdam Bijlmer ArenASkiphol Airport Alinne freedtenachts
4000 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalAmsterdam Bijlmer ArenABreukelenWoerdenGoudaRotterdam Sintraal
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalAmsterdam Bijlmer ArenABreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: