Springe nei ynhâld

Syl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Siel (slûs))
De silen yn 'e Lorentzslûzen yn Koarnwertersân
In sylbouwurk yn Harlesiel yn East-Fryslân

In syl of spuislûs is in slûs dêr't it tefolle oan binnenwetter troch ôffierd wurde kin en it bûtenwetter te kearen. It is dêrom ek wol in kearslûs. It begryp "syl" komt fan in Fryske wurdfoarming dat weromgiet op it tiidwurd "sige" of "sipelje" en tsjut dus it plak oan dêr't wetter fuorttreame kin.

Fan oarsprong is in syl net oars as in lange dûker (pomp) yn de dyk, dy't by leech wetter iependrukt wurdt troch it binnenwetter. By floed drukt it seewetter de slûsdoar dêrnei wer ticht. By de Dútske waadkust wurkje de measte silen noch hieltyd op dy manear. Yn Nederlân lizze de polders folle leger en binne hast alle silen troch gemalen ferfongen. De measte silen hien sûnt de 13e iuw de foarm fan in houten koker dy't yn de dyk yngroeven waard. Dy hie ornaris trije stel slûsdoarren: útsein de gewoane floeddoarren in ekstra stel floeddoarren mocht it wêze dat der ekstreem heech wetter wie, en in stel ebbedoarren, dy't tefoarren komme moast dat it wetter yn it tafierkanaal of syldjip te fluch fuortstreame soe, dêr't skipfeart net mooglik troch wêze soe. De gruttere silen waarden gaadlik foar de skipfeart makke, sa't de lytsere skippen by heech wetter troch de koker lûke koe. Fan de trije silen yn Delfsyl wie dêr ien gaadlik foar de skipfeart.

It probleem fan soksoarte pompen wie it tichtslykjen fan de bûtendykse ôffierslinke. Dat koe mijd wurde troch it oanlizzen fan in sylhaven mei in spielslûs dêr't it it ophope wetter mei krêft troch de syl nei bûten ta streame liet.

Histoarysk sjoen waarden yn in sylkonstruksje slûsdoarren sûnder oandriuwing ynboud. By nijbou waard op grûnwurk fan it wetterpeil regele hefdoarren as ôfsluting brûkt. Oan de Noardsee wurde foar dy taak hieltyd faker slûspompen brûkt, dy't ek wol "skúfpompen" neamd wurde. Dy binne geunstich wannear't by ebbe net genôch tiid foar it natuerlik ôffieren fan it wetter is of wannear't it wetter by in heechwetterstân foar in lange tiid, by bygelyks in stoarmfloed, it ynlân ûnder wetter driget te strûpen.

It spuien fan wetter troch in dûker (lofts) en in standertsyl

Dêr binne ferskate mooglikheden om in syl yn in dyk te bouwen.

Pomp of klepdûkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pomp of klepdûker binne lytse foarmen fan in syl. Dy besteane út in dûker, dy't yn 'e dyk lein waard, mei in weromslachklep oan 'e seekant. Yn it ferline bestie sa'n dûker út twa útholle beamstamhelten. Op guon plakken wiene dêr in soad fan sokke pompen, dêr't omwenjenden harren lânguod fuortendaliks benefter de dyk ûntwetteren. It wurdt "pomp" komt yn plaknammen foar, lykas yn Kollumerpomp en De Pomp by Middelstum.

In wachterslûs hat almeast slûsdoarren, dy't oan skarnieren hingje. Dy kinne befêstige wurde oan swiere, yn 'e dyk ynboude houten peallen of muorren. Soksoarte silen wiene yn eardere tiden al sa makke dat by ebbe, wannear't de doarren iepen stiene, lytse skippen de benefter de dyk oanleine kanalen ynfarre koene.

Om't alle houten ûnderdielen fan in slûs troch it kontakt mei wetter en mokselen lang om let ferrotsje koene, waard by grutte silen oergien op it bouwen fan de fêste ûnderdielen yn stien. Soksoarte silen koene it better ferneare wannear't dêr in stoarmfloed wie. Der waard in wulvige poarte troch de dyk hinne boud. Grutte ferwulftsilen koene ek troch lytsere skippen, lykas kustmotorskippen, passearre wurde. Op guon plakken binne se sa boud dat de slûs ek as skutslûs brûkt wurde kin. In foarbyld fan sa'n slûs is de eardere Hodeler kanaalslûs yn Otterndorf.

Wurking as spielslûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By in spielslûs, benammen yn Dútslân, wurdt by floed it wetter ynlitten en opslein yn in floedgrêft benefter de dyk. As it ebbe wurdt, wurdt it opstode wetter as in stoartfloed ôffierd, sa't it slyk en sediminten út it sylhavengebiet fuortspield wurde kin.

In syl waar gauris ynset om it peil fan it binnenwetter fan in stêd te regeljen. As der tefolle wetter yn 'e grêften fan in stêd wie waard dy troch de syl, ek spuislûs neamd, de stêd út spuid. Yn guon stêden lykas Amsterdam en De Haach binne der strjitten of pleinen mei de namme Spui dêr yn, dat oan soks noch weromtinkt.

Syl is in oare namme fan in spuislûs. It wurd "syl" wurdt fanâlds yn de Fryske lannen, lykas Fryslân, Grinslân en East-Fryslân en justjes dêrbûten, lykas Aldenburch en Sleeswyk-Holstein, brûkt. Oare farianten fan syl binne "ziel" yn it Grinslânsk en "Siel" yn it Eastfrysk en Nederdútsk.

It wurd komt ek foar yn de foarm sylfest en Sielacht, dat wetterskip of "útwetteringsorganisaasje" betsjut. In kanaal dy't nei in syl liedt, wurdt ornaris in syldjip, sylroede, sylstocht, sylmaar, sylsleat of Sieltief neamd. In sylhaven is in haven efter in syl, dêr't de syl grut genôch makke wie dêr't skippen trochhinne passearje koene.

It begryp "syl" en de farianten "zijl" en "Siel" komme fan it Aldfryske sīl, "ôfwettering(slûs)" of "wetterrin", ôfkomstich fan it tiidwurd sihila, itjinge "sige", "sipelje" of "streamend wetter" betsjut. Ek ôfwetteringskanalen steane wol bekend as syl.

It begryp kaam foar it earst foar yn 'e earste helte fan de 12e iuw en gei om de fierder net bekende Sigeldrith, in "oer te stekken plak by de syl" of "by de wetterrin" yn 'e omkriten fan Ter Aar yn Súd-Hollân. Ek it tsjerkedoarp Iselham (Sillehem, 1132) yn 'e Kop fan Oerisel, soe syn namme fan "oanslike lân yn in bocht fan in wetterrin" of "by in syl" krige ha.

It Aldere Skouterjocht fan Westerlauwersk Fryslân út de 12e iuw befettet ferskate oardenings oangeande it ûnderhâld fan de silen.

Dit is riocht, dat dy fria Fresa den zyl, deer hi bi banne warat, et sinte Benedictusmissa schel tiaenda ende temende habba iefta hij schel iens den scelta aldus wr nacht mey twam scillinghen beta.
Dit is rjocht, dat de frije Fries de syl, dêr't fan ferwachte wurdt dy te ûnderhâlden, op 'e hjeldei fan de hillige Benediktus (11 july) ree hawwe moat, om it wetter (by ebbe) fuortstreame te litten en (by floed) tsjin te hâlden; oars moat er de folgjende moarns oan de skout twa skellings betelje.

De ôflieding sylfest (wetterskip), Aldfrysk: sīlfestene, komt op syn minst foar sûnt 1309; it wurd Sielacht (Midnederdútsk: zylacht) sûnt 1437.

Silen wurden, njonken de Fryske lannen, ek neamd yn it Súdhollânske riviergebiet (1277), Noard-Hollân (1372), by de Gelderske Isel del (1373), yn 'e Betuwe (1471), om Bremen (1374) en Hamburch (1518) hinne.

Delsettingstypen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de 14 en 15e iuw ôf ûntstie in nij type havendelsetting dat in sylhavendelsetting (Dútsk: Sielhafensiedlung) neamd waard. Op de diken oan wjerskanten fan de bûtendykse streamslinke of op de diken om de sylhaven hinne kamen ien of twa rigen hûzen. Dêrûnder wie it sylwardershûs, ien of mear herbergen, middenstânwenten, pakhuzen, in skoalle en fan de 17e iuw ôf ek yndustrymûnen.

Dat delsettingstype komt benammen foar yn it súdwesten fan Fryslân, Grinslân, East-Fryslân en de Kop fan Oerisel. De earste fan sokke delsettings wiene Kúndersyl (1243), Delfsyl (1303), Bloksyl (1336 Baerlesile, 1375 Groote Zijl), Houwerzijl (1347), Aldesyl (1358), Skouwersyl (1371), Aduardersyl (1382) en Greetsiel (1389). De measte foarbylden út Eastfryslân komme fan de 16e en 17e iuw en dy fan Aldenburchsk Fryslân fan de 18e en 19e iuw.

It tsjerkedoarp Kúndersyl (Kunresyl) oan de Tsjonger waard sûnt 1243 neamd. Nei alle gedachten wie dat de foarrinner fan it hjoeddeistige doarp De Kúnder. De syl waard om 1400 hinne ôfbrutsen en waard troch de Skoattersyl (1474) ferfongen. Ut de Ommelannen komt in ynpolderingskontrakt út 1317, dy't neamd dat skippers en keaplju dy't by de nijboude syl fan it letter doarp Syldyk oanleine. De oardening foar de oanbelangjende Easternijsyl of Hoghersijl út 1428 neamde ûnder oaren de slûsmaster, dy syn hûs, berch- en wurkplak. Ek waard der sprutsen oer it beskermjen fan de keaplju dy't dêr harren guod op skippen laden. In capmasile (keapmanssyl) by it doarp Pilsum waard yn 1362 neamd.

Net alle delsettings fan dat type hawwe de namme mei de útgong -syl. Aldere foarbylden binne Delfshaven, Maasslûs, Oudesluis (Skagen), Kolhorn, Broekerhaven, Edam, Spaarndam, Swartslûs, De Kúnder, De Lemmer, Makkum, Slikenboarch, Fisfliet, Onderdendam en 't Waar. De lêste twa geane om delsettings om in binnensyl of fallaat. Foarbylden yn Dútslân binne Papenburch (Drostensiel), Ditzumerverlaat, Neustadtgödens, Bremen-Vegesack en Neuhaus (Oste). Ek Emden (Faldern- of Rote Siel en Gasthaussiel), Knock, Larrelt, Norden (Alte en Große Siel), Cuxhaven, Glückstadt en Friedrichstadt hawwe yn de 16e en 17e iuw in sylhaven, dochs net altyd de typearjende bebouwing om de sylhaven hinne. In soad dêr waarden troch Nederlânske dykboumasters fan boud. Yn Oldersum en Taning binne de havens noch oanwêzich. Plannen om in soksoarte haven yn Bräist oan te lizzen, waarden net wiermakke.

In soad plakken yn Grinslân en Fryslân ûntliene harren namme oan in syl.

Haven fan Bensersiel

Ek yn Noard- en East-Fryslân einigje in protte plaknammen op -syl, wat dan yn it Dútsk as -siel skreaun wurdt.

  • Bensersiel
  • Carolinensiel
  • Dornumersiel
  • Eckwardersiel
  • Greetsiel
  • Harlesiel
  • Hooksiel
  • Horumersiel
  • Nessmersiel
  • Neuharlingersiel
  • Schlüttsiel
  • Schweiburgersiel
  • Tammensiel
  • Westeraccumersiel

In syl is ek wol in feart foar de ôffier fan wetter. De Syl, yn Súdhollân, is in sydtûke fan de Alde Ryn. En yn âlde Hollânske stêden binne silen meastentiids smelle, faak ek oerklûze, dwersferbinings tusken parallel rinnende grêften. Sokke silen wurde brûkt foar it skuorjen: it trochspielen fan de wetters om dy te ferfarskjen.

In soad minsken, benammen yn Noard- en Súd-Hollân, Fryslân en Grinslân, hawwe har famyljenamme fan in syl, mei nammen lykas (van) Zijl (Zeijl, Zeyl, Sijl, Ziel), Zijlker, Zijlman(s), Zijl(e)ma, Zijlstra, Zijlvaart, Sijlvester, Zijlwaarder en oare farianten.[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederlandse familienamenbank. Centrum voor Familiegeschiedenis (CBG) (29 juny 2025).