Shakespeariaanske histoaryske stikken
De Shakespeariaanske histoaryske stikken binne in stikmannich toanielstikken dy't oan 'e ein fan 'e sechstjinde en it begjin fan 'e santjinde iuw skreaun waarden troch de wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. De tradisjonele klassifikaasje fan Shakespeare syn wurk as trageedzjes, komeedzjes en histoaryske stikken komt út 'e gesachhawwende First Folio, út 1623. It is lykwols in problematyske yndieling, mei't alle histoaryske stikken teffens trageedzjes binne, en dus likegoed ûnder de Shakespeariaanske trageedzjes kategorisearre wurde kinnen hiene. Oarsom hearre ta de trageedzjes guon toanielstikken dy't skreaun binne op histoaryske basis en dus likegoed ta de histoaryske stikken rekkene wurde kinne soene, lykas Julius Caesar en Antonius en Kleopatra. Mar neffens de tradysje falle ûnder it kopke fan 'e histoaryske stikken inkeld de trageedzjes oer Ingelske keningen, wêrfan't Richard III de bekendste is. Dizze kategory soe sadwaande better oantsjut wurde kinne as de Shakespeariaanske Ingelske histoaryske stikken, of, sa't de Fryske Shakespeare-oersetter Douwe Kalma die, as de Shakespeariaanske keningsstikken.
Opsomming fan 'e Shakespeariaanske histoaryske stikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit is in opsomming fan 'e toanielstikken dy't neffens de gesachhawwende First Folio, út 1623, de Shakespeariaanske histoaryske stikken foarmje:
- Hindrik IV, Diel 1
- Hindrik IV, Diel 2
- Hindrik V
- Hindrik VI, Diel 1
- Hindrik VI, Diel 2
- Hindrik VI, Diel 3
- Hindrik VIII
- Kening Jan
- Richard II
- Richard III
Hjiroan soene noch tafoege wurde kinne twa stikken fan 'e Shakespeariaanske apokrifa, wêrfan't de taskriuwing oan Shakespeare twifelich is:
Trageedzjes fan Shakespeare op histoaryske basis dy't yn 'e regel net ta de Shakespeariaanske histoaryske stikken rekkene wurde, kinne yndield wurde yn twa espeltsjes. Yn it foarste plak binne der de Romeinske histoaryske stikken:
En oard binne der dan noch twa stikken dy't mei de skiednis fan 'e Britske Eilannen te krijen hawwe, mar folle fierder fan 'e histoaryske wurklikheid ôf steane as de wiere histoaryske stikken fan Shakespeare: