Springe nei ynhâld

St. Croix Yndianereservaat

Ut Wikipedy
St. Croix Yndianereservaat
St. Croix Indian Reservation
polityk
haadplak Hertel (Wiskonsin)
stamme St. Croix Tsjippewa Yndianen
lân Feriene Steaten
steat Wiskonsin
sifers
ynwenners 641 (2000)
oerflak 9,1 km²
bef.tichth. 70,4 / km²
oar
stifting 1934
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
webside www.stcciw.com
kaart
Yndianereservaten yn 'e steat Wiskonsin. St. Croix is werjûn yn read.

It St. Croix Yndianereservaat (Ingelsk: St. Croix Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin (St. Croix Chippewa Indians of Wisconsin). It leit yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin, en bestiet út in stikmannich net opinoar oanslutende perselen.

De St. Croix-Tsjippewa binne in histoarysk folksdiel fan 'e Odjibwe. Hja hearden ta de ûndertekeners fan it earste Ferdrach fan La Pointe, dat yn 1842 troch guon Odjibwe-troepen mei fertsjintwurdigers fan it regear fan 'e Feriene Steaten sletten waard. Yn 1854 ferlearen se lykwols harren rjocht op federale erkenning om't se by it twadde Ferdrach fan La Pointe net fertsjintwurdige west hiene. Doe't de eastlike helte fan 'e St. Croix-troep him yn 1934 ûnder de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje reorganisearre en syn federale status weromwûn, waard it St. Croix Yndianereservaat oprjochte. Dat wie gearstald út it grûngebiet dat op dat stuit yn it besit wie fan 'e leden fan 'e stamme, mei as gefolch dat it in tige fersnipele gehiel waard.

It St. Croix Yndianereservaat leit yn it noardwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin, yn 'e delling fan 'e rivier de St. Croix, net fier fan 'e grins mei Minnesota ôf. It bestiet út in stikmannich net opinoar oanslutende lytse perselen grûn dy't oer in grut oerflak fersnipele binne, mei soms wol in ôfstân fan 80 km fan it iene nei it oare.

Sadwaande beslacht it reservaat lân yn 'e countys Barron, Burnett en Polk. Der binne fiif gruttere mienskippen: Sandy Lake, Danbury, Round Lake, Maple Plain en Gaslyn. Yn totaal hat it reservaat in oerflak fan 9,14 km², bûtenreservaatsk beheargebiet ynbegrepen. It haadkertier fan 'e St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin is fêstige yn it reservaatperseel te Sand Lake, dat ûnder it doarp Hertel falt.

It St. Croix Reservaat is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin. Dat is ien fan 'e 22 ûnderskate stamme-organisaasjes dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, fertsjintwurdigje, in Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada libbet.

Neffens offisjele gegevens fan Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 641 minsken yn it St. Croix Reservaat, wêrfan 370 yn 'e perselen yn Burnett County, 197 yn 'e perselen yn Polk County en 74 yn 'e perselen yn Barron County. De befolkingstichtens bedroech yn 2000 70,4 minsken de km². De lytsere perselen fan it reservaat wurde faak bewenne troch mar ien inkele famylje dy't dêr al generaasjeslang tahâldt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.