Springe nei ynhâld

Stasjon Amsterdam Amstel

Ut Wikipedy
Stasjon Amsterdam Amstel
station Amsterdam Amstel
Stasjon Amsterdam Amstel yn 2004
Stasjon Amsterdam Amstel yn 2004
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Amsterdam
plak Amsterdam
adres Julianaplein 1a
arsjitektuer
stasjonskoade Asa
iepening 15 oktober 1939
boujier 1939
arsjitekt H.G.J. Schelling
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 526988
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Rhijnspoarwei
metroline  51   53   54 
tramline  12 
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Amsterdam Amstel (Amsterdam)
Stasjon Amsterdam Amstel

Stasjon Amsterdam Amstel (Asa) is ien fan de spoarstasjons yn de Nederlânske stêd Amsterdam, yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1939 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It waard yn gebrûk naam op 15 oktober 1939. It stasjonsgebou is in ûntwerp fan arsjitekt Schelling. It stasjon hat trije nivo’s en trije skieden plein dielen. Op it leechste nivo binne de tramhaltes. Dêrwei liedt in brede tunnel ûnder it Julianaplein troch nei de trep nei de grutte stasjonshal. De stasjonshal stiet leadrjocht op de spoarline. De twa oare tagongen binne oan wjerskanten fan it gebou. De noardkant biedt tagong út de binnenstêd wei, de parkearplakken foar taksy's en parkearfakken foar heljen en bringen fan reigers "Tút en derút". Boppe dizze grutte tagong is in brede luifel oanbrocht. It busstasjon is besuden it stasjonsgebou. Oan dizze kant sit in lange smelle luifel fan sa'n fyftich meter boppe de bus halten. Op de kopse kanten fan de stasjonshal binne muorreskilderingen te sjen. Dêr't ôfbyldingen op te sjen binne yn it ramt fan de fiering fan 100 jier spoarwegen yn Nederlân, wat tagelyk mei de iepening fan it stasjon foel, de wrâldwide betsjutting fan de spoarwegen en de technyske foarútgong derfan. De skilderling op de westlike muorre toant it moderne treinferkear. De eastlike muorre stiet yn it teken fan de ûntwikkeling fan de earste stoomlokomotyf oant it moderne materieel. De grutte rúten soargje foar in soad deiljocht yn it stasjonsgebou.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven SintraalDe BoskUtert SintraalAmsterdam AmstelAmsterdam SintraalAlkmarDe Helder Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
2900 Intercity (NS) InkhuzenHoarnAmsterdam SintraalAmsterdam AmstelUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalWeertRoermondSittardMaastricht Rydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.
3000 Intercity (NS) NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert SintraalAmsterdam AmstelAmsterdam SintraalSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
3900 Intercity (NS) InkhuzenHoarnAmsterdam SintraalAmsterdam AmstelUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalWeertRoermondSittardHeerlen Rydt op freed o/m snein oant 18:00 oere net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900.
4000 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalAmsterdam AmstelBreukelenWoerdenGoudaRotterdam Sintraal
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalAmsterdam AmstelBreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: