Hertel (Wiskonsin)
Hertel | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Wiskonsin | |
County | Burnett County | |
Gemeente (town) | La Follette | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 140 (2010) | |
Hichte | 316 m | |
Oar | ||
Stifting | 2e helte 19e iuw | |
Tiidsône | UTC –6 | |
Simmertiid | UTC –5 | |
Koördinaten | 45°48′31″N 92°10′31″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Hertel yn 'e steat Wiskonsin.
|
Hertel is in gemeentefrij doarp (unincorporated community) yn it noardwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. It leit yn 'e county Burnett en makket bestjoerlik ûnderdiel út fan it stedsje (town) La Follette. Hertel leit oan 'e snelwei Wisconsin Highway 70, westlik fan Spooner. It hie in eigen postkantoar, mar dat gie op 13 septimber 1997 ticht. Yn 'e útbuorren Sandy Lake, dy't ûnder Hertel falt, is it haadkertier fêstige fan 'e federaal erkende St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Hertel doe 140 ynwenners. Dêrfan wie 21% âlder as 65 jier en 15% jonger as 18 jier.[1]
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hertel hat in lânklimaat, mei waarme simmers en kâlde, snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,9 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is de trochsneed temperatuer nachts –17,5 °C. Hertel kriget jiers trochinoar 810 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 132 sm snie.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |