St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan St. Croix-troep)
St. Croix Tsjippewa Yndianen
fan Wiskonsin
Ingelsk St. Croix Chippewa Indians
   of Wisconsin
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Wiskonsin
haadkertier Hertel (Wiskonsin)
etnisiteit Odjibwe
ledetal 1.054 (2014)
oprjochting 1934
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat St. Croix Yndianereservaat
lokaasje noardwestlik Wiskonsin
oerflak 9,1 km²
ynwennertal 641 (2000)
offisjele webside
www.stcciw.com
kaart
St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin (Wiskonsin)
St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Wiskonsin.

De St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin (Ingelsk: St. Croix Chippewa Indians of Wisconsin) binne in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten. De leden binne etnyske Odjibwe (ek wol Tsjippewa neamd). De stamme beskikt oer in eigen Yndianereservaat yn 'e steat Wiskonsin, yn 'e delling fan 'e rivier de St. Croix. It haadkertier fan 'e St. Croix Tsjippewa Yndianen is fêstige yn it doarp Hertel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De St. Croix-Tsjippewa binne in histoarysk folksdiel fan 'e Odjibwe. Hja hearden ta de ûndertekeners fan it earste Ferdrach fan La Pointe, dat yn 1842 troch guon Odjibwe-troepen mei fertsjintwurdigers fan it regear fan 'e Feriene Steaten sletten waard. Yn 1854 ferlearen de St. Croix-troep en de Mole Lake-troep lykwols harren rjocht op federale erkenning om't se by it twadde Ferdrach fan La Pointe net fertsjintwurdige west hiene.

Pas ûnder de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, fan 1934, wisten de Mole Lake-troep en de eastlike helte fan 'e St. Croix-troep, yn Wiskonsin, harren federale status werom te winnen, mar de westlike St. Croix-troep, yn Minnesota, wurdt oant op 'e dei fan hjoed net troch de Amerikaanske oerheid erkend, en makket offisjeel diel út fan 'e Mille Lacs Troep fan Odjibwe. De hjoeddeiske St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin foarmje sadwaande inkeld de eastlike helte fan 'e oarspronklike St. Croix-troep.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin binne etnyske Boppemarder Tsjippewa (Lake Superior Chippewa), in subgroep fan 'e Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd. Dat is in grut Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet. De St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin foarmje ien fan 22 ûnderskate stamme-organisaasjes mei federale erkenning dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe fertsjintwurdigje. Neffens gegevens út 2014 hie de stamme doe sa'n 1.050 leden.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin hawwe in eigen Yndianereservaat, it St. Croix Yndianereservaat, dat yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin leit, yn 'e delling fan 'e rivier de St. Croix, net fier fan 'e grins mei Minnesota. It bestiet út in stikmannich net opinoar oanslutende en soms in oansjenlike ôfstân útinoar lizzende perselen yn 'e countys Barron, Burnett en Polk. Yn totaal hat it reservaat in oerflak fan 9,1 km². Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 641 minsken yn it St. Croix Reservaat, wat delkomt op 60,8% fan 'e leden fan 'e St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin. It haadkertier is fêstige yn it reservaatperseel te Sand Lake, dat ûnder it doarp Hertel falt.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin wurde bestjoerd troch in fiifkoppige stammeried dy't mei tuskenskoften fan twa jier op demokratyske wize keazen wurde troch de leden fan 'e stamme. De stammeried is ferantwurdlik foar it algemien wolwêzen fan 'e stammeleden en it ôfhanneljen fan deistige bestjoerssaken. It foech fan 'e stammeried is omskreaun yn 'e grûnwet fan 'e stamme, dy't yn 1934 opsteld is. De St. Croix Tsjippewa Yndianen runne trije kasino's, mei't se op reservaatlân net bûn binne oan it steatsferbod op gokken dat yn Wiskonsin fan krêft is. De kasino's binne it St. Croix Casino Turtle Lake (foarhinne bekend as it St. Croix Casino & Hotel) yn Turtle Lake, it St. Croix Casino Hertel (foarhinne bekend as it Little Turtle Hertel Express Casino) yn Hertel, en it St. Croix Casino Danbury (foarhinne bekend as it St. Casino and Hotel Danbury) yn Danbury.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.