Springe nei ynhâld

Slowakije

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Slowaakske Republyk)
Slovenská Republika
Flagge fan Slowakije Wapen fan Slowakije
Flagge Wapen
Lokaasje fan Slowakije
Offisjele taal Slowaaksk
Haadstêd Bratislava
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
48.845 km²
0­%
Ynwenners (2010) 5.429.763
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 1 septimber
Lânkoade SVK
Ynternet .sk
Tillefoan 421

Slowakije, offisjeel de Slowaakske Republyk, is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Bratislava en de minister-presidint is sûnt 2022 Eduard Heger. Presidint fan de republyk is sûnt 2019 Zuzana Čaputová.

Slowakije wurdt begrinzge troch:

Gerlachovský štít (2655 m)

Slowakije is fan west nei east likernôch 410 km en fan noard nei súd tusken de 100 en 190 km. De Gerlachovský štít 2.655 m is it heechste punt fan Slowakije en leit yn it Tatraberchtme.

It lân bestiet foar it grutste part út berchgebieten, dy't allegearre diel útmeitsje fan de Beskiden en de Karpaten. Allinnich it súdwestlike part en yn it uterste súdeasten binne leechlizzend gebieten, dy't by de Pannonyske flakte hearre.

De berchgebieten kinne rûchwei yn twa kloften ferdield wurde; ten noarden fan de fallei fan de rivieren de Váh en de Hornád, en it gebiet súdlik dêrfan. Yn it noarden lizze fan west nei east; de Lytse Karpaten (op de grins mei Tsjechje), (diels) de Lytse Fatra, de Tatra (op de grins mei Poalen), dy't wer ûnderferdield wurdt yn Westlike, Hege, en de Belianske Tatra. Súdlik fan de fallei lizze (diels) de Grutte Fatra, Lege Tatra en het Slowaaksk Ertsberchtme. Yn protte berchgebieten binne ek populêre wintersportgebieten, fral yn de Hege Tatra. Yn dat berchtme leit ek de heechste berch fan Slowakije; de Gerlachovský štít (2.655 meter) en de Kriváň.

De wichtichste rivieren binne de Donau, de Lytse Donau, de Váh, de Hron en de Hornád, en ek de boarnerivieren fan de Bodroch yn it súdeasten.

Yn de 6e iuw waard it gebiet bewenne troch de Slaven. Om-ende-by 908 kaam it by Hongarije en hearde oant 1526 ta de Habsburchske ynfloedsfeer. Yn 1918 foarmen de Slowaken tegearre mei de Tsjechen Tsjechoslowakije. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard Slowakije beset troch Nazi-Dútslân. Yn it tiidrek fan de Kâlde Kriich wie Slowakije gearfoege mei Tsjechje ta Tsjechoslowakije as in satellytsteat fan de Sowjetuny. Sûnt 1 jannewaris 1993 is Slowakije in selsstannich lân, sûnder Tsjechje en it Kommunistysk bewâld.

Yn it lân wenje likernôch 5,43 miljoen minsken. 85 % fan de befolking is Slowaaksk. Yn Slowakije wenje Dútske, Tsjechyske, Hongaarske en Roma minderheden.

De offisjele taal fan it lân is it Slowaaksk. De oare talen dy't sprutsen wurde binne it Hongaarsk en it Roeteensk.

Slowakije is sûnt 1993 lid fan de Feriene Naasjes en sûnt 2004 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. It lân is 30 juny 1993 lid wurden fan de Rie fan Jeropa. Sûnt 2004 is Slowakije lid fan de Jeropeeske Uny, en it hat sûnt 1 jannewaris 2009 diel oan de monetêre uny.

BYP per persoan is 20.200 USD (2008). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,6% lânbou, 33,5% yndustry en 63,9% tsjinsten.

Oant en mei 2008 brûkte it lân as munt de Koruna (SKK). Op 7 maaie fan dat jier waard it Slowakije goedkard as lid fan de muntuny. De koers fan de Koruna waar oanpast ta 30,126 op 1 Euro, en mei dy koers gong it lân op 1 jannewaris 2009 op de Euro oer.

Struktuer

De Slowaakske definsje hat in lânmacht en loftmacht.

Mankrêft

Yn 2008 wienen der 1.420.966 Slowaakske mannen fan tusken de 16-49 jier. Dêrfan wienen 1.166.833 fit foar militêre tsjinst. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 38.183.

Budzjet

It lân hat in militêr budzjet $406 miljoen (2002). Dat is 1,87 % fan it BYP(2005).

Wichtichste havens binne Bratislava en Komarno. De grutste fleanfjilden binne dy fan Bratislava, Poprad, Sliač en Košice. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.

Slowakije hat (2006):

  • 38.085 km ferhurde dyk;
  • 3.662 km spoardyk;
  • 172 km farwetter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje