Springe nei ynhâld

Servje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Servië)
Република Србија
Republika Srbija
Flagge fan Servje Wapen fan Servje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Servje
Offisjele taal Servysk
Haadstêd Belgrado
Steatsfoarm Republyk
Gebiet 88.361 km²
Ynwenners 7.041.599↓ (2016)
Munt Servyske Dynar (CSD)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 3 juny Dei fan de Republyk
Tillefoan 381

Servje is in lân op de Balkan. De haadstêd is Belgrado. Servje foarme oant 3 juny 2006 mei Montenegro it steatebûn Servje en Montenegro. Doe't Montenegro him dy dei ûnôfhinklik ferklearre wie Servje formeel it ienichste lid fan de steatebûn. Op 5 juny ferklearre ek Servje him ûnôfhinklik.

Servje wurdt begrinzge troch:

Yn Jeropa leit Servje op it Balkan en op de Pannonyske flakte. It lân leit op in krúspunt tusken Sintraal-Jeropa, Súd-Jeropa en East-Jeropa.

De Donau (2850 km) streamt troch it noardlike diel fan it lân en is yn dit part fan Jeropa 588 km lang. De rivier Sava, dy't ûntspringt yn Sloveenje, mûnet út yn de Donau yn Belgrado. Sechtich kilometer benoarden Belgrado streamt de Tisa rivier yn de Donau en beëiniget har 1350 km lange wei fanút de Oekraïne. De foar in part te befarren rivier Timiş, streamt tagelyk yn de Donau tichtby de Servyske stêd Pančevo. De rivier de Begej (254 km) fermingt him mei de Tisa tichtby it stedsje Titel. Alle fiif rivieren binne te befarren; hja ferbine it lân mei it 'noarden, westen' fan Jeropa (troch middel fan it Ryn-Main-Donau Kanaal mei East-Jeropa (fia de Tisa, Tamis, Begej en Donau - Swarte See rûtes) nei Súd-Jeropa (fia de Sava rivier).

Berchkettens en rivieren yn Servje

Grutte stêden yn Servië binne:

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Servje bestiet út trije regio's:

De trije regio's binne sels ek wêr ûnderferdield yn 31 distrikten en de stêd Belgrado.

Yn de 12e iuw ûntstie it earste Servyske ryk, dat inkele iuwen letter ûnder it Ottomaanske kwint reitsje soe. Pas yn de 19e iuw kaam der in ûnôfhinklik keninkryk Servje dat har nei de Earste Wrâldkriich yn 1918 feriene mei Kroaasje en Sloveenje ta it Keninkryk Jûgoslaavje.

Under lieding fan de kommunistyske parizanelieder Tito ûntstie nei de Twadde Wrâldkriich de Sosjalistyske Bûnsrepublyk Jûgoslaavje. Amper tsien jier nei de dea fan Tito bruts nei de ûnôfhinklikensferklearrings yn 1991 fan Kroaasje en Sloveenje in bloedige boargerkriich út. Letter waarden ek Bosnje, Montenegro en Masedoanje selsstannige steaten. De yn 1999 trochfierde ferdriuwing fan de Albanezen yn Kosovo late ta de Kosovo-oarloch, dêr't Servje it ôflizze moast tsjin de NAVO. Sûnt de grûnwet fan 2003 foarmen Servje en Montenegro tegearre in uny mei in parlemint. Op 3 juny 2006 ferklearre ek Montenegro har ûnôfhinklik sadat Servje as lêst oerbliuwende steat fan de republyk Jûgoslaavje likegoed in ûnôfhinklike steat wurden wie. De offisjele ûnôfhinklikensferklearring fan Servje kaam op 5 juny 2006.

Etnyske groepen yn 2002 (útsein Kosovo)

Na de ôfskeiding troch Montenegro, mei 678.177 (2008) ynwenners, hat Servje in befolking fan 10.159.046 (2008).

Yn Servje wurde ferskate talen sprutsen, wêrûnder Servysk, Albaneesk, Hongaarsk, Roemeensk, Kroatysk, Slowaaksk, Bulgaarsk en Roeteensk. It Servysk is de offisjële taal fan it land; yn Kosovo tegearre mei it Albaneesk en yn Vojvodina mei it Hongaarsk, Roemeensk, Kroatysk, Slowaaksk en Roeteensk.

Servysk is ien fan de standertfarianten fan it Servokroatysk en heart ta de súdlike groep fan de Slavyske talen. It is de offisjële taal fan Servje en Montenegro. De Servyske standerttaal is basearre op it Neoštokavysk dialekt. Yn itt súdeasten fan Servje wirdt ek Torlakysk sprutsen, dat as in Servysk-Bulgaarsk grinsdialekt beskôge wurde kin.

BYP per persoan is $10.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 12,3% lânbou, 24,2% yndustry en 63,5% tsjinsten.

Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje