Sint-Bonifatiustsjerke (Wehe-den Hoorn)
Sint-Bonifatiustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Wehe-den Hoorn | |
koördinaten | 53° 21' N 6° 25' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Sint-Bonifatius | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Jos.Th.J. Cuypers | |
boujier | 1926-1927 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 509431 [1] | |
Webside | ||
HiemsideLiudgerparochy | ||
Kaart | ||
De Sint-Bonifatiustsjerke is in roomske pseudobasilyk yn it dûbeldoarp Wehe-den Hoorn yn 'e provinsje Grinslân. De tsjerke falt ûnder de Liudgerparochy fan it bisdom Grins-Ljouwert. De tsjerke is sûnt 1999 in ryksmonumint en hat noch in geef oarspronklik ynterieur.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is de fjirde roomske tsjerke fan Den Hoorn. Oan it begjin fan 'e 18e iuw reizgen preesters noch temûk troch it Hegelân om de minsken dy't trou bleaun wiene oan it roomske leauwe te betsjinjen. Stadichoan waard it wat lichter foar de katoliken en tolearre de kalvinistyske oerheid it opdragen fan de hillige misse yn saneamde skûltsjerken. Sa krige ek Den Hoorn yn 1730 syn skûltsjerke. De skûltsjerke waard boud op de grûn fan baron Van Asbeck fan de Lulemaboarch yn Warfhûzen.[2]
De hjoeddeiske tsjerke waard neffens in ûntwerp fan Joseph Cuypers boud, in soan fan de ferneamde arsjitekt Pierre Cuypers en bouwer fan de Sint-Bavokatedraal yn Haarlim. De yn 'e jierren 1926-1927 boude tsjerke ferfong in tsjerkegebou út 1803, dy't doedestiids de skûltsjerke út de jierren 1730 ferfong en fanwegen it tanimmend tal parochianen te lyts woarn wie.
Fanwegen fersakking nei foltôging fan de bou moasten in jier nei de oplevering steunbearen oan de noardlike en súdlike gevel oanbrocht wurde. Fral de toer, op de noardwestlike hoeke fan de tsjerke, krige lêst fan fersakking, sadat dy tsjintwurdich likernôch 20 sintimeter út it lead stiet. It bouwurk is in mingeling fan de stylfoarmen fan de Amsterdamske Skoalle mei eleminten út de moarske en súd-frânske boukeunst.
Op in plakette yn de foet fan de toer steane de nammen fan de stifters fan de earste tsjerke: Anna fan Ewsum en Balthasar fan Asbeck. Boppe de haadyngong is in gevelstien oanbrocht fan de foargonger fan de tsjintwurdige tsjerke, mei de wurden hiC CoLLIgaM Dipersos (de haadletters foarmje it jiertal 1802) en in reliëf fan Kristus de Goede Hoeder. Yn in nis boppe de noardlike tagong stiet in kopy fan in Marijebyld út it kleaster fan Aduard.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It middenskip fan de tsjerke is oerwulve troch fjouwer graatgewelven fan giele bakstien, droegen troch acht fjouwerkante pylders fan reade en giele bakstien.
De tsjerke hat noch in geef ynterieur en bewarret in tal oantinkens oan 'e eardere roomske tsjerken. Ut de tsjerke fan 1803 binne de kommunybank út 1886 en it neogoatyske meubilêr fan de sakristy ôfkomstich. In Marijebyld fan sânstien datearret út de 15e iuw is heart oarspronklik thús yn it kleaster fan Aduard.
It antependium fan it heechalter fan swart moarmer is fersierd mei reliëfs fan it offer fan Abraham, de Ferrizenis en it offer fan Melchisédek. Boppe it haadalter wurdt it koer ôfsletten troch in sândielich finster mei brânskildere glês fan it Hillich Hert fan Jezus mei ingels en hilligen oan wjerskanten. Oan wjerskanten fan it koer binne oan Marije en Joazef wijde sydalters. De preekstoel is opmitsele en ferierd mei in sintraal reliëf fan Kristus en oanwjerskanten pearsgewiis dy fan de apostels. Oan de pylders tusken it middenskip en de sydskippen steane de natoerstiennen bylden fan Bonifatius en Liudger en polychrome bylden fan Sint-Aloysius en Sint-Antonius.
Boppe de krúsweistaasjes binne yn elts travee finsters ynbrocht mei glês-yn-lead yn Art déco-motiven.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard oarspronklik troch Johannes Mitterreither yn 1788 as twamanualich ynstrumint mei sechtjin registers boud foar it Amsterdamske Maagdehûs. Michaël Maarschalkerweerd fernijde it oargel yn 1898. It nije oargel krige tsien registers ferdield oer twa manualen en pedaal. By de bou brûkte Maarschalkerweerd âlder piipmaterjaal fan Mitterreither. Oant it sluten fan it Maagdehûs fûnen der oan it oargel gjin grutte wizigings plak. Mei it sluten fan it roomske weeshûs waard it ynstrumint troch Adema-Schreurs demontearre en opslein, wylst de âlde, troch houtkrobbe oantaaste oargelkas ôfbrutsen waard. It oargel waard yn 1957 yn de Bonifatiustsjerke opboud troch Adema-Schreurs.
In restauraasje duorre noch oant 2010, dy't troch Adema's Tsjerkoargelbou út Hillegom útfierd waard. Yn it ramt fan de restauraasje krige it oargel ek wer in oargelkas. Bysûnder is de 19e-iuwske beskildering fan de pipen fan it oargel. [3][4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|